De ferwoesting fan ’e timpel foarsein
1Doe’t Jezus út ’e timpel weigien wie en fierder gong, kamen syn learlingen by Him en wiisden Him op ’e timpelgebouwen. 2Hy sei tsjin harren: Sjogge jimme dat hiele kompleks? No, Ik sis jimme: Gjin stien sil hjir op ’e oare litten wurde, alles giet tsjin ’e grûn.
It begjin fan ’e weeën
3Doe’t Er op ’e Oliveberch sitten gien wie, kamen de learlingen by Him, en wylst der oars gjinien by wie, fregen se: No moatte Jo ús ris fertelle, wannear’t dat wêze sil en ek wêr’t men oan sjen kin, dat Jo op kommende wei binne en dat de wrâld op ’en ein rint. 4Jezus antwurde: Pas op, dat gjinien jimme op ’e doele bringt. 5Der sille hiel wat komme ûnder myn namme en sizze: Ik bin de Kristus. Hiel wat lju sille se op ’e doele bringe. 6Jim sille hearre fan oarloggen en fan oarlochsdrigings. Pas op, lit jim net yn ûnstjoer bringe. Dat moat allegearre komme, mar it is de ein noch net. 7It iene folk sil tsjin it oare opstokele wurde, it iene keninkryk tsjin it oare. Hongersneed en ierdbeving, sa komt it op ferskate plakken. 8Dat is allegear it begjin fan ’e weeën.
9Dan sille se jimme oerleverje om tramtearre te wurden, ja, fermoardzje sille se jim. Troch alle folken sille jimme hate wurde om myn namme. 10Dan sille der hiel wat ôffalle. Ut haat ferriede se inoar. 11Der komme ek sabeare-profeten en dy sille hiel wat minsken op ’e doele bringe. 12Mei’t it libjen sûnder God en gebod algemiener wurdt, sil de leafde ûnder de minsken ferklomje. 13Dy’t lykwols oan ’e ein ta folhâldt, sil behâlden bliuwe. 14Dit bliid boadskip fan it keninkryk sil oer de hiele wrâld ferkundige wurde as in getugenis foar alle folken. En dan sil de ein der wêze.
De grutte delklap
15As jimme dan op it hillige plak it skriklik stik ôfgriis stean sjogge dêr’t profeet Daniël it oer hân hat – lit de lêzer it goed begripe – 16dan moatte de lju fan Judéa de bergen yn flechtsje, 17dy’t op it dak is, moat net nei ûnderen gean om syn guod út ’e hûs te heljen, 18en dy’t it lân yn is, moat net weromkomme om syn mantel mei te nimmen. 19Earme froulju dy’t yn dy dagen yn ferwachting binne of dy’t in lytsen oan ’t boarst hawwe. 20Bid mar, dat it gjin winter of sabbat is, as jimme de wyk nimme moatte, 21want it giet sá mâl as it noch noait gien is fan it oanbegjin fan ’e wrâld ôf oan no ta, en ek noait wer gean sil. 22As de Hear dy dagen net ynkoart hie, soe gjin minske yn wêzen bliuwe. Mar om de útkarden hat Er dy dagen ynkoart.
23As dan ien tsjin jimme seit: Sjoch, hjir is de Kristus, of: Sjoch, dêr is Er, leau him net. 24Der sille sabeare-kristussen en sabeare-profeten komme, en dy sille sokke grutte wûndertekens dwaan, dat se ek de útkarden fan ’t stik bringe soenen, as dat mooglik wie. 25Pas op, Ik haw it jimme foarút sein. 26As se dus tsjin jimme sizze: ‘Sjoch, Hy is yn ’e woestyn,’ gean der net hinne, of: ‘Kom ris, Hy is yn ’e achterkeamer,’ leau it net. 27Lykas de wjerljocht troch de loft sjit fan east nei west, sa sil it ek wêze mei it kommen fan de Minskesoan. 28Dêr’t it kring leit, dêr komme de gieren op ta.
It kommen fan de Minskesoan
29Fuort nei de ferskrikking fan dy dagen
sil de sinne tsjuster wurde,
de moanne syn skynsel net jaan,
de stjerren sille fan boppen falle
en de himelske machten yn ûnstjoer reitsje.
30Dan sil it teken fan de Minskesoan oan ’e loft ferskine. Alle folken op ’e wrâld sille harsels foar ’t boarst slaan. Se sille de Minskesoan op ’e wolken fan ’e himel kommen sjen mei grutte macht en majesteit. 31Hy sil syn ingels útstjoere mei in grutte trompet en dy sille syn útkarden byinoar bringe út alle fjouwer wynstreken wei, fan de iene ein fan ’e wrâld oant de oare.
De les fan ’e figebeam
32Helje út ’e gelikenis fan ’e figebeam dizze les: As syn tûken weak wurde en blêdspruten drage, dan witte jimme dat de simmer nei-oan is. 33Sa witte jimme ek, as jimme dát allegearre sjogge, dat de Minskesoan nei-oan is. 34Ja, Ik sis jimme: De minsken fan no sille dat allegearre grif noch belibje. 35Himel en ierde sille foarbygean, mar myn wurden sille net foarbygean.
De dei dêr’t gjinien fan wit
36Dy dei en dy oere wit gjinien wat fan, ek de ingels yn ’e himel en de Soan net, allinne de Heit. 37Lvkas it wie yn ’e tiid fan Noäch, sa sil it ek wêze, as de Minskesoan komt. 38Yn ’e tiid foar de grutte floed gongen se troch mei iten en drinken, manlju namen in frou en froulju krigen in man, oant de dei dat Noäch yn ’e arke gong. 39Se hienen der neat fan yn ’e rekken, oant de grutte floed kaam en alleman ferdylge. Krekt sa sil it gean, as de Minskesoan komt.
40Dan sille der twa manlju op ’e bou wêze, de iene wurdt meinommen, de oare net. 41Twa froulju sille dwaande wêze mei moal te meallen, de iene wurdt meinommen, de oare net. 42Dêrom wês wach, want jimme witte net, op wat foar dei jimme Hear komt. 43Hjir moatte jim mar om tinke: As de baas witten hie, hoe let de dief komme soe, dan wied er wol wekker bleaun en dan hied er net yn syn hûs ynbrekke litten. 44Dêrom moatte jimme ek reestean, want de Minskesoan komt op in stuit dat jim it net ferwachtsje.
De betroubere en de ûnbetroubere húswarder
45Wa is no de fertroude en ferstannige húswarder, dy’t syn hear oer it tsjinstfolk steld hie om harren op ’e tiid it iten ta te parten? 46Dy feint mei fan gelok sprekke, as de hear him dêrmei dwaande sjocht, as er thús komt. 47Ja, Ik sis jimme: Hy sil him it behear jaan oer alles wat er hat. 48Mar as dy feint lui is en by himsels seit: Mynhear docht it him wol oan tiid, 49en as er dan de oare feinten begjint te slaan, mei dronkene lju yt en drinkt, 50dan komt de baas grif thús op in dei dat de feint him net ferwachtet, en op in stuit dat er net foarút wit. 51De baas sil him dan útinoar slaan en him syn plak wize by de moaiwaarspilers. Dêr sil wat ôfgûld wurde en op ’e tosken knarst!