It útstjoeren fan ’e tolve
1Nei’t Er de tolve learlingen by Him roppen hie, joech Er harren macht om duvels út te bannen en elkenien dy’t siik en swak wie, te helpen. 2De nammen fan de tolve apostels binne: Om te begjinnen Simon, dy’t Petrus neamd wurdt, en syn broer Andréas, dan Jakobus, de soan fan Sebedéus, en syn broer Johannes, 3dan Filippus en Bartoloméus, Tomas en Mattéus, de tolgarder, Jakobus, de soan fan Alféus, en Taddéus, 4Simon de Kananeeër en Judas Iskariot, de man dy’t Him ferret hat.
De oanwizings foar de tolve
5Dy tolve stjoerde Er út mei dizze oanwizings: Gean net de kant fan ’e heidens út. Kom net yn in stêd fan ’e Samaritanen. 6Gean leaver nei de ferlerne skiep fan it folk fan Israel ta. 7Underweis moatte jimme oeral de minsken oansizze, dat it himelske ryk tichteby kommen is. 8Meitsje de siken better, lit de deaden ferrize, suverje lepralijers, ban duvels út. Fergees hawwe jim krige, fergees moatte jimme jaan. 9Doch gjin goud, sulver of koperjild yn ’e mulriem. 10Nim gjin reissek mei foar ûnderweis, gjin twa stel klean, gjin sandalen, gjin stôk, want wa’t arbeidet, komt syn lean ta. 11Komme jim earne yn in stêd of doarp, sykje dan earst út, by wa’t jim it bêste tahâlde kinne, en bliuw dêr, oant jim út dat plak weigeane. 12Komme jimme in hûs yn, bring dêr dan earst de fredegroet. 13Komt dy winsk it hûs ta, dan mei der frede op rêste. Oars moat dy fredewinsk by jimsels weromkomme. 14Komme jimme by ien dy’t jimme der net yn lit en net nei jimme wurden harkje wol, gean dan by dat hûs of út dy stêd wei en skodzje de moude fan jimme fuotten ôf. 15Dit sis Ik jimme: foar Sodom en Gomorra sil it op ’e oardielsdei better út te hâlden wêze as foar dy stêd.
De ferfolgings dy’t komme sille
16Sjoch, Ik stjoer jimme as skiep tusken de wolven. Wês dus gewykst as de slangen en op jim iepenst as de dowen. 17Pas op foar de minsken, want se sille jimme oanbringe by har rjochters en giselje yn har synagogen. 18Foar goeverneurs en keningen sille jimme brocht wurde, om My. Dan sille jimme foar har en de heidens getugenis ôflizze moatte. 19Mar as se jimme opbringe, sit dan net yn noed oer it hoe en wat fan jimme wurden; want op dat stuit sil jim ynjûn wurde, wat jim sizze moatte. 20Jimme binne it ommers net, dy’t dan sprekke, mar it is de Geast fan jimme Heit, dy’t troch jimme sprekt. 21De iene broer sil de oare oanbringe en sa de dea ynstjoere, ja, de heit syn eigen bern. Bern sille yn opstân komme tsjin har âlden en harren de dea oandwaan. 22Elkenien sil jimme haatsje om My, mar dy’t úthâldt oan ’e ein ta, dy sil behâlden wurde. 23Ferfolgje se jimme yn dizze stêd, nim de wyk nei in oaren. Ik stean der jim foar yn: Ear’t de Minskesoan komt, sille jimme lang net alle stêden fan Israel bylâns west hawwe. 24De learling stiet net boppe de master, de feint net boppe syn baas. 25De learling mei bliid wêze, as er sa fier komt as de master, de feint sa fier as syn baas. As se de hear fan it hûs al Beëlzebûl neamd hawwe, hoefolleste earder sille se dat syn folk net dwaan.
Foar wa’t men bang wêze moat
26Wês net bang foar harren. Neat is ommers bedutsen, dat net ûntdutsen wurde sil, neat geheim, dat net bekend wurdt. 27Wat Ik jimme by tsjuster fertel, jou dat troch by ljochtskyndei, en wat jimme yn ’t ear flústere is, meitsje dat lûd en foar elkenien bekend. 28Wês net bang foar harren dy’t wol it lichem deadzje kinne, mar net de siele. Wês earder bang foar Him dy’t de macht hat siele en lichem beide yn ’e hel te ferdylgjen. 29Jilde mosken net in stoer de twa? En net ien fan dyen sil nei ûnderen falle bûten jimme Heit om. 30By jimme binne sels de hierren fan ’e holle allegearre teld. 31Wês dêrom net bang. Jimme binne mear wurdich as in kloft mosken mei-inoar.
It by de minsken foar Kristus opnimme
32Elkenien dy’t it foar My opnimt by de minsken, dêr sil Ik it foar opnimme, by myn Heit yn ’e himel. 33Mar elkenien dy’t My net kenne wol by de minsken, dy sil Ik net kenne by myn Heit yn ’e himel.
Gjin frede mar it swurd
34Tink mar net, dat Ik kommen bin om frede op ’e wrâld te bringen. Ik bin net kommen om frede te bringen, mar it swurd. 35Myn kommen bringt ommers skeel tusken soan en heit, dochter en mem, skoandochter en skoanmem. 36Yn eigen hûs sil men jins fijannen hawwe. 37Wa’t syn leafde foar heit of mem heger stelt as dy foar My, heart net by My. En wa’t syn leafde foar soan of dochter heger stelt as dy foar My, heart net by My. 38Wa’t syn krús net opnimt en My net folgje wol, heart net by My. 39Wa’t besiket it libben te behâlden, dy sil it ferlieze, en wa’t it libben om My ferliest, dy sil it behâlde.
Beleannings
40Dy’t jimme opnimt, nimt My op, en dy’t My opnimt, nimt Him op, dy’t My stjoerd hat. 41Wa’t in evangeeljepreker opnimt, omdat it in evangeeljepreker is, sil it lean fan sa’n ien krije, en dy’t in bern fan God opnimt, omdat it in bern fan God is, dy sil it lean fan sa’n ien krije. 42En wa’t ien fan dizze lytsen al is it mar in kopkefol kâld wetter jout, omdat it in learling fan My is, ja, Ik sis jimme, it lean derfoar sil him net ûntkomme.