Grut is de skepper
1Lit al wat yn my is de Heare loovje.
Heare, myn God, wat binne Jo grut,
beklaaid mei glâns en gloarje.
2Jo binne it, dy’t it ljocht as in mantel omslacht
en dy’t de himel útspant as in tinte,
3dy’t Him op wetter ferwulven bout,
dy’t Him fan wolkens in wein makket,
dy’t fuortstrûst op ’e wjokken fan ’e wyn,
4dy’t fan winen syn boaden makket,
en fan lôgjende flammen syn tsjinners.
5Hy hat de ierde op har pylders set,
yn der ivichheid wifket dy net.
6De oaseäan hat Er as mei in kleed bedutsen,
it wetter stie boppe de bergen,
7foar jo drigemint is it op ’e flecht gien,
foar jo tongerstim moast it wike.
8Dêr riisden de bergen en sonken de dellingen
nei it plak, dat Jo foar har útornearren.
9Jo hawwe it wetter in grins set, dêr’t it net oerhinne komt,
nea komt it werom om de ierde te bedekken.
10Yn ’e dellingen litte Jo har welwetter opwâlje:
dêr streamt it tusken de bergen troch,
11alle wyldguod drinkt derfan,
de wâldezels ferslane har toarst dermei
12en oan ’e wetterkant wenje de fûgels;
tusken de twigen wei jouwe se lûd.
13Jo boarne de bergen út jo ferwulven,
fan ’e frucht fan jo wurken krijt de ierde sêd.
14It gers litte Jo útsprute foar it fee,
it nôt foar de minsken, dy’t it bewurkje moatte
om brea út ’e grûn te winnen;
15en wyn, dy’t it minskehert opfleuret,
de oalje, dy’t it gesicht glânzje lit,
en it iten, dat it minskehert sterket.
16De beammen fan ’e Heare drinke har sêd,
de Libanonseders, dy’t Hy plante hat.
17Dêr hawwe de fûgels har nêst,
yn ’e krunen fynt de eibert syn went.
18De hege bergen binne foar de stienbokken
en de klipdassen hawwe de rotsen as skûlplak.
19Jo hawwe de moanne makke om tiden oan te jaan
en de sinne wit syn tiid fan ûndergean.
20As Jo it tsjuster meitsje en it wurdt nacht,
dan wart him al wat libbet yn ’e bosk.
21De jonge liuwen âlje om bút,
sa freegje se har iten fan God.
22As de sinne opkomt, dan jouwe se har ôf
en legerje har yn har hoalen.
23Dan giet de minske nei it wurk
en nei syn bedriuw, oan ’e jûn ta.
24Wat binne jo wurken machtich, Heare.
Jo folbringe se allegearre yn wysheid.
De ierde is fol fan jo rykdom.
25Dêr is de see, sa wiid en sa breed,
sûnder ophâlden tilt it dêr
fan bisten, lyts en grut.
26Dêr farre de skippen,
de Leviatan is dêr, dy’t Jo makke hawwe
om dermei te boartsjen.
27Dy allegearre ferwachtsje fan Jo,
dat Jo har iten jouwe op ’e tiid.
28As Jo it har jouwe, dan nimme se it,
as Jo de hân iepen hâlde, wurde se sêd fan it goede.
29Mar sjogge Jo der net mear nei, dan ferkomme se,
en ûntnimme Jo har de siken, dan stjerre se
en wurde wer it stof dat se wienen.
30As Jo jo libbensgeast stjoere, dan wurde se skepen:
sa fernije Jo it oerflak fan ’e ierde.
31Lit de gloarje fan ’e Heare yn ivichheid wêze,
lit de Heare him fermeitsje yn syn wurken.
32As Hy nei de ierde sjocht, bevet dy,
as Hy de bergen mar oanroert, rikje se.
33Ik wol foar de Heare sjonge, salang’t ik libje,
ik wol foar myn God psalmsjonge, salang’t ik der bin.
34O, mocht myn dichtsjen Him oanstean.
Iksels, ik ferbliidzje my yn ’e Heare.
35De sûnders moatte fan ’e ierde ôf
en de kweaminsken mei net ien fan oerbliuwe!
Loovje de Heare, al wat yn my is. Halleluja!