Inkelde froulju dy’t Jezus bystienen
1Neitiid reizge Er stêden en doarpen ôf om it bliid boadskip fan Gods ryk te preekjen. Mei Him reizgen de tolve 2en inkelde froulju dy’t fan kweade geasten en sykten ôfholpen wienen: Maria, dy’t ‘fan Magdala’ neamd wurdt, by wa’t der sân duvels útgien wienen. 3Johanna, de frou fan Herodes syn rintmaster Chusas, Susanna en gâns oaren. Dy soargen foar Jezus en syn learlingen mei wat se ta har foldwaan hienen.
De gelikenis fan de siedder
4Doe’t der ris in grutte mannichte byinoar wie, – út alle plakken kamen de minsken op Him tasetten – brûkte Er dizze gelikenis: 5In siedder gong derop út om it sied te siedzjen. By it siedzjen foel in part op it paad en waard fertrape. De fûgels pikten it op.
6In oar part foel op ’e rotsgrûn. Doe’t it opkaam, ferdroege it, omdat it gjin fochte hie.
7Wer in oar part foel tusken de stikels. It kaam tagelyk mei de stikels op en dy fersmoarden it.
8Noch in oar part foel yn goede ierde en doe’t it opsketten wie, joech it hûndertfâldich frucht. Lûd rôp Er dêr oerhinne: Dy’t earen hat om te hearren, dy moat se brûke.
9Syn learlingen fregen Him, wat dy gelikenis betsjutte. 10Hy sei: Jimme is it jûn de mystearjes fan Gods ryk te kennen, mar de oaren moatte it mei gelikenissen dwaan, dat se sjogge en dochs net ynsjogge, hearre en dochs net fersteane.
De gelikenis fan ’e siedder wurdt útlein
11Dizze gelikenis wol dit sizze: it sied is Gods wurd. 12Wat op it paad falt, dat binne de minsken dy’t wol harkje, mar dan komt de duvel en pikt it wurd út har hert wei, dat se net leauwe soenen en rêden wurde.
13Wat op ’e rotsgrûn siedde wurdt, dat binne de lju dy’t, as se it wurd hearre, dat mei blydskip oannimme. Omdat se lykwols gjin woartel hawwe, leauwe se, salang’t it harren útkomt, mar yn tiden dat it derop oan komt, falle se ôf.
14Wat yn ’e stikels te lâne komt, dat binne de harkers dy’t linkendewei smoare yn ’e noeden, de rykdom en it geniet fan it libben; se wurde net ryp.
15Mar wat yn ’e goede ierde te lâne komt, dat binne de harkers dy’t it wurd yn in edel en goed hert bewarje en troch út hâlden ta fruchtdragen komme.
In ljocht ûnder in bak
16Gjinien stekt in lampe op en set der dan in bak oerhinne of jout him plak ûnder in rêstbank. Nee, hy set him op in stander, dat alleman by it ynkommen ljocht sjocht. 17Want der is neat sa ferburgen of it komt oan it ljocht; neat sa geheim of it wurdt iepenlik bekend. 18Tink der dus om, hoe’t jimme harkje. Ja, wa’t wat hat, dy sil mear jûn wurde, mar wa’t neat hat, dy sil ek noch ôfnommen wurde, wat er mient te hawwen.
De mem en de bruorren fan Jezus
19Syn mem en syn bruorren sochten Him ris op. Se koenen lykwols fanwegen de kloft minsken net by Him komme. 20Doe waard Him trochdien: Jo mem en Jo bruorren steane bûtendoar en wolle mei Jo prate. 21Mar Hy antwurde: Myn mem en myn bruorren binne hja dy’t nei Gods wurd hearre en dêrnei dogge.
It stiljen fan in stoarm
22Op in kear stapte Er mei syn learlingen yn in boat en sei tsjin harren: Lit ús oerstekke nei de oare marswâl. Doe foeren se de mar op. 23Under it farren foel Er yn ’e sliep. In fûle flapwyn sloech op ’e mar del. De boat makke wetter en se rekken yn need. 24Se rûnen op Him ta, makken Him wekker en seinen: Master, master, wy fergeane. Hy waard wekker en ferbea de wyn en it wylde wetter. Doe joegen dy har del en it waard blakstil.
25En tsjin harren sei Er: Wêr is jimme fertrouwen? Mar hja wienen benaud wurden en tige ferwûndere seinen se tsjininoar: Wa mei Er dochs wêze, dat Er wyn en wetter gebiedt en dat dy om syn sizzen jouwe?
De besetene fan Gadara wurdt better makke
26Se hâlden oan op it lân fan de Gerasénen, dat foar Galiléa oer leit. 27Doe’t Er út ’e boat oan lân stapte, kaam Him in man út ’e stêd wei temjitte, dy’t duvels ynhie. Sûnt lange tiden hied er al gjin klean mear oan ’t liif en hy wenne net yn in hûs, mar yn ’e grêven. 28Doe’t er Jezus seach, joech er in gjalp, foel foar Him op ’e knibbels en raasde: Wat ha Jo mei my te meitsjen, Jezus, soan fan God de Allerheechste? Ik bid Jo, pinigje my net. 29Want Jezus hie de ûnreine geast hjitten út dy man wei te gean. Al wit-hoe-faak hie dy him oanpakt. Dan besochten se om him hannen en fuotten te binen en him fêst te hâlden, mar hy skuorde de boeiens stikken en waard dan troch de duvel de iensumheid yn jage.
30Jezus frege him: Hoe hjitte Jo? Hy sei: Legioen. Gâns duvels wienen ommers yn him fearn. 31Dy smeekten Jezus, dat Er harren net wer de ôfgrûn ynstjoere soe. 32No rûn dêr op ’e berch krekt in grutte keppel bargen te weidzjen. De duvels smeekten Him, Hy soe goedfine dat se yn dy bargen gongen. Hy fûn dat goed. 33Doe gongen de duvels út ’e man wei en foeren yn ’e bargen. Dêr stode de hiele keppel by de hichte del, de mar yn, en fersûpte.
34Doe’t de hoeders seagen, wat der bard wie, fleagen se fuort en fertelden it yn ’e stêd en bûtenút. 35Doe setten de minsken derhinne om te sjen, wat der foarfallen wie. Se kamen by Jezus en troffen de man noch, dêr’t de duvels útgien wienen. Hy siet oan Jezus syn fuotten, oanklaaid en wol, en goed by syn ferstân. Se waarden der bang fan. 36Dy’t it sjoen hienen, leinen har út, hoe’t de besetene ferlost wie. 37Al dat folk út ’e kontreien fan ’e Gerasénen stie der doe tige by Him op oan, dat Er by harren weigean soe, want de skrik siet der by har yn. En Jezus stapte yn ’e boat en foer werom. 38De man dy’t beseten west hie, frege oft er mei mocht. Mar Jezus stjoerde him nei hûs mei de wurden: 39Jo moatte wer nei hûs ta gean en fertelle, wat God oan jo dien hat. Doe gong de man nei hûs en fertelde oeral yn ’e stêd, wat Jezus oan him dien hie.
Jaïrus syn dochter en de frou dy’t Jezus syn klean oanrekke
40Doe’t Jezus weromkaam, waard Er troch it folk ynhelle, want se stienen allegearre op Him te wachtsjen. 41Doe kaam der in man oan, dy’t Jaïrus hiet. Hy wie behearder fan ’e synagoge. Foar Jezus syn fuotten foel er op ’e knibbels en smeekte Him om by him oan hûs te kommen, 42want syn iennichst famke fan sawat tolf jier, lei op stjerren. Doe’t Jezus derhinne gong, treauwen de minsken Him hast plat.
43Der wie ek in frou by, dy’t al tolf jier it bloedfloeien hân hie en al har jild ferdoktere, mar by gjinien koe se baat fine. 44Se kaam Him fan achteren op, rekke de seame fan syn mantel oan en fuortynienen hâlde it bloedfloeien op. 45Jezus sei: Wa hat My oanrekke? Doe’t gjinien derfoar útkomme woe, sei Petrus: Master, al dizze minsken kringe om Jo hinne en triuwe Jo suver plat. 46Mar Jezus sei: Der is ien dy’t My oanrekke hat, want Ik haw murken, dat der krêft út My rûn is.
47Doe’t de frou seach, dat it útkommen wie, foel se triljend foar Him del en bychte foar al it folk op, wêrom’t se Him oanrekke hie, en hoe’t se op slach better wurden wie. 48Hy sei tsjin har: Dochter, jo leauwen hat jo behâld west. Gean yn frede nei hûs. 49Wylst Er noch stie te praten, kaam der ien út it hûs fan ’e synagogebehearder en sei: Jo dochterke is al wei, fal de Master net langer lestich. 50Mar Jezus hearde dat en sei tsjin him: Wês net bang, hâld jo fertrouwen, dan sil se rêden wurde.
51Doe’t Jezus dêr yn ’e hûs soe, woed Er net lije, dat der ien oars meigong as Petrus, Johannes en Jakobus en de heit en mem. 52Se stienen allegearre te skriemen en te weekleien om har, mar Hy sei: Skriem net, se is net stoarn, se sliept. 53Hja laken Him út, omdat se der wis fan wienen, dat se stoarn wie.
54Mar Hy krige it famke by de hân beet en sei lûd: Famke, kom oerein! 55Se begûn wer te sykheljen en fuort kaam se oerein. Jezus sei, dat se har wat te iten jaan moasten. 56It famke har âlden koenen der net oer út. Hy ferbea harren om ek mar ien te fertellen, wat der bard wie.