It wee oer de rike lju
1Wee de lju dy’t op bêd al ûngerjochtichheden betinke
[en mei it ferkearde dwaande binne.]
Sa gau’t it moarns ljocht wurdt,
dogge se it,
want se hawwe it yn ’e macht.
2Longerje se op stikken lân, dy pikke se yn;
giet it om huzen, dy naderje se;
se nimme mei geweld de eigener mei it hûs,
de man sels mei syn erfguod.
3Dêrom hat de Heare dit te sizzen:
Ik betink tsjin dit skaai in ramp dêr’t jimme net oan ûntkomme kinne
en dy’t jim djip delbûge sil,
want it wurdt in minne tiid.
4Dy deis sille se in spotliet op jimme ynsette.
‘It is dien mei ús’, sille se sizze,
‘Wy binne hielendal te lider slein.
It lân fan myn folk giet yn oare hannen oer.
Hoe hat it needlot ús troffen:
oan swalkers wurdt ús lân tapart!’
5Nee, der sil gjinien wêze, dy’t by it lotsjen
it mjitsnoer foar dy útsmyt yn ’e gemeente fan de Heare.
Wat Micha syn tsjinstanners derfan sizze
6Net sa’n gepreek – preekje se – sok ding heart men net oer te preekjen!
Sa’n oanklacht sil neat úthelje.
7De Heare hat Him ommers mei it folk fan Jakob ferbûn?
Soe Hy dan no oan ’e ein fan syn geduld wêze?
Soks docht Er dochs net?
It antwurd fan ’e profeet
Wier, myn wurden binne kleare goedens foar wa’t it rjochte spoar hâldt.
8Mar jim binne foar myn folk as in fijân dy’t op freedsume lju oanfalt;
lju dy’t sûnder euvelmoed har paad geane
en fan oarloch neat hawwe moatte,
skuorre jim de mantel ôf.
9De froulju fan myn folk sette jimme út har hûs, dêr’t se sa lokkich yn wienen;
har bern nimme jimme foar altyd har glâns ôf.
10Oerein, fuort jimme!
Sa’n rêstplak hat God net bedoeld;
jim sille omkomme fan ûnreinens,
in ôfgryslike ûndergong!
11Ik soe jim wol wyn en sterke drank foarpreekje kinne,
mar ien dy’t him troch de Geast liede lit,
ferkeapet sokke leagens net.
Falske ferwachtings fan Micha syn tsjinstanners
Mar dit folk preke mar troch:
12‘Ja wier – seit God –
Ik wol Jakob wer yn syn hiele hear
en fear byinoar bringe,
Israels neiteam gearswylje.
Ik wol har byinoar driuwe as skiep yn ’e koai,
as in keppel midden yn har weide,
[as in rûzige kloft minsken.]
13De baanbrekker sil harren foargean,
se sille der trochhinne brekke, de poarte trochgean
en sa nei bûten.
Har kening sil foar harren útgean,
de Heare sil de foargong hawwe.’