1Ien dy’t faak warskôge is, mar it net leauwe wol,
brekt ynienen de fuotten en fynt gjin betterskip.
2As de rjochtfeardigen oanwinne, is it folk bliid,
mar as in ferkeardenien baas is, suchtet it folk.
3Ien dy’t fan wysheid hâldt, makket syn heit bliid,
mar dy’t mei huorren omslacht, fergriemt syn besit.
4Troch rjocht hâldt in kening it lân oerein,
mar mei swiere belestingen helpt er it de grûn yn.
5Ien dy’t fluensk mei syn neiste omgiet,
set in fangnet út, dêr’t er ynrint.
6Foar in ferkeardenien is der in falkûle op ’e wei,
mar de rjochtfeardige rint mar raak en is bliid.
7De saak fan ’e earmen giet de rjochtfeardige oan it hert,
mar de ferkearde minske hat der gjin gefoel foar.
8Spotters bringe in stêd yn ûnstjoer,
mar wize minsken bêdzje de grime del.
9As in wiis man mei in dwaas yn ’e pleit giet,
barst de lêste út fan laitsjen en hy kin net wer ophâlde.
10Moardners moatte neat fan in earlik minske hawwe,
mar oprjochten sykje syn behâld.
11In dwaas jout syn grime alhiel bod,
mar de wize bedimmet syn grime.
12As in hearsker nei leagens harket,
wurde syn tsjinners allegearre dogeneaten.
13De earme en de ferdrukker moetsje elkoar,
mar de Heare hat beide it ljocht yn ’e eagen jûn.
14In kening dy’t de earmen rjocht docht,
syn troan sil foar ivich fêst stean.
15In stôk en in fermoanning bringe wysheid by,
mar in jonge dy’t se mar gewurde litte, set syn mem foar skande.
16As kweaminsken oanwinne, wint it kwea ek oan,
mar de rjochtfeardigen sjogge sokken fallen.
17Kastij dyn soan, dan bringt er dy rêst
en hy sil dy troch en troch bliid meitsje.
18Sûnder iepenbiering ferwylderet it folk,
mar it is in gelok as it acht jout op ’e wet.
19Mei wurden lit in slaaf him net te plak sette,
want al ferstiet er it wol, hy jout dochs net om sizzen.
20Hast in man sjoen, dy’t te rap mei de mûle is?
Foar in dwaas falt mear te hoopjen as foar him.
21As immen syn slaaf fan bern ôf bedjert,
dan wurdt er op it lêst dôfhûdich.
22In koartkearich man set kreauwerij oan
en ien mei in hjitte holle docht in bulte kwea.
23Heechmoed makket in minske och sa lyts,
mar de dimmenen sille eare behelje.
24Dy’t mei dieven dielt, hatet syn eigen libben;
al heart er de ferflokking, hy jout it net oan.
25Minskefrees set in falstrik út,
mar dy’t op ’e Heare fertrout, kriget beskerming.
26Wit-hoefolle sykje it by de geunst fan in hearsker,
mar de Heare jout in minske wat him takomt.
27Rjochtfeardigen hawwe in ôfgriis fan ien dy’t ûnrjocht docht
en ferkearde lju hawwe in ôfgriis fan ien dy’t rjochtút is.