1In myld antwurd bêdet de lilkens del,
mar in krinkend wurd makket de grime geande.
2De tonge fan wizen bringt drege kennis by,
mar de mûle fan dommen jout dwaasheid op.
3De eagen fan de Heare binne oeral;
se jouwe acht op ferkearden en goeden.
4In mylde tonge is in libbensbeam,
mar in falske tonge docht de geast fertriet.
5De dwaas ferachtet de tucht fan syn heit,
mar dy’t de fermoanning oannimt, docht ferstannich.
6Yn it hûs fan ’e rjochtfeardige hearsket grutte rykdom,
mar it gewin fan ’e sûnder giet ferlern.
7De lippen fan ’e wizen struie kennis út,
mar dwazen hawwe it hert net op it goede plak.
8It offerjen fan ’e sûnders hat de Heare in ôfgriis fan,
mar it bidden fan ’e oprjochten docht Him deugd.
9De wei fan ’e sûnder hat de Heare in ôfgriis fan,
mar Hy hâldt fan ’e man dy’t nei gerjochtichheid stribbet.
10Dy’t it rjochte paad ferlit kriget in swiere straf,
mar dy’t gjin fermoanning ferneare kin, moat stjerre.
11It deaderyk en it ferdjer lizze foar de Heare iepen,
hoefollestemear net de herten fan ’e minskebern.
12De spotter hâldt der net fan dat er te plak set wurdt,
hy giet net om rie nei wize minsken.
13In bliid hert jout in blier gesicht,
mar troch hertsear rekket de geast ferslein.
14In ferstannich hert siket om kennis,
mar de mûle fan ’e domme is op dwaasheid út.
15Foar de mismoedige binne it allegearre minne dagen,
mar foar in blierhertich minske is it altyd feest.
16Better in bytsje mei ûntsach foar de Heare,
as in grutte skat en ûnrêst derop ta.
17Better allinnich in panne mei griente en dêr leafde by
as in meste okse mei haat derop ta.
18In opljeppen man makket kreauwerij geande,
mar ien mei geduld bêdet de striid del.
19De wei fan in luiwammes is in toarnen hage gelyk,
mar it paad fan in warber man is al sljochte.
20In soan dy’t wiis is, makket syn heit bliid,
mar in dwaas ferachtet syn mem.
21De ûnferstannige hat nocht oan ûnnocht,
mar de ferstannige hâldt it rjochte paad.
22Plannen mislearje as der gjin berie is,
mar mei de romte fan riedslju komt der wat ta stân.
23Immen kin bliid wêze mei in antwurd dat pas jout,
en hoe goed is net in wurd op syn tiid.
24Foar de ferstannige is der in paad omheech nei it libben,
dêr’t er de deadswei omleech troch ûntrinne kin.
25It hûs fan ’e heechmoedige sil de Heare slope,
mar de grinspeal fan ’e widdo set Er fêst.
26De ferkearde syn plannen hat de Heare in wearze fan,
mar freonlike wurden binne him rein.
27Wa’t sa op winst út is, lit syn hûs lije,
mar dy’t fij is fan omkeaperij, sil lang libje.
28De rjochtfeardige wol him betinke, ear’t er antwurd jout;
mar de mûle fan’e sûnder flapt der samar wat út.
29De Heare bliuwt fier fan de sûnders ôf,
mar hy harket nei it bidden fan’e rjochtfeardigen.
30Strieljend freonlike eagen meitsje it hert bliid
en in goed boadskip makket jin oan it murch ta waarm.
31De man dy’t nei in heilsume bestraffing hearre wol,
sil yn it fermidden fan ’e wizen ferkeare.
32Dy’t de tucht gjin acht slacht, ferachtet himsels,
mar dy’t nei bestraffing harket, wint ferstân.
33Untsach foar de Heare fiedt op ta wysheid
en de needrige hellet eare yn.