De berte fan Jezus
1Yn dy dagen kaam der in beslút ôf fan keizer Augustus om in telling te hâlden fan ’e hiele bewenne wrâld. 2Dy telling waard foar ’t earst hâlden ûnder lânfâd Quirinius fan Syrië.
3Allegearre gongen se op reis om har ynskriuwe te litten, elk nei syn eigen stêd. 4Joazef joech him ek op ’en paad, fan Galiléa, út ’e stêd Nazaret, nei Judéa, nei de stêd fan David, dy’t Betlehem hjit – hy wie ommers ien út it hûs en it skaai fan David, – 5om him ynskriuwe te litten mei Maria, syn breid, dy’t yn ferwachting wie.
6Wylst se dêr wienen, wie it sa fier mei har. 7Se krige doe har earstlingssoan, bewuolle Him yn doeken en lei Him yn in krêbe, want der wie foar harren gjin plak yn ’e herberge.
De skieppehoeders en de ingels
8No wienen der yn deselde kontrei hoeders, dy’t de nachts bûten bleauwen om by har keppel yn it fjild wacht te hâlden. 9Ynienen stie der in ingel foar harren en himelske gloarje ljochte om har hinne. Se waarden tige kjel. 10Mar de ingel sei: Wês net bang, want ik haw goed nijs foar jimme; grutte blydskip stiet it hiele folk te wachtsjen. 11Hjoed is jimme Ferlosser berne, Kristus de Hear, yn ’e stêd fan David. 12En hjir hawwe jim in oanwizing: Jim sille yn in krêbe in lyts berntsje fine, yn doeken bewuolle.
13En ynienen wie der by dy ingel in grut himelsk leger, dat Gods lof song mei de wurden:
14Eare oan God yn ’e heechste himel,
en frede op ierde, no’t God yn minsken wolbehagen hat.
15Doe’t de ingels by harren wei gien wienen, nei de himel ta, seinen de hoeders tsjinelkoar: Kom lit ús dan nei Betlehem ta gean en ris sjen, wat it is, dat de Hear ús te witten dien hat. 16Se makken oan om dêr te kommen en fûnen Maria en Joazef en it berntsje, dat yn in krêbe lei. 17Doe’t se it sjoen hienen, brochten se oer, wat harren fan dat jonkje sein wie.
18En dy’t it hearden, ferwûnderen har allegearre oer wat de hoeders har fertelden. 19Maria bewarre dat allegear yn har hert en liet it faak yn har omgean. 20De hoeders gongen werom en ferhearliken en prizen God om alles wat se heard en sjoen hienen. It wie krektsa as harren sein wie.
21In wike letter, de deis fan ’e besnijenis, krige Er de namme Jezus, de namme dy’t de ingel neamd hie, foardat Maria Him ûntfange mocht.
Jezus wurdt yn ’e timpel ynbrocht
22Doe’t de dei kaam, dat se neffens de Wet fan Mozes suver ferklearre wurde moasten, brochten se it jonkje nei Jeruzalem om it oan de Hear op te dragen. 23Sa stiet it ommers yn de hillige wet: Elke earstberne fan it manlik geslacht is ornearre om de Hear tawijd te wêzen. 24Ek namen se it jonkje mei om foar Him it offer te bringen, dat de wet foarskriuwt: in pear toartels of twa jonge dowen.
25No wie der yn Jeruzalem in man dy’t Simeon hiet. Dat wie in fromme, deugdsume man, dy’t de fertreasting fan Israel ferwachte. En hillige Geast wie oer him. 26Dy hie him ynjûn, dat er noch foar syn stjerren de Kristus dy’t God tasein hie, mei eigen eagen sjen soe.
27Dreaun troch de Geast, kaam dy man de timpel yn. Krekt brochten de âlden it jonkje Jezus yn om mei Him te dwaan wat wetlik wizânsje wie.
28Doe naam Simeon it jonkje op ’e earmen, prize God en sei:
29No jouwe Jo, Hear, jo tsjinner it frij om nei jo tasizzing yn frede hinne te gean;
30myn eagen hawwe no ommers de ferlossing sjoen,
31dy’t Jo taret hawwe foar it each fan alle folken,
32in ljocht om de heidens it paad te wizen
en in gloarje foar jo folk Israel.
33De heit en mem fan it jonkje harken nij op fan wat der oer Him sein waard. 34Simeon segene harren en sei tsjin Maria, de mem: Gâns minsken yn Israel sille – sa is it beskikt – oer dit jonkje falle en troch Him oereinkomme. Hy is set ta in teken fan God, dat tsjinspraak opropt. 35Ek troch jo hert sil in swurd gean. Hoe’t party minsken oer Him tinke, moat sa oan it ljocht komme.
36Dêr wie ek in profetes, Anna, in dochter fan Fanuël, fan de stam Azer. Hja wie al in hiel âld minske en hie nei har jongfammetiid sân jier mei har man libbe. 37Se wie no in widdo fan fjouwerentachtich jier. Noait kaam se mear út ’e timpel wei; hja tsjinne God nacht en dei mei fêstjen en bidden. 38Krekt op dat stuit kaam se der ek by, brocht tank oan God en prate oer it jonkje mei elk dy’t Jeruzalems ferlossing ferwachte.
Werom nei Nazaret
39Nei’t oan alle ferplichtings fan ’e hillige wet foldien wie, gongen se nei Galiléa werom, nei har stêd Nazaret. 40En it bern woeks op en waard sterk. Hy wûn oan yn wysheid en Gods geunst wie mei Him.
De jonge Jezus yn ’e timpel
41Jezus syn âlden plichten alle jierren nei Jeruzalem te reizgjen foar it Peaskefeest. 42Doe’t Jezus tolf jier wie, makken se wer de wenstige reis foar it feest. 43Mar doe’t se nei ôfrin fan ’e feestdagen weromgongen, bleau Jezus yn Jeruzalem achter, sûnder dat syn âlden it murken. 44Omdat se tochten, dat Er by it reisselskip wie, reizgen se in dei lang troch, mar doe begûnen se om Him te sykjen by famylje en kunde. 45Om’t se Him dêr net fine koenen, gongen se sykjendewei werom nei Jeruzalem.
46Nei trije dagen fûnen se Him yn ’e timpel, dêr’t Er midden tusken de wetlearaars siet en mar harke en harren fragen die.
47Dy’t nei Him harken, seagen allegear op fan syn ynsjoch en syn antwurden. 48Doe’t syn heit en mem Him dêr seagen, besauden se har en syn mem sei tsjin Him: Bern, wat hasto ús no oandien? Jimme heit en ik binne deaûngerêst en sykje alles om dy ôf. 49Mar Hy sei tsjin harren: Wat dienen jim sa om My te sykjen? Wisten jimme dan net, dat Ik dwaande wêze moat mei de dingen fan myn Heit? 50Se begriepen net, wat Er dêrmei sizze woe.
51Doe gong Er mei harren werom, kaam wer yn Nazaret, en die fierder wat se seinen. Syn mem bewarre dat allegearre yn har hert. 52En mei’t Jezus âlder en wizer waard, kaam Er mear en mear by God en de minsken yn ’e geunst.