Wysheid betsjut winst
1Harkje, soannen, as jim heit jim te plak set
en wês opmerksum om ynsjoch te krijen,
2want ik jou jim goede learing,
ferlit myn ûnderrjocht net.
3Want doe’t ik noch by ús heit-en-dy thús wie,
tige jong en iennichst bern by ús mem,
4doe sei er yn syn ûnderrjocht tsjin my:
Lit dyn hert myn wurden fêsthâlde,
bewarje myn geboaden, datsto libje meist.
5Besykje wysheid en ynsjoch te winnen,
ferjit se net en wyk net ôf fan wat myn mûle seit.
6Ferlit de wysheid net, dan sil se dij bewarje,
haw har leaf, dan sil se dij behoedzje.
7It foarnaamste is wysheid: Win wysheid
en ynsjoch, al kostet it dy ek in fermogen.
8Hâld har heech, dan sil se dy omheech bringe;
asto har yn ’e earmen nimst, dan bringt se dy ta eare,
9se set dy in leaflike krânse op ’e holle,
se jout dy in kostbre kroan.
It ljochte paad fan ’e wysheid
10Harkje, myn soan, en nim myn wurden oan,
dan sille dyn libbensjierren fermearderje.
11Ik ûnderrjochtsje dy yn ’e wei fan ’e wysheid,
ik lit dy rjochte spoaren lâns gean.
12Under it gean wurdt dyn trêd net behindere
en asto hurd rinst, silsto net stroffelje.
13Hâld dy oan ’e tucht, lit net los,
hâld har beet, want it is dyn libben.
14Kom net op it paad fan’e sûnders,
rin net op ’e wei fan ’e kweaminsken,
15mij dy, gean dêr net lâns,
wyk derfan ôf en gean foarby.
16Want se kinne der net fan sliepe,
as se gjin kwea dien hawwe;
se krije gjin wink yn ’e eagen,
as se net ien stroffelje litten hawwe.
17Want se ite it brea fan ’e misdied
en drinke de wyn fan it geweld.
18Mar it paad fan ’e rjochtfeardigen is as it moarntydsljocht,
dat geandewei helderder wurdt oant it middei is.
19Mar de wei fan ’e ferkearden is djippe tsjusternis,
hja witte net, wêr’t se oer komme te stroffeljen.
De fêste koerts
20Myn soan, jou acht op myn wurden,
hâld dyn ear nei myn útspraken,
21lit se net út dyn eagen,
bewarje se djip yn dyn hert,
22want se binne it libben foar wa’t se fynt,
en sûnens foar syn hiele lichem.
23Hoedzje boppe alles dyn hert,
want alle libbensuteringen komme dêrút op.
24Ban de leagen bûten dyn mûle
en hâld de falskens fier fan dyn lippen.
25Dyn eagen moatte rjocht nei foaren sjen
en lit dyn eachopslach rjochtút wêze.
26Tink derom, hokker paad dyn foet giet,
en litte al dyn wegen wis wêze;
27bûch net ôf nei rjochts of nei links,
hâld dyn foet fier fan it kweade.