Psalmen 149
Wraak oefenje
1Halleluja.
Sjong foar de Heare in nij liet,
syn lof yn ’e gemeente fan syn geunstelingen.
2Lit Israel bliid wêze om syn Skepper,
lit de bern fan Sion jubelje om har Kening.
3Lit har syn namme huldigje mei dûnsjen,
lit har by tromme en liere foar Him psalmsjonge.
4Want de Heare hat tige mei syn folk op,
Hy kroanet de ellindigen mei de oerwinning.
5Lit de geunstelingen jubelje yn gloarje,
lit har jubelje yn har legerkampen,
6de mûle fol fan Gods lofprizingen
en in twasnedich wapen yn ’e hân.
7Wraak oefenje ûnder de folken,
ferjilding ûnder de naasjes,
8har keningen mei kettings bine,
har foarname lju mei izeren boeiens,
9it beskreaune fonnis oan har útfiere –
dat is de eare foar al syn geunstelingen.
Halleluja.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap