De gelikenis fan de siedder
1Wer in oare kear begûn Er it folk te learen oan ’e kant fan ’e mar. Gâns folk klofte om Him gear, dat Hy stapte yn in boat; sadwaande wie Hy op ’e mar en stie al it folk op ’e marswâl. 2Hy learde harren gâns troch gelikenissen en sei bygelyks by syn ûnderrjocht: 3Harkje! Der gong ris in siedder út te siedzjen. 4No foel by it siedzjen in part fan it sied oer it paad; doe kamen de fûgels en dy pikten it op. 5In oar part kaam op ’e rotsgrûn telâne, dêr’t mar in tin laachje ierde wie; en omdat it gjin djipte hie, kaam it al gau op. 6Mar doe’t de sinne opgien wie, ferskroeide en ferdroege it, want it koe gjin woartel sette. 7Wer in oar part foel yn ’e stikels en doe’t dy opskeaten, smoarde it en joech gjin frucht. 8Mar der wie ek in part dat yn goede ierde telâne kaam; it skeat op, wûn oan en brocht tritich, sechstich en hûndert kear safolle sied op. 9En Hy sei der noch by: Wa’t earen hat om te hearren, lit dy hearre!
It doel fan de gelikenissen
10Doe’t hja wer ûnderinoar wienen, fregen de tolve en de oaren dy’t by Him stienen, nei de betsjutting fan de gelikenissen. 11Hy sei tsjin har: Oan jimme is it mystearje fan it Godsryk al trochjûn, mar de bûtensteanders krije alles yn gelikenissen te hearren, 12want – (sa stiet it der:)
Se moatte op ’en skerpsten sjen en dochs net ynsjen,
se moatte op ’en skerpsten hearre
en dochs net ferstean;
oars soenen se har ris omkeare kinne op har wei
en soe it har ferjûn wurde.
De gelikenis fan de siedder wurdt útlein
13Doe sei Er tsjin harren: Begripe jimme dizze gelikenis net? Hoe sille jimme dan oait in gelikenis ferstean? 14De siedder sieddet it Wurd. 15Dy op ’e kant fan it paad, – dêr’t it wurd siedde wurdt – dat binne de lju, dy’t sa gau’t se it wurd heard hawwe, fan de satan besocht wurde; dy pikt wei, wat by har ynsiedde wie. 16Krektsa stiet it mei dy’t op ’e rotsgrûn ynsiedde wurde, dat binne de minsken dy’t, as se it wurd heard hawwe, it fuort mei blidens yn har opnimme, 17mar se hawwe gjin woartel, it binne minsken fan ’e dei, en wannear’t der benearing of ferfolging komt om it wurd, dan geane se der samar foar omlizzen. 18Oaren wienen tusken de stikels ynsiedde; dat binne de minsken dy’t it wurd wol heard hawwe, 19mar by wa’t de soargen om it bestean, de falskens fan ’e rykdom en de ynslûpende begearten nei al de oare dingen it wurd smoare, en dan jout it neat. 20Dy’t yn ’e goede ierde ynsiedde wurde, dat binne alle minsken dy’t it wurd beharkje, yn harsels opnimme en in opbringst hawwe fan tritich, sechstich en hûndert kear safolle.
De lampe op ’e stander
21Fierder sei Er tsjin harren: Komme wy faaks mei de lampe om dy ûnder de nôtmjitte of ûnder de sliepbank te setten? Moat er net krekt op ’e stander set wurde? 22Want it ferburgene is der allinne mar om it foar ’t ljocht te heljen en it geheim allinne om iepenbiere te wurden. 23Wa’t earen hat om te hearren, lit dy hearre. 24Fierder sei Er tsjin harren: Tink om wat jimme hearre; mei de mjitte dêr’t jimsels mei mjitte, sil jim tametten wurde, ja, jim sille der noch wat op ta krije, 25want wa’t hat, dy sil jûn wurde, mar wa’t net hat, dy sil ek noch ôfnommen wurde, wat er hat.
De groei fan it sied
26Hy sei ek noch: It giet mei it Godsryk as mei in man dy’t it lân ynsieddet; 27nachts sliept er en oerdei is er wekker, en wilens komt it sied op en waakst – hoe, dat wit er net. 28Ut himsels draacht de ierde frucht, earst in stâle, dan in ier en dan de folsleine kerl yn ’e ier. 29As de frucht ryp is, slacht er der fuort de sichte yn, want de tiid fan rispjen is kommen.
De gelikenis fan it mostersiedsje
30Fierder sei Er: Wêr sille wy it Godsryk mei fergelykje of hokker byld sille wy derfoar brûke? 31It is as mei in mostersiedsje; as dat útsiedde wurdt, is it it fynste fan alle sied, 32mar as it ienkear siedde is, sjit it heech op, wurdt grutter as alle krûden en krijt sokke mânske tûken, dat de fûgels kinne yn syn skaad wol nestelje.
It brûken fan gelikenissen
33Mei gâns fan sokke bylden ûnderrjochte Er harren, sadanich dat se it begripe koenen. 34Oars as mei gelikenissen learde Er harren net, mar as Er allinne wie mei syn learlingen, joech Er rûnom útlis fan.
De stoarm wurdt delbêde
35Dy deis, doe’t it al let wurden wie, sei Er tsjin syn learlingen: Lit ús nei de oare kant ta farre. 36Hja stjoerden it folk fuort en namen Him mei yn ’e boat, dêr’t Er yn siet. Der wienen ek noch oare boaten by. 37Der stuts in swiere stoarm op en de weagen tearden yn ’e boat, dat dy rekke al gau fol wetter. 38Hysels lei achteryn mei de holle op it kjessen te sliepen. Se makken Him wekker en seinen: Master, is it Jo likefolle, as wy fergeane? 39Hy kaam oerein, ferbea de wyn en sei tsjin it wetter: Stil, byn dy yn! De wyn gong lizzen en it waard blakstil. 40Hy sei tsjin ’e learlingen: Wêrom sitte jimme sa yn noed? Hoe is it mooglik, dat jimme gjin fertrouwen hawwe? 41Se krigen grut ûntsach foar Him en seinen tsjin elkoar: Wa is Hy dochs, dat sels de wyn en it wetter om syn sizzen jouwe?