De arbeiders yn ’e wyngerd
1It is mei it himelske ryk as mei in boer dy’t der de moarns betiid op út gong om arbeiders foar syn wyngerd yn te hieren. 2Nei’t er it mei de arbeiders iens wurden wie oer de deihier fan in denaarje, stjoerde er harren nei syn wyngerd. 3Om njoggen oere seach er wer guon op ’e merk stean, dy’t neat om hannen hienen. 4Hy sei tsjin harren: Gean ek mar nei myn wyngerd ta en ik sil jim jaan wat jim takomt. 5Hja gongen derhinne. Om tolve en om trije oere gong er wer nei de merk en die itselde. 6Om fiif oere likernôch gong er der nochris hinne en seach der noch guon omhingeljen. Hy sei tsjin harren: Wêrom ferdogge jim de hiele dei mei neat-dwaan? 7Se seinen: Gjinien hat ús ynhierd. Hy antwurde: No, gean dan ek mar nei myn wyngerd. 8De jûns sei de boer tsjin ’e opsichter: Rop de arbeiders en betelje harren it lean út, by de lêsten begjinne en dan de rigele lâns nei de earsten. 9Doe’t dy fan ’e middeis fiif oere kamen, barden se elk in denaarje. 10Doe’t de earsten oan bod kamen, tochten dy, dat se mear krije soenen, mar sy barden ek ien denaarje de man. 11Doe’t se dy krigen, prottelen se deroer tsjin ’e boer 12en seinen: Dy lêste mannen hawwe mar ien oere arbeide en jo jouwe harren likefolle as ús, wylst wy der dochs de hiele gleone dei foar switten hawwe. 13Mar hy joech der ien fan harren dit op werom: Bêste man, ik doch jo wier net te koart! Wienen wy net ôfakkoarte oer de deihier fan ien denaarje? 14Nim dus wat jo takomt en gean nei hûs. Ik wol no ienkear dy lêstkommene likefolle jaan as jo. 15Mei ik soms mei myn eigen jild net dwaan, wat ik wol? Of binne jo nidich omdat ik rojaal bin? 16Sa sille neikommers gauris earst en foarliken lêst wêze.
Foar de tredde kear foarseit Jezus syn dea en ferrizenis
17Jezus reizge fierder nei Jeruzalem. Underweis naam Er de tolve apart en sei tsjin harren: 18Sjoch, wy geane op Jeruzalem oan en de Minskesoan sil troch ferrie yn hannen falle fan ’e hegeprysters en wetgelearden. Se sille Him ta de dea feroardielje, 19en Him oan ’e heidenen oerleverje. Dy sille Him húnje, giselje, en oan it krús slaan, mar de tredde deis sil Er ferrize.
De fraach fan Jakobus en Johannes
20Doe kaam de mem fan ’e soannen fan Sebedéus by Him. Hja hie har soannen by har. Se foel foar Him op ’e knibbels om wat te freegjen. 21Hy sei tsjin har: Wat woenen jo graach? Hja antwurde: Dat dizze beide jonges fan my nêst Jo sitte sille yn jo ryk, de iene rjochts en de oare links. 22Jezus antwurde: Jimme witte net, wat jim freegje. Kinne jim de lijensbeker drinke, dy’t Ik drinke moat? Se seinen: Ja, dat kinne wy. 23Hy sei tsjin harren: Goed, dy lijensbeker sille jim drinke, mar dat rjochts en links fan my sitten, nee, dat haw Ik net foar ’t sizzen. Dat is weilein foar harren oan wa’t myn Heit it taskikt hat.
24Doe’t de tsien oaren dat hearden, namen se it de beide bruorren tige kwea ôf. 25Mar Jezus rôp harren by Him en sei: Jimme witte wol, dat de hearskers oer de folken de baas spylje yn har lân en dat de grutte lju yn alles har macht jilde litte. 26Sa moat it by jimme net wêze. Dy’t by jimme grut wêze wol, moat de oaren betsjinje, 27en dy’t by jimme de earste wêze wol, moat elkenien foar gean litte. 28Sa is ommers de Minskesoan ek net kommen om betsjinne te wurden, mar om sels te tsjinjen en syn libben te jaan as lospriis foar gâns minsken.
Twa blinen wurde better makke
29Doe’t se Jericho út gongen, rûn in grutte mannichte Him achternei. 30No sieten dêr twa blinen oan ’e kant fan ’e wei en doe’t dy hearden dat Jezus foarbykaam, rôpen se: Hear, haw meilijen mei ús, Soan fan David! 31It folk snaude harren ta: Hâld jim stil. Mar doe rôpen se noch lûder: Hear, haw meilijen mei ús, Soan fan David. 32Jezus bleau stean en spriek harren oan. Hy frege: Wat wolle jimme, dat Ik foar jim doch? 33Se seinen: Hear, meitsje ús de eagen wer iepen. 34Jezus krige djip meilijen mei harren en rekke har eagen oan. Op slach koenen se wer sjen en gongen mei.