Mar ek frouwe Wysheid ropt
Hark, de Wysheid ropt,
it ynsjoch oppenearret him,
boppe op ’e hichten njonken de wei,
op it krúspunt fan ’e paden stiet se,
njonken de poarten by de yngong fan ’e stêd,
op ’e tagongswegen ropt se it út:
‘Oan jimme, mannen, rop ik
en myn lûd giet út nei de minskebern.
O, ûnferstannigen, wurd dochs wizer,
en jimme, dwazen, brûk jim ferstân.
Harkje, want ik sis treflike dingen,
en wat my oer de lippen komt, is rjocht.
Want myn ferwulft sprekt allinne mar wierheid
en ferkeardens hawwe myn lippen in ôfgriis fan;
gerjochtichheid is al wat ik sis
en der is neat gjin bryks of ferkeards by;
foar ferstannigen is it allegear rjocht,
foar dy’t kennis hawwe, is it allegear wier.
Nim myn tucht oan yn it plak fan sulver
en kies leaver kennis as it suverste goud.
Want wysheid is kostberder as kralen
en neat begearliks komt dêr oan ta.
Ik, de Wysheid, bin fertroud mei it oerlis,
ik haw hoedenens en kennis ta myn foldwaan.
Untsach foar de Heare betsjut: it kweade haatsje;
grutskens, heechmoed en de ferkearde wei;
ek in mûle fol draaierij haatsje ik.
Ik kin jimme bystean mei rie en die,
ik bin it ynsjoch, by my is de sterkte;
fan my hawwe de keningen har keningsmacht
en troch my bestelle de machthawwers it rjocht.
Troch my regearje de regearders,
de eallju en alle rjochtfeardige rjochters.
Ik haw leaf dy’t my leafhawwe
en dy’t my mei ynmoed sykje, dy fine my.
Rykdom en oansjen binne by my,
in ûnferfrjemdber besit en in fleurich bestean.
Myn fruchten binne better as it suverste goud,
myn opbringst is mear wurdich as sulver.
Ik gean op ’e wei fan ’e gerjochtichheid,
midden op ’e paden fan it rjocht;
sa bring ik har dy’t my leafhawwe, rykdom
en meitsje har skatkeamers fol.
De Heare hat my skepen as it begjin fan syn dwaan,
as earste fan syn wurken, lang ferlyn.
Fan ivichheid ôf haw ik foarm krigen,
yn in earste begjin, ear’t de ierde der wie.
Ik bin berne, doe’t der noch gjin wetterdjipten wienen,
gjin fonteinen, ryk oan wetter;
ear’t de bergen delset wienen,
fier foar de heuvels bin ik berne;
doe’t Er it lân en de fjilden noch net makke hie,
noch it earste stofdieltsje fan ’e ierde;
doe’t Er de himel reemakke, wie ik derby,
doe’t Er op it wetterflak in sirkel ritste;
doe’t Er de wolken boppe fêst makke
en de boarnen fan ’e oaseänen oan bannen lei;
doe’t Er de see har grinzen stelde,
dat it wetter syn gebod net te bûten gean soe,
doe’t Er de fûneminten fan ’e ierde útmeat –
doe wie ik by him as syn leavlingsbern,
ik wie syn wille dei oan dei,
wylst ik boarte foar syn antlit,
fleurich boarte op it rûn fan ’e ierde
en oan ’e minskebern myn wille hie.
No dan, soannen, harkje nei my,
lokkich binne dy’t har hâlde oan myn wegen.
Harkje nei tucht, dat jim wiis wurde meie
en slach dy net yn ’e wyn.
Lokkich de minske, dy’t nei my heart,
dy’t wacht hâldt by myn doarren
en it each hâldt op ’e posten fan myn doar.
Want dy’t my fynt, hat it libben fûn
en de geunst wûn by de Heare.
Mar dy’t my misrint, skeint syn eigen libben;
al wa’t my hatet, dy hat de dea leaf.’