Tankliet nei genezing
1In psalm. In liet by de timpelwijing. Fan David.
2Heech wol ik Jo sette, Heare,
want Jo hawwe my omheechhelle;
Jo gunden myn fijannen gjin wille om my.
3Heare, myn God, oan Jo rôp ik om help,
en Jo hawwe my better makke.
4O Heare, Jo lieten my út it deaderyk ferrize,
Jo joegen my it libben, doe’t ik yn it grêf sonk.
5Sjong de Heare in liet, jimme, syn geunstlingen,
loovje syn hillige namme.
6Want ien eachwink duorret syn grime,
mar in libben lang syn geunst;
de jûns giet it skriemen de nacht yn,
mar de oare moarns is der gejubel.
7Yn myn soargeleazens tocht ik:
Noait sil ik wifkje, o nee.
8Troch jo geunst wie myn berch wol fêstset, Heare,
mar doe’t Jo my de rêch takearden,
wie ik myn rie te’n ein.
9Oan Jo, Heare, rôp ik
en ik frege myn Hear om genede:
10Wat winst hawwe Jo fan myn dea,
as ik delsink djip yn it grêf?
Kin stof Jo soms loovje,
kin dat soms fertelle fan jo trou?
11Heare, harkje en jou my genede,
wês Jo my, Heare, in helper.
12Jo hawwe myn kleien yn dûnsjen feroare,
Jo hawwe my de rouklean útlutsen
en mei freugde my begurde.
13Dat, no sjong ik Jo fan herten myn psalmen
en hâld der net wer mei op.
Heare, myn God,
ivich sil ik Jo loovje!