1In earme dy’t yn oprjochtens syn wei giet
is better as in rike dy’t ferkearde wegen kiest.
2Iver sûnder kennis docht gjin fertuten
en it giet mis mei him dy’t te hastich út ein set.
3Dwaasheid bedjert de wei fan in minske
en dan sprekt er ek noch op tsjin de Heare.
4Besit jout al mar mear freonen,
mar in earme rekket ek syn freon noch kwyt.
5In falske getuge bliuwt net sûnder straf
en dy’t leagens by de streek bringt, sil der ek net oan ûntkomme.
6Party minsken strike de fername lju sjerp om ’e mûle
en in goederjousk man hat elkenien te freon.
7As in earme syn bruorren allegear in hekel oan him hawwe,
hoe soenen syn freonen dan net op in distânsje bliuwe?
Hy siket wol om moaie wurden, mar fynt se net.
8Dy’t ferstân wint, hat syn eigen libben leaf,
dy’t ynsjoch bewarret, fynt it goede.
9In falske getuge bliuwt net sûnder straf
en dy’t leagens by de streek bringt, komt om.
10Wielde past net by in dwaas,
hoe kin dan in tsjinstfeint oer foarsten hearskje?
11Ferstannigens makket in minske langmoedich
en it is syn eare in flater troch de fingers te sjen.
12De grime fan ’e kening is as it brinzgjen fan in liuw,
mar syn geunst is as dauwe op it gers.
13In dwaze soan is in ramp foar syn heit
en it getsier fan in frou is in oanhâldend drippen.
14Hûs en besit binne it erfskip fan ’e foarâlden,
mar in ferstannige frou kriget men fan de Heare.
15In luiwammes rekket yn ’e sliep fertize
en in sleaukert moat honger lije.
16Dy’t it gebod bewarret, bewarret syn eigen libben,
mar dy’t gjin acht jout op syn wegen moat stjerre.
17Dy’t it begruttet om de earme, lient oan de Heare
en Dy sil him de woldied ferjilde.
18Kastij dyn soan salang’t der noch hope is,
mar wyn dy net sa op, datsto him de dea oandochst.
19Wa’t fierstente lilk wurdt, moat it sels belije,
want asto dan tuskenbeide komst, makkest it minder.
20Harkje nei rie en nim de warskôging oan,
dan wurdst op it lêst wol wiis.
21In minskehert kin fan alles wol betinke,
mar wat de Heare besletten hat, dat sil bestean.
22In minske kin wol freonen meitsje troch syn rynskens,
mar in earme is better as ien dy’t falsk is.
23De Heare freezje, dat bringt libben;
men kin sêd wurde en sliepe sûnder lêst.
24Al taast de luiwammes mei de hân yn ’e panne,
hy bringt him net wer nei de mûle.
25Ast de spotter slachst, sil de simpele him opskerpje
en ast de ferstannige kastijst, docht er kennis op.
26Wa’t syn heit ferstjit en syn mem fuortjaget,
sa’n soan bringt jin skande en ûneare.
27Myn soan, ast ophâldst nei tucht te harkjen,
dan rinst by de wurden fol wysheid wei.
28In falske getuge spot mei it rjocht
en in ferkearde mûle slokt it ûnrjocht troch.
29De stôk leit al klear foar de spotter
en de rêch fan ’e dwaas kin slaggen ferwachtsje.