De God fan de skiednis
1Tankje de Heare! Rop syn namme út!
Meitsje ûnder de folken syn dieden bekend.
2Sjong foar Him. Psalmsjong foar Him.
Sprek fan al syn wûnderdieden.
3Romje syn hillige namme.
Lit dy’t de Heare sykje, fan herten bliid wêze.
4Freegje nei de Heare en syn macht,
sykje oanienwei om syn geunst.
5Tink oan ’e wûnders dy’t Hy dien hat,
oan syn wûndertekens en de rjochtsútspraken,
6jimme, neiteam fan syn tsjinstfeint Abraham,
bern fan Jakob, syn útferkarde.
7Hy, de Heare, is ús God.
Yn ’e hiele wrâld jilde syn oardielen.
8Hy tinkt ivich oan syn ferbûn werom,
oan ’e opdracht dy’t Hy jûn hat oan tûzen geslachten,
9it ferbûn dat Er mei Abraham sletten hat,
de eed dy’t Er Izaäk swarde.
10Hy makke der foar Jakob in foarskrift fan,
foar Israel in ivich ferbûn.
11Hy sei: Dij wol Ik it lân Kanaän jaan,
Ik wiis it jim as erfskip ta.
12Doe’t hja noch minmachtich wienen,
mar in pear minsken en frjemden yn dat lân,
13doe’t se swalken fan it iene folk nei it oare,
fan it iene ryk nei de oare stamme,
14stie Er nimmen ta om har te knoeien.
Hy warskôge keningen om har en sei:
15Kom myn salvlingen net te nei
en doch myn profeten gjin kwea!
16Doe rôp Er de honger yn it lân
en ûntnaam har alle brea.
17Hy stjoerde lykwols in man foar har út:
Joazef waard as slaaf ferkocht.
18Se sloegen syn fuotten yn it blok
en setten him fêst yn ’e izers,
19oant de tiid dat it wurd fan de Heare útkaam
en syn sizzen wierheid waard.
20De kening liet him doe losmeitsje,
de hearsker oer de folken liet him frij.
21Hy stelde him oan as hear oer syn hûs
en as behearder fan al syn besit,
22en joech him frij syn foarsten te plak te setten
en syn âldsten wysheid te learen.
23Sa kaam Israel yn Egypte,
Jakob as gast yn it lân fan Cham.
24God makke it folk tige fruchtber
en mear mânsk as syn benearders.
25Hy brocht de Egyptners derta syn folk te haatsjen
en falsk mei syn tsjinners om te gean.
26Doe stjoerde Er syn tsjinstfeint Mozes
en Aäron, dy’t Er útkard hie.
27Dy dienen tekens dy’t har foarsein wienen,
en wûnders yn it lân fan Cham.
28Hy stjoerde tsjusternis en makke it nacht,
mar hja sloegen syn wurden gjin acht.
29Hy feroare har wetter yn bloed
en liet har fiskeguod stjerre.
30Har lân tilde op fan ’e kikkerts,
dy kamen yn de kening syn keamer.
31Hy spriek – dêr kamen de brimzen,
muskiten op har hiele gebiet.
32Hy joech har hagel ynpleats fan rein
en it lôgjende fjoer yn it lân.
33Hy sloech har wyngerts en figen,
tebriek de beammen op har gebiet.
34Hy spriek – dêr kamen de sprinkhoannen,
dy kealfretters sûnder tal.
35Se frieten alle grien fan it lân,
se frieten alle frucht fan har grûn.
36Al it earstberne yn har lân sloech Er,
de earstelingen fan har libbenskrêft.
37Mar doe fierde Er Israel út mei sulver en goud,
by har stammen stroffele gjin ien.
38Egypte wie bliid, dat se fuortteagen,
want de skrik foar har siet der no yn.
39Hy sprate in wolk út as in skerm,
makke fjoer om de nacht te ferljochtsjen.
40Se fregen – dêr brocht Er kwartels,
fan himelbrea joech Er har sêd.
41Hy iepene de rots – wetter floeide,
it rûn troch de droechte as in stream.
42Want Hy tocht oan syn hillige belofte
dy’t Er syn tsjinstfeint Abraham dien hie.
43Sa fierde Er syn folk út mei blydskip,
syn útkarden mei grutte jubel.
44Hy joech har de lannen fan de heidenen
en se namen it gemaak fan ’e folken,
45dat se syn foarskriften hâlde soenen
en syn wet yn acht nimme.
Halleluja!