Berou of dea
1Om dyselde tiid wienen der guon dy’t Him fertelden fan de Galileeërs dy’t Pilatus deaslaan litten hie. Har bloed wie troch dat fan har offerfee hinne rûn.
2Harren joech Jezus ta beskie: Miene jimme dat dy Galileeërs slimmer sûnders west hawwe as alle oaren, omdat harren dit oerkommen is? 3Ut noch yn net, sis Ik jimme, mar as jimme jimsels net feroarje, sille jim allegear krektsa omkomme.
4Of tinke jimme dat dy achttjin man dy’t ûnder de toer yn Siloäm telâne kamen en ferûngelokken, mear skuldich wienen as alle oare minsken dy’t yn Jeruzalem wenje? 5Nee, sis Ik jimme, mar as jimme jimsels net feroarje, sille jim allegear krektsa omkomme.
De gelikenis fan ’e ûnfruchtbere figebeam
6Hy fertelde harren dizze gelikenis: Der wie ris in man, dy hie in figebeam yn syn wyngerd stean. Doe’t er kaam om der figen ôf te heljen, fûn er gjint. 7Hy sei doe tsjin de hofker: Sjoch, al trije jier kom ik hjir om figen fan dy beam te heljen en ik fyn gjint. Hou him mar om. Wêrfoar soe er langer alle deugd út ’e grûn helje?
8De hofker antwurde: Hear, lit him dit jier noch stean. Dan sil ik der earst noch ris omhinne grave en him dong jaan. 9As er dan frucht jout, yn oarder! Mar sa net, hou him dan mar om!
In ferwoeksene frou wurdt op sabbat better makke
10Op sabbat joech Er ris ûnderrjocht yn ien fan ’e synagogen. 11Syn each foel op in frou dy’t al achttjin jier troch in geast knoeid waard. Se wie slim rûngear en koe hielendal net mear rjochtop stean. 12Doe’t Jezus har seach, spriek Er har oan en sei: Frou, jo binne ferlost fan jo kwaal. 13Hy lei har de hannen op, en mei-iens stie se rjochtoerein en prize God.
14De behearder fan ’e synagoge wie der min oer te sprekken, dat Jezus op sabbat ien holp. Hy utere dat mei tsjin it folk te sizzen: Seis dagen binne der om te arbeidzjen. Kom dan om holpen te wurden, mar net op ’e sabbatdei. 15Jezus joech him te hâlden: Komeedzjespylders, meitsje jim allegearre op sabbat jim okse of ezel net los fan ’e krêbe en nimme jim dy dan net mei om him drinke te litten? 16En mocht dan dizze frou, in dochter fan Abraham, dy’t de satan achttjin lange jierren bebûn hân hat, hjoed op sabbat net losmakke wurde fan dy bân? 17Doe’t Er dat sei, wienen al syn tsjinstanners beskamme. Al it folk wie bliid mei de wûnders dy’t Er allegearre die.
De gelikenissen fan it mostersiedsje en it soerdaai
18Fierder sei Er: Wêr liket Gods ryk op en wêr moat Ik it mei fergelykje? 19It is krekt as mei in mostersiedsje dat immen yn syn tún set. It waakst op, wurdt in beam en de fûgels nestelje yn syn tûken.
20In oare kear sei Er: Wêr moat Ik Gods ryk mei fergelykje? 21It is krekt as mei soerdaai dat in frou yn trije mjitten moal ferarbeidet, oant alles suorre is.
De smelle doar
22Op wei nei Jeruzalem teach Er troch stêden en doarpen en joech dêr ûnderrjocht. 23Doe frege immen Him: Hear, sil der mar in lyts tal rêden wurde? Syn antwurd wie: 24Doch alle war om troch de smelle doar te kommen, want dit sis Ik jimme: In bulte sille besykje om dêrtroch te kommen, mar it sil har net slagje.
25As de hear fan it hûs ienkear oerein kommen is en de doar op slot dien hat, en jimme begjinne dan bûten op ’e doar te klopjen en te roppen: Mynhear, lit ús deryn, en hy seit: Ik wit net wêr’t jimme wei komme, 26dan sille jimme begjinne te roppen: Wy hawwe mei jo iten en dronken, en: By ús yn ’e strjitte hawwe jo stien te learen. 27Mar nochris sil er sizze: Ik wit net wêr’t jimme wei komme. Fuort, út myn eagen, jim dogeneaten allegearre!
28Dêr sil wat ôfgûld en op ’e tosken knarst wurde, as jimme sjogge dat Abraham, Izaäk, Jakob en alle profeten yn Gods ryk binne en jimme bûtenkeard. 29Ja, se sille komme fan east en west, noard en súd, en oanskikke by de feesttafel yn Gods ryk. 30Sjoch, der binne neikommers dy’t earst, en foarliken dy’t lêst wêze sille.
De weeklacht oer Jeruzalem
31Doe wie it ek, dat inkelde Fariseeërs by Him kamen en seinen: Sjoch dat Jo hjirwei komme, want Herodes wol Jo fermoardzje. 32Mar Hy sei tsjin harren: Sis mar tsjin dy foks, dat Ik hjoed en moarn noch duvels útban en siken better meitsje, mar dat oaremoarn foar My de ein komt. 33Yn elk gefal moat Ik hjoed en moarn en de deis dêrop trochreizgje, want it jout fansels gjin pas, dat in profeet bûten Jeruzalem omkomt.
34Jeruzalem, Jeruzalem, dat de profeten fermoardet en de mannen stienniget, dy’t nei dy tastjoerd binne, hoe faak haw Ik dyn bern net byinoar bringe wollen, lykas in klokhin har piken ûnder de wjukken nimt; mar jimme hawwe net wollen. 35Sjoch, jim hûs wurdt oan jimsels oerlitten. Ik sis jimme: My sille jim net mear sjen, oant jimme sizze: Heech te priizjen is Hy dy’t komt yn ’e namme fan de Hear.