Wysheid en godsfrucht
1Myn soan, ferjit myn ûnderrjocht net
en bewarje myn geboaden yn dyn hert,
2want langte fan dagen en jierren fan libben
en in fleurich bestean sille se dy bringe.
3Lit leafde en trou dy net ferlitte;
byn se dy om ’e hals
en skriuw se op ’e tafel fan dyn hert,
4dan silsto geunst en byfal fine
yn ’e eagen fan God en de minsken.
5Betrou op ’e Heare mei dyn hiele hert
en gean net te seil op eigen ynsjoch.
6Tink oan Him op al dyn wegen,
dan sil Er dyn paad sljocht meitsje.
7Wês net wiis yn eigen eagen,
haw ûntsach foar de Heare en mij it kwea.
8Sûnens sil it foar dyn lichem wêze
en in ferkwikking foar dyn gestel.
9Earje de Heare mei dyn besit
en mei de earste fruchten fan al dyn ynkomsten,
10dan sille dyn skuorren fol wurde mei nôt
en dyn kûpen oerrinne fan druvesop.
11Myn soan, ferachtsje de tucht fan ’e Heare net
en lit syn kastijing dy net tsjin wêze,
12want de Heare kastijt, dy’t Er leafhat,
as in heit de soan dêr’t er fan hâldt.
Wearde fan ’e wysheid
13Lokkich de man dy’t wysheid fynt,
de minske dy’t ynsjoch kriget,
14want men kin der mear mei as mei sulver
en it bringt mear op as goud;
15wysheid is kostberder as kralen
en watsto ek begearst, dêr komt it lang net oan ta;
16langte fan dagen hat se yn ’e rjochterhân,
rykdom en eare yn ’e linker.
17Har wegen binne leaflik
en har paden betsjutte in fleurich bestean;
18hja is in libbensbeam foar dy’t dernei grypt
en dy’t har fêsthâldt, dy hat it dermei troffen.
19Troch wysheid hat de Heare de ierde grûndearre
en troch ynsjoch de himel fêstichheid jûn;
20troch syn ferstân binne de oerwetters spjalte
en litte de wolken daudrippen falle.
21Myn soan, bewarje oerlis en hoedenens
en lit se net út dyn eagen,
22dan sille se it libben foar dyn siele wêze
en foar dyn hals in sierkeatting;
23dan giesto feilich dyn wei
en dyn foet silsto nearne oan stjitte.
24Asto sitten giest, wurdst net ferjage,
ast dy deljoust, silst rêstich sliepe.
25Wês net bang foar in ûnferwachte ferskrikking
of foar in stoarm, dy’t oer de sûnders raast,
26want de Heare is dyn taflecht,
Hy hoedet dyn foet foar de ferriederlike strûp.
Fermoanning en warskôging
27Wegerje it goede net oan wa’t der ferlet fan hat,
as it dy mooglik is om it him te jaan.
28Sis tsjin dyn neiste net: ‘Gean fuort en kom marris wer,
moarn sil ik it dy jaan,’ – asto it hjoed wol hast.
29Betink gjin kwea tsjin dyn neiste,
as er fol fertrouwen njonken dy wennet.
30Sykje gjin rûzje sûnder reden
mei ien dy’t dij neat dien hat.
31Wês net oergeunstich op in man, dy’t it geweld allinnich hat,
en kies net ien fan syn wegen,
32want de Heare hat in wearze fan ferkearde minsken,
mar de rjochtskepene hâldt Er mienskip mei.
33Der leit in flok fan de Heare oer it hûs fan ’e sûnder,
mar Hy segent de wente fan ’e rjochtfeardigen.
34As Er mei spotters te krijen hat, hat Er de gek mei har,
mar needrigen skinkt Er genede.
35De wizen sille eare behelje,
mar dwazen meitsje harsels te skande.