Spreuken fan Agûr
1De wurden fan Agûr, de soan fan Jaké út Massa.
De man seit: Ik haw my ôfmêde om God,
om God haw ik my ôfmêde en ik fersmachtsje.
2Want ik bin te dom om in minske te hjitten
en ik haw gjin minskeferstân.
3Ik haw gjin wysheid leard,
dat ik de Hillige kenne soe.
4Wa is nei de himel fearn en wer delkommen?
Wa hat de wyn yn syn fûst gearbrocht?
Wa hat it wetter yn ’e mantel beflapt?
Wa hat de einen fan ’e ierde fêst set?
Hoe hjit er en hoe hjit syn soan?
Want do witst it ommers wol?
5Elk wurd fan God is suver en wier,
Hy is in skyld foar dy’t op Him betrouwe.
6Doch oan syn wurden neat ta,
oars set Er dy te plak
en do stiest foar liger.
7Twa dingen freegje ik Jo om,
ûntkear se my net, ear’t ik stjer:
8Falskens en leagentaal, hâld se fier by my wei,
rykdom en earmoede, jou se my net,
jou my it brea dat ik brek bin.
9Oars soe ik by de romte Jo miskenne
en sizze: Wa is de Heare?
en by de krapte begjinne te stellen
en de namme fan myn God tenei komme.
10Meitsje in tsjinner net swart by syn hear,
oars ferflokt er dy en do moatst it belije.
11Der is in slach minsken, dat har heit ferflokt
en har mem net segenet,
12in slach dat suver yn eigen eagen is,
mar dêr’t de smoargens net ôfwosken is;
13in slach minsken mei grutske eagen
en de eachteisters wakkere heech,
14in slach, mei tosken as swurden
en in gebit as messen,
dêr’t se de ellindigen yn it lân
en de earmen ûnder de minsken mei fersline.
15Fan Alûka.
Twa dochters sizze: Jou op en jou mear!
Trije binne der dy’t net sêd wurde
en fjouwer sizze noait: It is genôch:
16it deaderyk, de ûnfruchtbre memmeskurte,
de grûn dy’t net sêd fan wetter wurdt,
en it fjoer dat noait seit: It is genôch.
17In each dat de spot slacht mei heit
en de gek hat mei memme hege jierren,
dat sille de ravens by de beek útpikke
en de jonge earnen sille it opfrette.
18Dizze trije dingen binne my te wûnderlik
en fjouwer dêr kin ik net by:
19de wei fan in earn troch de loft
de wei fan in slange oer de rots,
de wei fan in skip yn folle see,
en de wei fan in man by in frou.
20De wei fan de oerhuorrige frou is sa:
Hja yt, faget de mûle ôf en seit:
Ik haw neat gjin kwea dien.
21Under trije dingen bevet de ierde
en ûnder fjouwer kin se it net úthâlde:
22ûnder in tsjinstfeint, as er kening wurdt,
ûnder in dwaas, as er him sêd ite kin,
23ûnder in ferstjittene, as hja oan ’e man slagget,
ûnder in faam, as hja de frou út it plak kringt.
24Fjouwer binne de lytsten op ierde
en dochs binne se oermjitte wiis:
25de eamelders binne net in sterk folk
en dochs soargje se simmerdeis foar har iten;
26de klipdassen binne net in krêftich folk
en dochs meitsje se har in went yn ’e rots;
27de sprinkhoannen hawwe gjin kening
en dochs komme se allegearre yn keppels opsetten;
28de hagedis kin men mei de hân wol pakke
en dochs hâldt er ta yn paleizen.
29Dizze trije hawwe in steatlike gong
en fjouwer geane mei in steatlike stap:
30de liuw, de held ûnder de dieren,
dy’t foar neat en nimmen tebek giet,
31de boarstige hoanne, de bok,
èn in kening dy’t it leger by him hat.
32Asto dy boppe in oar ferhefst, itsij ûnberet,
itsij wolberet – de hân op ’e mûle!
33Want fan druk op ’e molke komt bûter
en fan druk op ’e noas komt bloed,
en fan druk op ’e grime komt rûzje.