Hoe’t in man yn ’e falle rint
1Myn soan, jou acht op wat ik sis
en bergje myn geboaden feilich op,
2bewarje myn geboaden, datsto libje meist,
en myn ûnderrjocht as de apel fan dyn each,
3byn se oan dyn fingers,
skriuw se op ’e tafel fan dyn hert,
4sis tsjin ’e wysheid: ‘Myn suster bisto,’
en neam it ynsjoch dyn fertrouweling;
5se sille dy hoedzje foar de frjemde frou,
foar de ûnbekende mei har flaaikjende wurden.
6Want thús digere ik troch it finster
en seach út troch de traaljes,
7dêr seach ik by de ûnbedreaunen
en ûntdiek by de jongfeinten
in knaap sûnder ferstân.
8Hy rûn op ’e strjitte fuortby har hoeke
en stapte de kant út nei har hûs,
9yn ’e skimer, yn it jûnskoft fan ’e dei,
by it begjin fan ’e nacht en it tsjuster.
10En sjoch, dêr kaam dy frou him al temjitte,
optoaid as in hoer en it hert fol aventoer.
11Lûdroftich wie se en brutaal,
har fuotten koenen it yn ’e hûs net úthâlde;
12no ris wie se op ’e strjitte, dan wer op ’e pleinen
en op elke hoeke stie se te loeren.
13Hja pakte him beet en tute him
en drystwei sei se tsjin him:
14‘Mienskipsoffers moast ik bringe
en hjoed haw ik myn beloften foldien;
15dêrom bin ik derop útgien, dij yn ’e mjitte,
om dy te sykjen en no haw ik dy fûn.
16Mei tekkens haw ik myn bêd opmakke
en mei lekkens fan Egyptysk linnen,
17ik haw myn leger mei mirre besprinkele,
mei aloé en kaniel.
18Kom, lit ús dronken wurde fan leafde oan ’e moarntiid ta,
ús berûzje oan leafdeswille.
19Want myn man is net thús,
hy is op reis nei in fier lân,
20de jildponge hat er meinommen
en mei folle moanne komt er pas wer thús.’
21Mei al sokke moaie wurden helle se him oer
en troch har glêde lippen krige se him mei.
22Doe rûn dy sokses achter har oan
as in okse dy’t nei de slachtbank giet,
as in hart dat yn it fangnet rint,
23as in fûgel, dy’t yn it klapnet fljocht,
oant in pylk him de lever spjaltet;
hy wist net, dat it om syn libben gong.
24No dan, soannen, harkje nei my,
jou acht op ’e wurden dy’t ik sis.
25Lit dyn hert net ôfwike nei har wegen
en ferdwaal net op har paden,
26want gâns slachtoffers hat se makke
en wat hat se al in soad fermoarde.
27Har hûs betsjut de wei nei it deaderyk,
dy’t delrint nei de keamers fan ’e dea.