It riedsel fan Israels skiednis
In keunstich liet. Fan Asaf.
Harkje, myn folk, nei myn learing,
set de earen iepen foar de wurden fan myn mûle.
Ik wol de mûle iepen dwaan foar in riedselspreuk,
ik wol riedsels opjaan fan de foartiid.
Wat wy heard en fernommen hawwe,
wat de foarfaars ús ferhelle hawwe,
dat wolle wy foar har bern net ferswije,
wy ferhelje it oan it kommend geslacht:
de romrofte dieden en de macht fan de Heare,
de wûnders dy’t Er dien hat.
Hy hat oan Jakob in rjochtsregel jûn
en stelde yn Israel in wet.
Hy hat ús foarfaars opdroegen
om it har bern bekend te meitsjen,
dat it kommend geslacht der weet fan krige,
de soannen dy’t har berne wurde soenen,
en dy moasten it dan wer oerbringe oan har bern.
Sa soenen se har fertrouwen op God stelle
en Gods grutte dieden net ferjitte,
mar syn geboaden hâlde.
Sa soenen se net wurde as har foarfaars,
in rebelsk en dwers slach folk,
in skaai mei in wifsinnich hert,
waans geast net trou wie oan God.
De Efraïmiten, dy tûke sjitters,
setten de deis fan ’e oanfal de flecht.
Sy hawwe har net oan Gods ferbûn hâlden
en wegeren neffens syn wil te dwaan.
Se fergeaten syn dieden
en de wûnders dy’t Er har sjen litten hie.
Foar de eagen fan har foarfaars hie Er wûnders dien
yn it lân fan Egypte en Soän.
Hy spjalte de see en brocht har dertroch,
it wetter sette Er as in muorre oerein.
Hy late har mei de wolk oerdeis,
mei in fjoerskynsel de hiele nacht.
Hy spjalte rotsen yn de woestine
en joech har de romte fan wetter.
Ut stiennen liet Er beken rinne
en wetter liet Er streame as rivieren.
Hja hâlden net op mei tsjin Him te sûndigjen,
de Heechste te ferbitterjen yn ’e woestyn.
Yn har hert fergen se God
troch iten te easkjen nei har begear
en tsjin God op te sprekken: Soe God dat kinne,
in tafel reeskikke yn ’e woestyn?
Hy hat de rots wol slein, dat it wetter streamde
en dat der beekjes begûnen te brûzen,
mar is Er by steat om brea te jaan
of syn folk fleis foar te setten?
Doe’t de Heare dat hearde, baarnde syn grime,
syn fjoer lôge op tsjin Jakob,
syn grime stiek op tsjin Israel,
omdat se net op God betrouden,
it net op syn útrêding oankomme lieten.
Lykwols gebea Er it swurk dêrboppe
en de himeldoarren die Er iepen ...
Hy liet it manna op har delreine ta iten
en joech har brea út ’e himel.
It brea foar de ingels ieten de minsken,
Hy joech it har, mear as sêd.
De eastewyn liet Er los út ’e himel,
de sudewyn dreau Er oan mei krêft.
As stof liet Er fleis op har reine,
wjukkeljende fûgels as sân fan ’e seewal.
Hy liet se delkomme midden yn har leger
oeral om har tinten hinne.
Doe ieten se har mear as sêd;
Hy brocht har wat se begearden.
Noch mar amper wienen har begearten foldien,
– se hienen it iten noch yn ’e mûle –
of Gods grime kaam tsjin har omheech.
Guon fan har sterksten die Er de dea
en jongfolk fan Israel sloech Er del.
Mei dat al sûndigen se noch mar wer
en leauden syn wûnderdieden net.
Leech liet Er har dagen foarbygean,
har jierren yn bangens en ûnrêst.
As Er har sloech, dan sochten se Him;
se kearden har om en fregen nei God.
Se tochten oan God, har rots,
God, de Heechste, har Ferlosser...
Mei har mûle lykwols bedroegen se Him
en mei har tonge ferrifelen se Him.
Net fan herten bleauwen se Him tagedien,
se hâlden har net oan syn ferbûn.
Dochs begrutte it Him en Hy skonk har de skuld,
Hy ferdylge har net
en bedimme al mar wer syn grime,
syn folle lilkens liet Er net lôgje.
Hy betocht dat it mar skepsels wienen,
lykas in sucht, dy’t giet en net wer komt.
Hoe faak ferbitteren se Him net yn ’e woestyn,
fergen se Him net yn ’e wyldernis!
Al mar wer dagen se God út
en kamen de Hillige fan Israel te nei.
Se tochten net mear oan syn macht,
oan ’e dei, dat Er har frijkocht fan ’e fijân,
doe’t Er yn Egypte syn tekens die,
syn wûnders yn it fjild fan Soän.
De rivieren dêr feroare Er yn bloed,
de streamen, dat se net mear drinke koenen.
Brimzen stjoerde Er, dy’t har stieken,
en kikkerts, dy’t har alles bedoaren.
Har gewaaks joech Er oer oan ’e kealfretter,
har gemaak oan ’e sprinkhoannen.
De wyndrúf fernielde Er mei hagel,
de moerbei troch de rypkjeld.
Har fee levere Hy út oan ’e hagel,
har bisten oan it himelfjoer.
Syn grime liet Er op har los,
syn ferwoedenens, lilkens en ûnheil,
in rige fan ûngeloksboaden.
Syn grime joech Er frij bod,
har libben sparre Er net foar de dea,
mar Hy joech it priis oan ’e pest:
Al it earstberne yn Egypte sloech Er,
de earsten fan ’e jongerein yn Chams tinten.
Sa hie Er syn folk útlaat as skiep,
as in keppel har fierd troch de wyldernis.
Hy joech har wisse lieding
en bang hoegden se net te wêzen,
want de see hie har fijannen bedutsen.
Hy brocht har nei syn hillich gebiet,
nei de berch dy’t syn rjochterhân wûn hie.
Folken jage Er foar har út,
mei in mjitsnoer ferdielde Er har besit
en liet Israels stammen yn har tinten wenje.
Hja lykwols fergen en ferbitteren God, de Heechste,
en steurden har net oan syn rjochtsregels.
Hja waarden ôffallich en dwers as har foarfaars
en wegeren lykas in bôge dy’t net doocht.
Hja tergen Him mei har offerhichten
en nitelen Him mei har ôfgodsbylden.
Doe’t God dat fernaam, waard Er fergrime
en stjitte Israel fier fan Him ôf.
De tintwenning fan Sjilo woe Er neat mear fan witte,
dy tinte dêr’t Er ûnder minsken wenne.
It bewiis fan syn macht liet Er fuortfiere,
it teken fan syn eare joech Er de fijân yn hannen.
Syn folk levere Hy út oan it swurd
en tsjin syn erfdiel wied Er fergrime.
It fjoer fertarde har jongfeinten
en har jongfammen waarden net besongen.
Har prysters foelen troch it swurd
en har widdowen waard it weekleien ferbean.
Doe waard de Heare wekker as út ’e sliep,
lykas in held, dy’t oerein komt út ’e sûs.
Hy sloech syn fijannen fan achteren,
en in ivige skande joech Er har mei.
Doe ferwurp Er de tinte fan Joazef,
de stamme fan Efraïm naam Er net foar kar.
Hy hâlde it mei de stamme fan Juda
en mei de berch Sion, dy’t Er leaf hie.
Heech boude Er syn hillichdom as de himel
en fêst as de ierde, dy’t Er foar altyd grûndearre.
David keas Er as syn tsjinstfeint,
by de skieppeskuorren helle Er him wei.
Hy liet him achter de skiep weikomme
om hoeder fan syn folk Jakob te wurden,
fan Israel, syn eigendom.
Dy hat har weide mei in tagedien hert
en har laat mei in kundige hân.