Hoe’t men jaan moat
1Tink derom, dat jimme it goede net dogge foar it each fan ’e minsken, om op te fallen. Dogge jimme dat al, dan sit der foar jimme gjin lean yn by jim himelske Heit. 2As jo dus in earme wat jouwe, trompetsje dat net foar jo út, sa’t de skynhilligen dat dogge yn ’e synagoge en op ’e strjitte om troch de minsken mei earbied groete te wurden. Dit sis Ik jimme: Dy hawwe har lean al. 3Mar as jim in earme wat jouwe, doch dat dan sûnder derby te rekkenjen. 4Jo jefte moat ûnsichtber bliuwe. Jo Heit, dy’t yn it ûnsichtbere sjen kin, sil jo derfoar leanje.
Hoe’t men bidde moat
5As jimme bidde, doch dan net as de skynhilligen. Dy meie ommers graach yn ’e synagogen en op ’e hoeke fan ’e strjitte stean te bidden, dat de minsken it mar goed sjen sille. Dit sis Ik jimme: Dy hawwe har lean al. 6Mar as jo bidde, gean dan yn jo keammerke, doch de doar ticht en bid dan jo Heit dy’t yn it ûnsichtbere is. En jo Heit, dy’t yn it ûnsichtbere sjen kin, sil jo derfoar leanje.
7As jimme bidde, doch it dan net mei in omhaal fan wurden sa’t de heidens dogge. Dy miene ommers, dat der better nei harren harke wurde sil, neigeraden se mear wurden brûke. 8Nee, doch dêr net oan mei. Jim Heit wit ommers al, foar’t jim derom freegje, wat jimme brek binne. 9Dêrom moatte jimme sa bidde:
Us Heit yn ’e himel,
lit jo namme hillige wurde,
10lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde op ierde likegoed as yn ’e himel.
11Jou ús hjoed ús deistich brea
12en ferjou ús ús skulden sa’t wy ús skuldners ek ferjûn hawwe;
13en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ’e kweade;
[want jowes is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid. Amen.]
14Ja, as jimme oaren har misslaggen ferjouwe, sil jimme himelske Heit dat jimme ek dwaan. 15Mar as jimme oaren net ferjouwe, sil jimme Heit jimme misslaggen ek net ferjaan.
Hoe’t men fêstje moat
16En as jimme fêstje, set der dan net in earmoedich gesicht by, sa’t de skynhilligen dogge. Ja, dy rinne mei in ferwezen gesicht om, dat de minsken mar goed sjen sille, dat se fêstje. Dit sis Ik jimme: Dy hawwe har lean al. 17As jò fêstje, doch dan rûkersguod yn ’t hier en waskje jo om ’e holle. 18Dan sille de minsken net sjen, dat jo oan ’t festjen binne, mar allinne jo Heit, dy’t yn it ûnsichtbere is. En jo Heit, dy’t yn it ûnsichtbere sjen kin, sil der jo foar beleanje.
In kaptaal yn ’e himel
19Garje op ierde gjin rykdommen. Dy ferkomme dêr troch mot en ruost of se wurde stellen troch ynbrekkers. 20Nee, foar de himel moatte jimme rykdommen garje. Dêr ferkomme se net troch mot en ruost en wurde se net troch ynbrekkers stellen. 21Dêr’t jo jo skat hawwe, dêr sil jo hert ommers wêze.
De lampe fan it lichem
22De lampe fan it lichem is it each. As jo each goed ljocht hat, sil jo hiele lichem goed ljocht hawwe; 23mar as jo each net doocht, sil jo hiele lichem yn it tsjuster sitte. As no it ljocht yn jo oars net as tsjuster is, wat in tsjusternis moat dat net wêze!
God en it jild
24Gjinien kin twa hearen tsjinje. Hy sil ommers òf de iene net lije meie en fan de oare hâlde, òf de iene tagedien wêze en de oare ferachtsje. God en Jild kin men net tagelyk tsjinje.
Noed en soarch
25Dêrom sis Ik jimme: Sit net yn noed oer kost en klean, oft der iten is en oft der wol klean binne om oan te dwaan. It libben is dochs mear as iten en it lichem mear as de klean? 26Sjoch ris nei de fûgels yn ’e loft. Dy siedzje net, dy rispje net, dy slagge net op yn skuorren. Nee, jimme himelske Heit sels fuorret se. En hoe’n ein steane jimme net boppe fûgels? 27Wa fan jimme kin mei noed te hawwen syn libben ek mar in stikje langer meitsje? 28En wêrom yn noed te sitten oer de klean? Sjoch ris nei de leeljes hoe’t dy waakse. Se arbeidzje net, se spinne net, 29mar Ik sis jimme: Sels Salomo yn al syn pracht wie net sa moai yn ’e klean as ien fan harren. 30As God no sa klaait wat hjoed noch op it fjild stiet en moarn yn ’e oven smiten wurdt, sil Er dat jimme dan net namste earder dwaan, jimme mei jim lyts betrouwen? 31Sit dus net yn noed oer de fraach: wat is der foar ús te iten, of: wat moatte wy oan hawwe? 32Dat binne ommers allegear dingen dêr’t de heidens om freegje. Jimme himelske Heit wit al lang, dat jimme dat allegear brek binne. 33Set it sin alderearst op it Keninkryk fan God en op wat Hy wol. Al it oare krije jim der dan wol op ta. 34Dêrom, sit net yn noed oer de dei fan moarn. Dy stiet wol noed fan himsels. Elke dei hat genôch oan syn eigen swierrichheden.