Hulde oan de Heare
1Halleluja.
Loovje de Heare út de himel wei,
loovje Him yn ’e hichte,
2loovje Him, al syn ingels,
loovje Him, al syn legers,
3loovje Him, sinne en moanne,
loovje Him, alle ljochtsjende stjerren,
4loovje Him, boppeste himel
en jimme, wetters boppe de himel:
5hja moatte de namme fan de Heare loovje,
want op syn befel binne se skepen;
6Hy joech har foar altyd en ivich it bestean
en brocht har yn in baan dy’t Er net wer feroaret.
7Loovje de Heare ek fan de ierde ôf,
jimme, seemeunsters en alle djipten,
8fjoer en hagel, snie en dize,
do, stoarmwyn dy’t syn wil folbringt,
9jimme, bergen en alle heuvels,
fruchtbeammen en alle seders,
10jimme, wyldguod en alle fee yn keppels,
al wat krûpt en al wat fljocht,
11jimme, keningen fan ’e ierde en alle folken,
foarsten en rjochters op ierde,
12jimme, jongfeinten en jongfammen,
de âlderein mei de jongerein;
13hja moatte de namme fan de Heare loovje,
want syn namme is allinnich ferheven
en syn majesteit is boppe himel en ierde.
14Hy liet de macht fan syn folk oanwinne,
Hy joech al syn geunstelingen in lofsang,
oan de bern fan Israel,
oan it folk dat Him neistiet.
Halleluja.