God is in sterke stins
Foar de dirigint. Foar de Korachiten. Mei hege stimmen. In liet.
God is ús in skûle en ferwar,
in help yn need, dy’t Him fine lit.
Dêrom binne wy net bang, al komt de ierde fan it plak,
al sinke de bergen wei yn it hert fan ’e seeën.
Lit har wetters brûzje en skomje,
lit de bergen skodzje fan ferheardens –
[de Heare Almachtich is mei ús,
de God fan Jakob is ús in sterke stins.]
Der is in hiel oare rivier,
waans streamen de Godsstêd ferbliidzje,
it hillichste wenstee fan de Heechste.
God is yn har fermidden, hja wifket net,
God helpt har as de moarntyd komt.
Folken tjirgje har, keninkriken wankelje,
Hy lit syn stim gean – de ierde raant wei.
De Heare Almachtich is mei ús,
de God fan Jakob is ús in sterke stins.
Kom en oanskôgje de dieden fan de Heare,
dy’t ûntsetting bringt op ’e ierde,
dy’t oarloggen opkeart oan ’e einen fan ’e ierde ta,
de bôge tebrekt en de spear fersplinteret,
de striidweinen yn it fjoer ferbaarnt.
Hâld dan op en wit, dat Ik God bin,
ferheven boppe de folken, ferheven boppe de ierde.
De Heare Almachtich is mei ús,
de God fan Jakob is ús in sterke stins.