Job lûkt syn wurden yn
1Doe joech Job de Heare as antwurd:
2Ik haw ynsjoen, dat Jo alles yn ’e macht hawwe
en dat gjin foarnimmen fan Jo mislearje kin.
3Wa is dat, dy’t it godlik oerlis dizich makket,
wylst er sûnder ynsjoch is?
O, ik haw op ’e tekst west as in ûnferstân!
It is foar my te wûnderbaarlik, ik kin ’t net witte!
4Harkje dochs, no soe ’k wat sizze wolle;
wat freegje, en dan bringe Jo it my by.
5Ik koe Jo allinne fan hearren en sizzen,
mar no haw ik Jo mei eigen eagen sjoen.
6Dêrom smyt ik fier wei wat ik sein haw,
ik doch boete yn stof en jiske.
Job krijt gelyk foar syn freonen oer
7Doe’t de Heare Job sa te wurd west hie, sei Er tsjin de Temanyt Elifaz: Myn grime is oplôge tsjin dy en dyn beide freonen, want jimme hawwe net goed oer My sprutsen en myn feint Job al. 8Helje no dan sân bollen en sân rammen, gean nei myn feint Job ta en bring dêr foar jimme sels in brânoffer. En lit myn feint Job dan foar jimme bidde, want allinne him nim Ik yn geunst oan. Dan sil Ik jimme gjin slimme dingen oandwaan. Want jimme hawwe net goed oer My sprutsen en myn feint Job al. 9Doe gongen de Temanyt Elifaz, de Sjûchyt Bildad en de Naämatyt Sofar hinne en dienen lykas God de Heare sprutsen hie en de Heare seach yn geunst nei Job om. 10Doe’t Job foar syn freonen bidden hie, brocht de Heare in omkear yn it lot fan Job en de Heare joech Job alles wat er hân hie, dûbeld wer. 11En alle bruorren en susters dy’t er hie, en al syn kunde kamen by him yn ’e hûs te iten. Hja toanden har meilibjen en treasten him fanwegen al it kwea dat de Heare oer him brocht hie; doe joegen se him elk in stik jild en in gouden earring. 12De Heare segene Job neitiid noch mear as yn it begjin: hy krige 14.000 skiep, 6.000 kamielen, 1.000 jok kij en 1.000 ezelinnen. 13En it kaam sa, dat er sân soannen en trije dochters krige. 14De earste neamde er Jemima – Doke, de twadde Kezia – Kanielblom, de tredde Kêren-Happûk – Eachwille. 15Yn it hiele lân wienen gjin kreazer dochters te finen as dy fan Job en har heit liet har ervje mei har bruorren. 16Job libbe neitiid noch hûndertenfjirtich jier en hy seach syn bern en bernsbern noch oant it fjirde geslacht. 17Doe stoar Job, heech op jierren en woltefreden.