By it keningshoulik
Foar de dirigint. Op: Leeljes. Foar de Korachiten. In keunstich liet, in leafdessang.
It hert tilt my fan in skoander boadskip,
ik sil de kening myn gedicht foardrage,
myn tonge is de stift fan in redsum skriuwer.
Treflik, tige treflik binne jo ûnder de minskebern,
leaflikens is jo op ’e lippen getten,
want God hat jo segene foar ivich.
Gurdzje jo swurd oan ’e heupe, o held,
jo heechheid en jo pracht.
Haw heil en ryd moedich út
foar de saak fan wierheid, dimmenens en rjocht;
jo rjochterhân mei fan duchtige dieden witte.
As jo pylken skerpe binne, lizze folken oan jo fuotten,
se meie it hert fan de kening syn fijannen treffe.
Jo troan, o godlike, is foar ivich en altyd,
jo ryksstêf is in rjochtsstêf.
Jo hâlde fan gerjochtichheid en haatsje it kwea.
Dêrom, godlike, hat God jo dan ek salve
mei freugde-oalje boppe jo gelikens.
Al jo klean binne kleare mirre, aloé en kassia;
muzyk út ivoaren paleizen makket jo bliid.
Koningsdochters binne yn jo harem,
de keninginne stiet oan jo rjochterhân yn Ofirgoud.
Harkje, fanke, sjoch en hâld dyn eagen iepen;
ferjit dyn folk en dyn heite hûs.
Lit de kening dyn leaflikens begeare,
want hy is dyn hear: fal foar him del.
En, dochter fan Tyrus, mei geskinken
sille de ryksten út it folk dyn geunst sykje.
Ien en al pracht is dy keningsdochter,
mei goud benaaid is har habyt.
Yn kleurige klean moat se by de kening komme,
jongfammen as selskip achter har,
sa wurde se nei jo tabrocht.
Se wurde brocht mei blydskip en jubel
en komme yn it paleis fan ’e kening.
Op it stee fan jo foarfaars steane skielk jo soannen,
ta foarsten sille jo se oanstelle it hiele lân oer.
Ik sil jo namme fernije fan âlder op âlder;
dêrtroch sille de folken jo ivich en altyd priizje.