It boadskip fan Johannes de Doper
1Yn it fyftjinde regearingsjier fan keizer Tibearius, doe’t Pontius Pilatus steedhâlder wie fan Judéa, Herodes regearre oer it lânsdiel Galiléa, syn broer Filippus oer Ituréa en Trachonitis, en Lysanias oer Abilêne, 2ûnder it hegeprysterskip fan Annas en Kajafas, iepenbiere God Him oan Johannes, de soan fan Sacharias, yn ’e iensumheid. 3Hy teach doe de hiele Jordaankrite troch en preke, dat de minsken har bekeare soenen en har dope litte. God soe har dan de sûnden ferjaan.
4Sa stiet it ek beskreaun yn it boek mei godsspraken fan profeet Jesaja:
Der is ien yn ’e woestyn, dy ropt:
Meitsje de wei foar de Hear ree,
meitsje rjochte paden foar Him.
5Alle delten moatte folstoart wurde,
alle bergen en hichten sljochte,
de bochtige paden moatte rjocht,
bulterige banen flak.
6Alle minsken sille sjen, dat God ferlossing bringt.
7De minsken dy’t yn kloften oansetten kamen om troch him doopt te wurden, spriek er sa ta: Jimme njirrebrod, wa hat jimme de wink jûn om de kommende grime te ûntrinnen? 8Kom mar ris mei fruchten dy’t by in bekearing hearre, en tink net by jimsels: Wy hawwe Abraham as heit, want Ik sis jimme: God kin út dizze stiennen hjir wol bern foar Abraham komme litte. 9It is sa fier, dat de bile is al op ’e woartel fan ’e beammen set. Alle beammen dy’t gjin goede frucht jouwe, wurde omkappe en yn it fjoer smiten.
10Doe frege it folk him: Wat moatte wy dan dwaan? 11Hy antwurde harren: Dy’t in dûbel stel klean hat, moat parte mei ien dy’t gjin hat, en dy’t te iten hat, fan ’t selde. 12Der kamen ek tolgarders om doopt te wurden. Dy seinen tsjin him: Master, wat moatte wy dwaan? 13Hy sei tsjin harren: Net mear easkje as jimme nimme meie. 14Ek soldaten fregen him: En wat moatte wy dwaan? Tsjin harren sei er: Gjinien útskodzje en útrûpelje, mar tefreden wêze mei jim soldij.
15Omdat it folk der longerjend nei útseach en elkenien himsels mei spanning ôffrege, oft hy, Johannes, de Kristus net wêze koe, joech er allegearre ta beskie: 16Ik doop jimme mei wetter, mar Hy dy’t sterker is as ik, is op kommende wei. Ik bin net goed genôch om de riem fan syn sandalen los te meitsjen. Dy sil jim dope mei hillige Geast en fjoer. 17De wanne hat Er al yn ’e hân om syn nôt te wanjen. De kerlen wol Er yn ’e skuorre byinoar bringe en it tsjêf sil Er ferbaarne yn it fjoer dat net út te krijen is. 18Mei noch hiel wat oare fermoannings brocht er it folk it bliid boadskip.
19Mar de tétrarch Herodes, dy’t troch Johannes te plak set wie fanwegen Heródias, syn broers frou, en al it kwea dat er bedreaun hie, 20hat ditte der noch oerhinne dien: hy liet Johannes opslute.
De doop van Jezus
21Doe’t al it folk doopt waard, en Jezus ek, gong, wylst Er bidde, de himel iepen; 22de Hillige Geast saaide sichtber as in do op Him del, en út ’e himel kaam in stim dy’t sei: Do bist myn Soan, myn ynleave Jonge, Ik bin sa wiis mei Dy.
De stambeam fan Jezus
23Hy, Jezus, wie, doe’t Er mei syn wurk begûn, om de tritich jier âld en nei’t se tochten in soan fan Joazef, de soan fan Ely, 24fan Mattat, fan Levy, fan Melchy, fan Jannai, fan Joazef, 25fan Mattatias, fan Amos, fan Naüm, fan Hesly, fan Naggai, 26fan Maät, fan Mattatias, 27fan Semeïn, fan Jozek, fan Joda, fan Joänan, fan Resa, fan Serûbbabel, fan Sjeältiël, fan Neary, 28fan Melchy, fan Addy, fan Kozam, fan Elmadan, fan Er, 29fan Jezus, fan Eliêzer, fan Joarim, fan Mattat, fan Levy, 30fan Simeon, fan Juda, fan Joazef, fan Joänam, fan Eljakim, 31fan Meleä, fan Menna, fan Mattatta, fan Natan, fan David, 32fan Isai, fan Obed, fan Boäz, fan Salmon, fan Nachson, 33fan Amminadab, fan Admin, fan Arny, fan Chesron, fan Peares, fan Juda, 34fan Jakob, fan Izaäk, fan Abraham, fan Tearach, fan Nachor, 35fan Serûg, fan Rachab, fan Pêleg, fan Eber, fan Sêlach, 36fan Kenan, fan Arpaksad, fan Sem, fan Noäch, fan Lamech, 37fan Metûselach, fan Henoch, fan Jêred, fan Mahalalel, fan Kenan, 38fan Enos, fan Set, fan Adam, fan God.