Opskrift
1It wurd dat de Heare Micha fan Morêsjet takomme liet yn ’e tiid fan Jotam, Achaz en Hizkia, keningen fan Juda; dat him iepenbiere is oer Samaria en Jeruzalem.
God komt as Rjochter
2Harkje, jimme folken, allegearre,
slach dit goed acht, do ierde mei al wat derop libbet:
God de Heare spant in rjochtsaak tsjin jim oan,
de Hear út syn hillige timpel wei.
3Want sjoch, de Heare ferlit syn wenstee,
Hy komt del en nimt syn wei oer de hichten fan ’e ierde.
4De bergen rane Him ûnder de fuotten as waaks foar it fjoer;
de djipten spjalte as wetter dat by de skeante delbrûst.
5En dat allegearre om de misstappen fan Jakob,
om de sûnden fan it folk fan Israel.
[Wat is de misstap fan Jakob? Is dat Samaria net?
En wêr binne de offerhichten fan Juda? Yn Jeruzalem ommers?]
It oardiel oer Samaria
6Dêrom meitsje Ik fan Samaria in púnfal
en fan de omkriten grûn foar it oanplantsjen fan in wyngerd:
de stiennen fan ’e stêd smyt Ik yn ’e bedelte,
de fûneminten lis Ik bleat.
7Al syn ôfgodsbylden wurde yn grús slein,
[syn wijjeften giet de brân yn;]
al syn ôfgoaden sil Ik ferrinnewearje.
Want fan huorrelean binne se smolten
en se sille wer ta huorrelean omsmolten wurde.
Kleiliet oer Jeruzalem en Juda
8Ik moat kleie en gûle,
ik moat op bleate fuotten neaken omrinne,
spûkgûle as de jakhalzen
en tsjirmje as de strúsfûgels.
9O, de swiere slach dy’t Samaria krijt,
komt it noait te boppen;
dy hat syn útwurking oant yn Juda
en komt oan ’e poarte fan myn folk,
oan Jeruzalem ta.
10Sis der neat fan yn Gat,
stean net sa lûd te skriemen.
Se rôlje har yn ’e moude te Bet-le-Afra.
11De ynwenners fan Sjafir blaze foar jimme alarm;
yn har neakenens en skande komme de ynwenners fan Saänan de stêd net út;
de rouklachten fan Bet-Haësel meitsje, dat der foar jim net te wêzen is.
12De ynwenners fan Marot sitte wol foargoed yn ’e pine,
want de ramp dy’t fan de Heare komt,
komt op Jeruzalem ôf, de poarte fan Juda.
Oer Lakisj en omkriten
13Span de hurddravers foar de wein,
ynwenners fan Lakisj,
want by dy, Lakisj, leit de woartel fan dochter Sion har sûnde,
en by dy komme de misdieden fan Israel bleat te lizzen.
14Dêrom moatsto Morêsjet-Gat it skiedeljild jaan;
de huzen fan Akzib wurde in ôffaller foar de keningen fan Israel.
15Op ’e nij bring Ik in besetter oer jimme, ynwenners fan Marésja;
de gloarje fan Israel wurdt wei yn Adûllam.
16Meitsje dy keal en skear dy it hier ôf om dyn bern dy’t dyn wille binne;
meitsje dy fan boppen sa keal as in gier,
want se geane de ballingskip yn,
fierby dy wei.