Psalmen 61
Gebed om beskerming foar de kening
1Foar de dirigint. Mei snaarynstruminten. Fan David.
2Harkje, o God, nei myn smeekjen,
jou acht op myn gebed.
3Fan ierdryks einen rop ik om Jo,
wylst myn hert him bejout.
Bring my op ’e rots
dy’t my te heech is.
4Want Jo binne myn taflecht,
in stevich bolwurk tsjin ’e fijân.
5Mocht ik altyd gast wêze yn jo tinte
en skûlje ûnder jo wjukken.
6Want Jo, o God, hawwe myn beloften heard;
dy’t ûntsach hawwe foar jo namme, joegen Jo wat se begearden.
7Fermearderje de dagen fan ’e kening,
meie syn jierren geslachten lang duorje,
8mei er ivich troanje foar Gods antlit,
jou dat genede en trou him hoedzje.
9Dan sil ik jo namme jimmeroan besjonge
en sa myn beloften al den dei neikomme.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap