De gelikenis fan de tsien jongfammen
1Dan sil it yn it himelske ryk gean as mei dy tsien jongfammen, dy’t mei har lampe de breugeman temjitte gongen. 2Fiif fan harren wienen ferstannich, fiif net. 3De fiif sleauwen namen wol de lampe mei, mar gjin oalje. 4De ferstannigen lykwols namen tagelyk mei de lampe ek in krûkje oalje mei. 5Doe’t de breugeman lang weibleau, waarden se allegearre slûch en foelen yn ’e sliep. 6Mar midden yn ’e nacht waard der roppen: Tink derom, dêr is de breugeman; toe, gean him temjitte! 7Alle tsien jongfammen waarden doe wekker en makken har lampen yn oarder. 8Mar de sleauwen seinen tsjin de ferstannigen: Jou ús wat fan jimme oalje, want ús lampen geane út. 9De ferstannigen antwurden: Nee, der soe ris gjin genôch wêze kinne foar jimme en ús mei-inoar. Gean leaver nei de ferkeapers en keapje oalje foar jimsels. 10Mar doe’t se fuort wienen om oalje te keapjen, kaam de breugeman. Dy’t klear wienen, gongen mei him de brulloftsseal yn en de doar kaam op ’t slot. 11Neitiid kamen de oare fammen ek. Se rôpen: Mynhear, lit ús der dochs yn. 12Mar hy antwurde: Ik ken jimme hielendal net. 13Bliuw dus wekker, want dei en oere witte jimme neat fan.
De gelikenis fan ’e talinten
14It is dêrmei as mei de man dy’t om utens gong en doe syn ûnderhearrigen by him rôp om harren syn besit ta te fertrouwen. 15De iene joech er fiif talinten, de oare twa en de tredde ien, elk nei’t er oan koe. Doe reizge er ôf. 16Dy’t fiif talinten krige hie, gong fuortynienen oan ’e slach, die der handel mei en fertsjinne der noch fiif by. 17Krektsa die de man dy’t twa krige hie. Hy fertsjinne der noch twa by. 18Mar de man dy’t it iene krige hie, dolde in gat yn ’e grûn en bedobbe dêr it jild fan syn hear yn. 19Gâns in set letter kaam de hear fan dy ûnderhearrigen wer thús en rekkene mei harren. 20De man dy’t fiif talinten krige hie, kaam mei in winst fan nochris fiif talinten en sei: Mynhear, fiif talinten hawwe jo my jûn. Sjoch, noch fiif haw ik derby fertsjinne. 21Tsjin him sei de hear: Moai sa, do bist in goede en fertroude feint. Oer in bytsje hast trou noed stien, ik sil dy no oer hiel wat stelle. Kom mei nei myn feestmiel. 22Doe kaam de man dy’t twa talinten krige hie. Hy sei: Mynhear, twa talinten hawwe jo my jûn. Sjoch, ik haw der noch twa by fertsjinne. 23Tsjin him sei de hear: Moai sa, do bist in goede en fertroude feint. Oer in bytsje hast trou noed stien, ik sil dy no oer hiel wat stelle. Kom mei nei myn feestmiel. 24Mar de man dy’t ien talint krige hie, kaam ek. Hy sei: Mynhear, ik wist dat jo in fûlenien wienen. Jo rispje op plakken dêr’t jo net siedde hawwe, en helje mar yn, dêr’t jo neat útset hawwe. 25Ik wie dus tige bang en haw it talint yn ’e grûn bedobbe. Sjoch, hjir hawwe jo jowes werom. 26Mar de hear sei tsjin him: Minne en sleauwe fint, ast dan sa goed wiste dat ik rispje op plakken dêr’t ik net siedde haw, en dat ik ynhelje, dêr’t ik neat útset haw, 27dan hiest myn jild op ’e bank sette moatten en dan hie ik, doe’t ik thúskaam, myn jild mei rinte weromkrige. 28Nim him dêrom it talint ôf en jou dat oan dy’t de tsien talinten hat, 29want elk dy’t wat hat, krijt wat. Him sil folle mear as oaren jûn wurde. Mar ien dy’t net hat, sil ek noch ôfnommen wurde, wat er hat. 30Smyt dy fint-fan-neat mar bûten yn ’t tsjuster. Dêr sil wat ôfgûld wurde en op ’e tosken knarst!
It oardiel oer de folken
31As de Minskesoan mei al syn ingels yn syn hearlikheid komt, sil Er op syn gloarjetroan sitten gean. 32Alle folken sille dan foar Him brocht wurde en Hy sil se faninoar skiede, sa’t in hoeder dat docht mei skiep en geiten. 33De skiep sil Er rjochts fan Him delsette, de geiten links. 34Dan sil de kening sizze tsjin dy’t rjochts steane: Kom, jimme dy’t troch myn Heit segene binne, nim as jim part it ryk dat foar jimme klear leit, al fan ’e skepping fan ’e wrâld ôf. 35Want Ik hie honger en jimme hawwe My te iten jûn, ik hie toarst en jimme hawwe My te drinken jûn, Ik wie frjemd en jimme hawwe My mei yn ’e hûs nommen, 36Ik wie neaken en jimme hawwe My yn ’e klean set, Ik wie siik en jimme hawwe My opsocht, Ik siet yn it tichthús en jimme binne by My kommen. 37Dan sille de goeden ferwûndere sizze: Hear, wannear hawwe wy dan sjoen, dat Jo honger hienen en Jo te iten jûn, of dat Jo toarst hienen en Jo te drinken jûn? 38Wannear hawwe wy dan sjoen, dat Jo frjemd wienen en Jo mei yn ’e hûs nommen, of neaken en Jo klean oandien? 39En wannear hawwe wy dan sjoen, dat Jo siik wienen of yn it tichthús sieten en hawwe wy Jo opsocht? 40De kening sil harren dan antwurdzje: Dit sis Ik jimme: Wat jimme ek mar foar ien fan myn allerearmste bruorren dien hawwe, dat hawwe jim foar My dien. 41Dan sil Er ek dy’t links steane, oansprekke en sizze: Fuort jimme! By My wei, ferflokten, it ivige fjoer yn, dat foar de duvel en syn kornuten reemakke is, 42want Ik hie honger en jimme hawwe My net te iten jûn, Ik hie toarst en jimme hawwe My net te drinken jûn, 43Ik wie frjemd en jimme hawwe My net yn ’e hûs nommen, neaken en jimme hawwe My net yn ’e klean set, siik en yn it tichthús en jimme hawwe My net opsocht. 44Ek sij sille dan ferwûndere freegje: Hear, wannear hawwe wy dan sjoen, dat Jo honger of toarst hienen of dat Jo frjemd, neaken of siik wienen of dat Jo yn it tichthús sieten en wannear hawwe wy Jo dan net holpen? 45Dan sil Er harren antwurdzje: Dit sis Ik jimme: Wat jimme net foar ien fan dizze allerearmsten dien hawwe, dat hawwe jimme foar My ek net dien. 46Dy sille dan de ivige straf yngean, mar de goeden it ivige libben.