God, de iennichste hope
Foar de dirigint. Foar Jedûtûn. In psalm fan David.
Wier, by God bin ik ta rêst kommen,
fan Him kaam myn útrêding.
Wier, Hy is myn rots en rêder,
myn fêsting; ik sil net mear wifkje.
Hoe lang stoarmje jim op dizze man oan,
besykje jim mei-inoar him te fernielen
as in wand dy’t al wykt,
as in muorre dy’t op omfallen stiet.
Hja lizze it derop ta
him fan syn hichte del te stjitten;
se hawwe nocht oan ligen:
mei de mûle segenje se,
mar ynwindich ferflokke se.sela
Wier, by God bin ik ta rêst kommen,
fan Him kaam der hope foar my.
Wier, Hy is myn rots en rêder,
myn fêsting, ik kin net mear wifkje.
Yn God is myn heil en myn eare wis,
myn sterke rots en taflecht is God.
Betrou altyd op Him, o folk,
stoart jimme hert foar Him út;
God is ús in taflecht. sela
Wier, minskebern binne mar in sucht
en grutte lju oars net as skyn.
Op ’e skealjes binne hja te licht,
allegear mei-inoar lichter as lucht.
Sykje it net yn geweld
en ferwachtsje it net fan roverij.
As de rykdom oanwint,
set dêr dan de sinnen net op.
Ienkear hat God sprutsen,
ja, twa dingen haw ik heard: by God is de macht
en by Jo, Hear, is de goede geunst.
Want Jo ferjilde in man
al nei’t er dien hat.