Feilich yn alle need
1Foar de dirigint. In Davidspsalm.
2Heare, by Jo haw ik taflecht socht,
lit my noait wer foar skande stean;
rêd my troch my rjocht te dwaan.
3Hâld it ear nei my,
bring my mei gauwens befrijing,
wês myn beskermjende rots,
in berchfesting om my te rêden.
4Want myn rots en festing binne Jo.
Om jo namme, Heare,
wol my liede en weidzje.
5Wol my út it net weihelje
dat se temûk foar my spand hienen,
want Jo binne myn skûle.
6Yn jo hân betrou ik myn libben,
Jo keapje my frij, Heare, trouwe God.
7Jo haatsje ferearders fan neatige ôfgoaden,
mar ik hâld it op de Heare.
8Ik wol jûchje en bliid wêze om ’e geunst,
dat Jo nei myn ellinde omseagen,
myn need achtsloegen
9en my net oan myn fijannen útleveren,
mar myn fuotten de romte joegen.
10Wês my tewille, Heare, want ik bin yn need,
myn each is flau fan fertriet,
11myn libben ferkwynt fan kommer,
myn libbensjierren fergeane yn suchtsjen;
fan ellinde bejout my de krêft,
de hiele lea is my stikken.
12Al myn tsjinstanners húnje my no,
myn buorlju bin ik in reden ta skodholjen,
en myn goekunden in ôfgriis;
wa’t my bûten sjocht, rint by my wei,
13ik reitsje yn ’t ferjit as in deade,
ik bin as in ferwurden stik ark.
14Want ik hear gâns minsken mûskopjen
– in ferskrikking oan alle kanten –
se briede plannen tsjin my út
en binne fan doel my it libben te benimmen.
15Dochs hâld ik it op Jo, Heare,
en ik tink mar: Myn God binne Jo.
16Myn takomst leit yn jo hân,
rêd my út ’e macht fan myn fijannen en ferfolgers.
17Lit jo antlit oer jo tsjinner ljochtsje,
jou my útrêding troch jo geunst.
18Lit my net foar skande stean, Heare, as ik rop;
lit har foar skande stean, dy’t ferkeard binne,
lit har ferstomje yn it deaderyk.
19Lis de ligers it swijen op,
dy’t opsprekke tsjin ’e rjochtfeardige,
heechmoedich en ferachtlik.
20Hoe grut is de goedens
dy’t Jo minsken tatocht hawwe
dy’t ûntsach hawwe foar Jo
en dy’t Jo iepenbier makke hawwe foar har
dy’t taflecht by Jo sykje.
21Jo ferbergje har yn ’e skûle fan jo oanwêzigens
tsjin ’e laster fan ’e minsken.
Jo jouwe har beskûl yn in hutte
tsjin de oanfallen fan ’e tonge.
22Heech te priizjen is de Heare,
want Hy hat wûndere goedgeunstich west
yn de tiid fan ’e benearing.
23Al tocht ik yn myn mismoed:
Ik bin weiband út syn eachweid,
Jo harken nei myn lûd smeekjen,
doe’t ik oan Jo rôp.
24Hâld it mei de Heare, jimme geunstlingen allegearre.
De Heare is in hoeder foar dy’t Him trou binne,
mar sweeslaggers jout Er dûbeld-en-dwars har lean.
25Stean sterk en lit jim hert wis wêze,
jim allegear dy’t op de Heare hoopje.