Op sabbat ien better meitsje?
1Jezus kaam wer ris yn in synagoge en dizze kear wie der in man mei in lamme hân. 2Se sochten Jezus en joegen skerp acht, oft Er ek besykje soe him op sabbat better te meitsjen, om dan in oanklacht tsjin Him te hawwen. 3Jezus sei tsjin ’e man mei de lamme hân: Kom hjir ris midden tusken ús yn. 4Doe sei Er tsjin harren: Wat mei men op sabbat earder: Goed dwaan of kwea, in minske rêde of him deameitsje? Hja holden har stil. 5Lilk en tagelyk fertrietlik om har hurdens seach Er de omstanners oan. Doe sei Er tsjin de man: Stek dyn hân út! Dat die er en de hân wie wer better. 6De Fariseeërs rûnen nei bûten en leinen fuort mei de Herodianen oer, hoe’t se Him fan kant meitsje soenen.
De mannichte op ’e marswâl
7Doe’t Jezus mei syn learlingen fuortgong, de kant fan ’e mar út, rûn in grutte kloft minsken út Galiléa achter Him oan. 8Ek út Judéa, Jeruzalem, Iduméa, oare kant de Jordaan wei en út ’e omkriten fan Tyrus en Sidon kaam in grutte mannichte op Him tasetten, want se hearden oeral, wat Hy die. 9Hy sei tsjin syn learlingen, dat se in boatsje foar Him ree hâlde moasten, fanwegen al dat folk; oars koenen se Him wol plattriuwe. 10Hy hie ommers al safolle minsken better makke, dat elkenien dy’t in kwaal hie, krong nei foaren om Him oanreitsje te kinnen. 11Ek de duvels foelen foar Him op ’e knibbels, as se Him seagen, en rôpen: Jo binne de Soan fan God. 12Mar Hy warskôge harren, dat se út-noch-yn net sizze mochten, wa’t Er wie.
It útkiezen fan de tolve
13Hy gong by de berch op en rôp de mannen dy’t Hysels mei hawwe woe; dy kamen by Him. 14Hy wiisde tolve oan, [– dy’t Er ek apostels neamde –]. Se moasten by Him bliuwe, Hy woe harren derop útstjoere om te preekjen. 15Hja krigen ek de macht om duvels út te bannen. 16[Sa wiisde Er dan de tolve oan] en Hy joech Simon de namme Petrus. 17Fierder wienen it Jakobus, de soan fan Sebedéus, en Johannes, Jakobus syn broer – dy twa joech Er de namme Boänerges, wat Tongermannen betsjut –, 18dan Andréas, Filippus, Bartoloméus, Mattéus, Tomas, Jakobus, de soan fan Alféus, Taddéus, Simon de Kananeeër 19en Judas Iskariot, de man dy’t Jezus ferret hat.
Jezus en Beëlzebûl
20Hy kaam yn ’e hûs en dêr wie wer safolle folk byinoar, dat se koenen net iens ite. 21Doe’t syn eigen folk dat hearde, besochten se Him mei te nimmen, want se mienden, dat it Him trochrûn. 22De wetlearaars dy’t út Jeruzalem wei delkommen wienen, hienen sein: Hy hat Beëlzebûl yn, en: Mei help fan ’e opperduvel driuwt Er de duvels út. 23Doe rôp Er harren by Him en sei troch de wei fan in gelikenis: Hoe kin Satan no Satan útbanne? 24As in ryk ynwindich ferdield is, dan kin dat ryk gjin stân hâlde. 25As in hûs ynwindich ferdield is, dan kin dat hûs gjin stân hâlde. 26En as de satan tsjin himsels yn opstân komt en ferdield is, dan kin er gjin stân hâlde, mar is er op ’e ein kommen. 27Nee, gjinien kin yn it hûs fan in sterken-ien komme en him syn húsrie ôfstelle, as er de sterke man net earst fêstbynt; dan pas kin er syn hûs leech stelle.
28Ja, dit sis Ik jimme: Alles sil de minsken ferjûn wurde, alle sûnden en kwealaster, wat foar kwealaster se ek sein hawwe; 29mar as ien lasteret tsjin de hillige Geast, dy wurdt it yn der ivichheid net ferjûn; hy sit mei in ivige skuld. 30Se hienen ommers sein: Hy hat in kweade duvel yn.
De mem en de bruorren fan Jezus
31Op in kear kamen syn mem en syn bruorren; se bleauwen bûtendoar stean en stjoerden ien nei Him ta om Him te roppen. 32Der siet gâns folk om Him hinne en se seinen tsjin Him: Jo mem en jo bruorren en susters freegje bûtendoar om Jo. 33Jezus antwurde harren: Wa is myn mem? Wa binne myn bruorren? 34Doe seach Er it hear oer en sei: Sjoch, dit is myn mem, dit binne myn bruorren. 35Wa’t docht wat God wol, dy is myn broer, myn suster, myn mem.