1De minske kin syn gedachten wol gean litte,
mar it antwurd fan ’e tonge moat fan de Heare komme.
2Elkenien achtet syn eigen wegen suver,
mar de Heare hifket de geasten.
3Jou dyn wurken oan de Heare oer,
dan sille dyn plannen slagje.
4Alles hat de Heare makke mei in doel,
ja sels de sûnders foar de ûnheilsdei.
5De Heare hat in ôfgriis fan alle heechhertigen;
de hân derop: hja sille har straf net ûntgean.
6Troch leafde en trou wurdt de skuld fersoene
en troch de Heare te freezjen ûntkomt men oan it kwea.
7As it hâlden en dragen fan in minske de Heare oanstiet,
jout Er him frede, sels mei syn fijannen.
8Better in bytsje mei rjochtfeardichheid
as in grut ynkommen mei ûnrjocht.
9It hert fan in minske tinkt him in wei út,
mar de Heare stjoert de libbensgong.
10It godsoardiel leit op ’e lippen fan ’e kening,
by de rjochtspraak kin syn tonge gjin fersin meitsje.
11Waach en skealjes binne fan de Heare,
alle waachstiennen yn ’e ponge syn wurk.
12Sûnde dwaan hawwe de keningen in ôfgriis fan,
want troch gerjochtichheid stiet de troan sterk.
13Earlike taal stiet de kening oan
en hy hâldt fan ’e man dy’t rjochtút praat.
14De grime fan ’e kening kundiget de dea oan,
mar in wiis man bêdet de grime del.
15As it gesicht fan ’e kening strielet, is der libben
en syn geunst is in reinwolk yn ’e maitiid.
16Wysheid te winnen is in stik better as kostber goud
en ferstân te winnen better as sulver.
17Rjochtskepen minsken besykje it kwea te ûntwiken
en dy’t acht jout op syn wei, behoedet syn libben.
18Grutskens komt foar de ûndergong
en heechmoed foar de fal.
19Better deemoedich wêze by de earme lju
as roof diele mei de heechhertigen.
20Wa’t op syn wurden past, dy sil it goed gean
en lokkich is, dy’t op ’e Heare fertrout.
21Dy’t wiis fan hert is, wurdt ferstannich neamd
en freonlike lippen sette de arguminten krêft by.
22It ferstân is foar syn besitter in libbensboarne,
mar de dwaasheid is in straf foar de dwazen.
23It hert fan ’e wize makket syn mûle ferstannich
en it set de arguminten op syn lippen krêft by.
24Freonlike wurden binne as hunichseam,
swiet foar de siel en medisyn foar it gestel.
25Eigen hannel en wannel liket jin faak rjocht ta,
mar oan ’e ein binne it wegen nei de dea.
26Honger set de arbeider oan it wurk,
hy moat ommers itende bliuwe.
27In dogeneat giet mei laster by de streek lâns
en der is in skroeiend fjoer op syn lippen.
28De skarlún is op kreauwerij út
en dy’t rabbet, bringt ferwidering tusken freonen.
29In man fan geweld sleept syn neiste mei
en bringt him op in wei dy’t net goed is.
30Dy’t de eagen tichtknypt is op skelmerij út
en dy’t op ’e lippen byt, hat al kwea dien.
31Griis hier is in sierlike kroan,
dy’t te krijen is op ’e rjochte wei.
32Better in langmoedige as in grutte held,
better ien dy’t himsels yn ’e macht hat as ien dy’t in stêd ynnimt.
33It lot wurdt wol yn ’e skurte wurpen,
mar hoe’t it falt, dat makket de Heare út.