It útstjoeren fan de tolve
1Nei’t Er de tolve by Him roppen hie, joech Er harren macht en gesach om alle duvels út te bannen en minsken fan sykten ôf te helpen. 2Doe stjoerde Er harren deropút om Gods ryk oan te kundigjen en siken better te meitsjen.
3Hy sei tsjin harren: Nim neat mei foar ûnderweis, gjin stôk, gjin reissek, gjin brea, gjin jild. En gjinien mei in dûbeld stel klean hawwe. 4As jimme ienkear earne in thús hawwe, moatte jimme dêr bliuwe, oant jimme út dat plak weigeane. 5Binne der guon dy’t jimme net yn ’e hûs hawwe wolle, dan moatte jimme dêrwei gean en jim it stof fan ’e fuotten skodzje as in warskôging foar harren. 6Doe gongen se fuort en reizgen de doarpen ôf, wylst se oeral it bliid boadskip brochten en de siken better makken.
Herodes yn noed
7No kaam de tétrarch Herodes alles wat der foarfoel te hearren. Hy wie der mei oan, omdat guon seinen: Johannes de Doper is út de dea ferriisd, 8oaren: Elía is ferskynd, en noch wer oaren: Ien fan ’e âlde profeten is weromkommen. 9Herodes sei: Johannes haw ik de holle ôfslaan litten. Wa mei dit dan dochs wêze, de man dêr’t ik sokke dingen fan hear? En hy die war om Him ris ûnder eagen te krijen.
Fiiftûzen krije sêd
10Doe’t de apostels weromkamen, fertelden se Him alles wat se dien hienen. Hy naam harren mei nei de stêd dy’t Betsaïda hiet. Dan koenen se ris ûnder elkoar wêze. 11Mar it folk krige der erch yn en sette Him achternei. Doe liet Er harren komme en spriek mei harren oer Gods ryk. Dy’t holpen wurde moasten, makke Er better.
12Doe’t de dei sawat om wie, gongen de tolve nei Him ta en seinen: Lit de minsken fuortgean, dat se yn ’e doarpen hjiromhinne en by de boeren ûnderdak en iten fine, want wy binne hjir yn in ferlitten oarde. 13Mar Hy sei tsjin harren: Jimsels moatte harren iten jaan. Sij seinen lykwols: Mar wy hawwe oars net as fiif breaën en twa fisken. Of wy soenen hinnegean moatte en keapje iten foar al dat folk. 14No wienen der sa’n fiiftûzen man. Tsjin syn learlingen sei Er doe: Lit har sitten gean yn ploegen fan likernôch fyftich. 15Dat dienen se. Se hieten harren allegearre sitten te gean. 16Doe naam Er de fiif breaën en de beide fisken, seach op nei de himel, spriek de tanksizzing út, briek se en joech se oan syn learlingen om se it folk foar te setten. 17Hja ieten en krigen allegearre sêd. De stikken dy’t se oer hienen, waarden byinoar fandele: tolf kuorfollen.
Petrus oer Jezus
18Doe’t Er ris lykme allinne yn gebed wie, kamen de learlingen by Him. Hy frege harren: Wa sizze de minsken, dat Ik bin? 19Se antwurden: Guon sizze Johannes de Doper. Oaren: Elía en noch wer oaren sizze: Ien fan ’e âlde profeten is weromkommen. 20Doe sei Er tsjin harren: Mar jimme, wa sizze jimme dat Ik bin? Petrus antwurde: De Kristus fan God.
Jezus foarseit syn dea en ferrizenis
21Hy skerpe harren yn dat oan gjinien te fertellen. 22De Minskesoan, sei Er, moat noch gâns ûnderfine fan ’e âldsten, hegeprysters en learaars. Hy moat fersmiten en deade wurde, en de tredde deis ferrize.
23Tsjin alleman sei Er: As immen My folgje wol, moat er himsels weisiferje, alle dagen syn krús opnimme en My neifolgje. 24Want dy’t syn libben behâlde wol, sil it ferlieze, mar dy’t syn libben ferliest om My, dy sil it behâlde. 25Wat jout it ommers, as men de hiele wrâld al wint, mar jinsels ferliest of knoeit. 26Want wa’t him skammet foar My en Myn wurden, foar him sil de Minskesoan him skamje, wannear’t Er komt yn syn hearlikheid en yn dy fan syn Heit en de hillige ingels. 27Dit sis Ik jimme: Under de lju dy’t hjir steane, binne guon dy’t net stjerre sille, ear’t se Gods ryk sjoen hawwe.
De ferhearliking op ’e berch
28In dei of acht nei’t Er dat sein hie, naam Er Petrus, Johannes en Jakobus mei de berch op om te bidden. 29Doe barde der dit: wylst Er yn gebed wie, feroare syn wêzen en syn klean kaam in wite glâns oer. 30Ynienen stienen der twa mannen mei Him te praten, it wienen Mozes en Elía. 31Dy ferskynden yn himelske glâns en seinen, hoe’t de útein wêze soe dy’t Him yn Jeruzalem te wachtsjen stie. 32Petrus en dy wienen fan sliep befongen, mar se waarden klear wekker en seagen syn ljochtglâns en de beide mannen dy’t by Him stienen. 33Doe’t dy by Jezus weigean woenen, sei Petrus tsjin Him: Master, it is goed dat wy hjir binne. Lit ús trije tinten opsette, ien foar Jo, ien foar Mozes en ien foar Elía. Hy wist net, wêr’t er it oer hie. 34Mar wylst er dat sei, kaam der in wolk as in skaad oer harren hinne. En doe’t se yn ’e wolk rekken, waarden se bang.
35Doe kaam der in stim út ’e wolk: Dit is myn Soan, Him haw Ik útkeazen, harkje nei Him. 36En de stim wie noch net fuort, doe murken se ynienen, dat Jezus allinne wie. Se hâlden dat stil en praten yn dy dagen mei gjinien oer wat se sjoen hienen.
In beseten jonge wurdt better makke
37Doe’t se de oare deis de berch ôf kamen, rûn gâns folk harren temjitte. 38Ynienen rôp in man út ’e mannichte: Master, soenen Jo ris nei myn soan sjen wolle. Ik bid it Jo, want it is myn iennichste. 39Sa no en dan pakt in geast him oan. Ynienen begjint dy it dan út te razen en him hinne en wer te skuorren, dat it skom him op ’e mûle stiet. Hy tamtearret him sa en wol him suver net loslitte. 40Ik haw jo learlingen frege om him út te bannen, mar se koenen it net.
41Jezus antwurde: O ûnleauwich en dwerstrieddich skaai, hoelang moat Ik noch by jimme bliuwe en jimme ferdrage? 42Bring jo soan hjir mar. Doe’t dy deroan kaam, smiet de duvel him oer de grûn en skodde him slim hinne en wer. Jezus ferbea de kweade geast, makke de jonge better en joech him oan syn heit werom, 43Elkenien stie ferheard fan Gods gruttens.
Jezus foarseit wer syn dea
Wylst se allegearre noch fol ferwûndering wienen oer wat Er die, sei Er tsjin syn learlingen: 44Jimme moatte goed ûnthâlde, wat Ik no sis. De Minskesoan sil oerlevere wurde oan minskehannen. 45Mar se begriepen dat sizzen net; it bleau harren sa tsjuster, dat se koenen it net trochsjen. Se doarsten lykwols ek net op dy wurden ynfreegje.
Wa is de grutste?
46Doe krigen se der strideraasje oer, wa fan harren de grutste wie. 47Jezus, dy’t wol wiste wat se tochten, helle doe in jonkje nei Him ta, sette dat njonken Him del, 48en sei tsjin harren: Wa’t om My dit jonkje opnimt, nimt My op. Wa’t My opnimt, nimt Him op dy’t My útstjoerd hat. Dat, wa’t ûnder jimme de lytste wêze wol, dy is de grutste.
Dy’t net tsjin jimme is, is foar jim
49Johannes kaam der tusken en sei: Master, wy hawwe ien sjoen, dy’t dwaande wie mei yn jo namme duvels út te bannen en wy hawwe it him ferbean, omdat er net ien fan ús is, dy’t Jo folgje. 50Mar Jezus sei tsjin him: Ferbied it him net, want wa’t net tsjin jimme is, is foar jimme.
In Samaritaansk doarp wol Jezus net opnimme
51De dei dat Er yn ’e himel opnommen wurde soe, kaam tichteby. Dêrom gong Er wolberet op wei nei Jeruzalem. 52Hy stjoerde boaden foar Him út. Doe’t dy ûnderweis by in Samaritaansk doarp kamen om dêr in ûnderkommen foar Him klear te meitsjen, 53woenen de Samaritanen Him net opnimme, om’t Er nei Jeruzalem ta woe.
54Doe’t de learlingen Jakobus en Johannes dat fernamen, seinen se: Hear, meie wy sizze, dat der fjoer út ’e himel delkomme moat en har ferdylgje? 55Mar Jezus kearde Him om en sette harren te plak. 56Doe gongen se nei in oar doarp.
De ûnechte folgers fan Jezus
57Underweis sei ien tsjin Him: Wêr’t Jo mar hinne geane, ik gean mei. 58Mar Jezus sei tsjin him: De foksen hawwe hoalen en de fûgels nêsten, mar de Minskesoan hat neat om de holle op del te lizzen.
59Tsjin in oarenien sei Er: Gean mei. Dy sei lykwols: Lit my earst weromgean om ús heit te begraven. 60Jezus antwurde him: Lit de deaden har deaden mar begrave. Jo moatte derop út om oeral Gods ryk bekend te meitsjen.
61Noch in oarenien sei: Ja, ik gean mei, Hear, mar lit my earst thús ôfskie nimme. 62Mar Jezus sei: Ien dy’t oan it ploegjen is en achterom sjocht, is net de gaadlike man foar Gods ryk.