Psalmen 1
IT EARSTE BOEK: Psalm 1 – 41
De twa wegen
1Hoe gelokkich is de man
dy’t op ’e rie fan ’e ferkearden net yngiet,
op ’e wei fan ’e sûnders net stean bliuwt,
yn ’e gearsit fan ’e spotters gjin sit nimt,
2mar langst hat nei de wet fan de Heare
en dêroer mimert by nacht en by dei.
3Hy is as in beam, oan wetterstreamen plante,
dy’t syn frucht jout op ’e tiid,
dêr’t it grien net fan ferwylget.
Alles wat er docht, bedijt.
4Sa net de ferkearden, o nee.
Dy binne as tsjêf dat op ’e wyn ferwaait.
5Dêrom kinne de ferkearden it net hâlde foar it rjocht,
de sûnders net yn ’e rûnte fan ’e rjochtfeardigen.
6Want de Heare stiet noed foar de wei fan ’e rjochtfeardigen,
mar de wei fan ’e ferkearden rint dea.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap