Sa is der gjin oar folk
Halleluja.
Wat is it goed te psalmsjongen foar ús God,
wat is it hearlik in lofliet yn te setten.
De Heare bout Jeruzalem wer op,
Hy bringt Israels ferdreaunen wer by elkoar.
Hy genêst de brutsenen fan hert
en Hy ferbynt har wûnen.
Hy stelt it tal fan ’e stjerren fêst
en Hy neamt se allegearre by de namme.
Grut is de Heare en fol krêft,
syn wysheid is gjin ein fan.
De Heare helpt delbûgden oerein
en fernederet de sûnders oan ’e grûn ta.
Sjong de Heare in lofliet,
psalmsjong foar ús God op ’e liere;
foar Him, dy’t de himel mei wolken bedekt,
dy’t de rein reemakket foar de ierde,
dy’t gers útsprute lit op ’e bergen,
dy’t it fee har foer beskikt,
de jonge ravens jout, wêr’t se om roppe.
De krêft fan hynders is by Him gjin tel,
de skonken fan in man slacht Er net heech oan.
Mar wol hat de Heare heech, dy’t ûntsach foar Him ha
en dy’t útsjogge nei syn geunst.
Ferhearlikje de Heare, Jeruzalem,
priizje dyn God, o Sion.
Want Hy fersterket de skoattels op dyn poarten
en Hy segent dyn soannen yn dyn fermidden.
Hy beskikt dyn kontreien wolfeart,
fette weet jout Er dy by de rûs.
Hy stjoert syn befel nei de ierde
en rêd fljocht syn wurd dêrhinne.
Hy beskikt de snie as wie it wol,
Hy struit de rym út as jiske.
Hy smyt syn iis by brokken del.
Wa kin syn kjeld ferneare?
Hy stjoert syn wurd en lit it teie,
Hy lit syn wyn waaie en it wetter rint wer.
Hy ferkundiget Jakob syn wurd,
syn foarskriften en útspraken oan Israel.
Gjin inkeld folk hat Er sa mei dien,
syn rjochtsregels witte de oaren net fan.
Halleluja.