In warskôging tsjin moaipraterij
1Doe’t yn dy dagen tûzenen minsken teheap rûn wienen, safolle dat se hast oerinoar hinne wâden, begûn Er mei syn taspraken, earst foar syn learlingen: Pas op foar it soerdaai fan ’e Fariseeërs, de skynhilligens. 2Neat is ommers bedutsen, dat net ûntdutsen wurde sil, en geheim, dat net bekend wurdt. 3Dêrom, alles wat jimme by tsjuster sein hawwe, sil by ljocht heard wurde, en wat jim ien yn it ear flústere hawwe yn ’e binnekeamers, sil lûd op ’e dakken ferkundige wurde.
Foar wa’t men bang wêze moat
4Tsjin jimme, myn freonen, sis Ik: Wês net bang foar harren dy’t it lichem deadzje en fierder neat dwaan kinne. 5Ik sil jimme oanjaan foar wa’t jimme bang wêze moatte. Wês bang foar Him, dy’t nei’t er deade hat, ek noch de macht hat om jin yn ’e hel te smiten. Ja, Ik sis jimme, wês bang foar Him. 6Jilde mosken net fiif foar in dûbeltsje? En net ien fan dyen wurdt fergetten by God. 7Ja, ek de hierren op jimme holle binne allegearre teld. Wês net bang. Jimme binne mear wurdich as in soad mosken byinoar.
By de minsken opkomme foar Kristus
8Ik sis jimme: elk dy’t foar My opkomt by de minsken, foar him sil de Minskesoan opkomme by Gods ingels. 9Mar dy’t My net kenne wol foar de minsken, dy wol Ik net kenne foar Gods ingels. 10Elk dy’t tsjin de Minskesoan yngiet, dy sil it ferjûn wurde, mar dy’t lasteret tsjin de hillige Geast, dy sil it net ferjûn wurde.
11As se jimme opbringe nei de synagogen en jim foar magistraten en oare machthawwers slepe, sit der dan net oer yn, hoe en wat jimme dertsjin ynbringe en sizze sille. 12De hillige Geast sil jimme ommers wol ynjaan, wat der op dat stuit krekt sein wurde moat.
De gelikenis fan ’e rike dwaas
13Ien út ’e mannichte sei tsjin Him: Master, sis myn broer, dat er it erfskip mei my dielt. 14Mar Jezus sei tsjin him: Man, wa hat My oer jimme steld as rjochter of notaris?
15Fierder sei Er tsjin harren: Tink derom, hoedzje jim foar alle begearigens, want foar gjinien giet it libben ôf by wat er besit, al hat er noch safolle.
16Op in kear fertelde Er harren dizze gelikenis: It lân fan in ryk man hie it ris tige dien. 17Doe frege er himsels ôf: hoe moat ik dêr mei oan? Ik haw ommers gjin romte genôch om de frucht te bergjen. 18Hy sei: Dit sil ik dwaan. Ik sil de skuorren dy’t ik haw, ôfbrekke en gruttere bouwe. Dan slach ik dêr al dat iten en myn oare guod yn op. 19Dan sis ik tsjin mysels: Man, do hast no in skoandere foarrie te lizzen, foar gâns jierren genôch, nim it der no mar ris fan, yt en drink en wês fleurich.
20Mar God sei tsjin him: Dwaas dysto biste, dizze nacht noch wurdt dyn libben opeaske. Watst beskrept hast, foar wa sil dat wêze? 21Sa giet it mei ien dy’t foar himsels skatten garret, mar net ryk is by God.
Noed en soarch
22Tsjin syn learlingen sei Er: Sit net yn noed oer it libben, oft der wol iten is, en likemin oer it lichem, oft der wol klean binne om oan te dwaan. 23Want it libben is mear as it iten en it lichem mear as de klaaiïng.
24Sjoch ris nei de ravens. Se siedzje net, se rispje net, se hawwe gjin kelder en gjin skuorre. Nee, God fuorret se. En hoe’n ein steane jimme net boppe dy fûgels? 25En wa fan jimme kin mei prakkesaasjes syn libben in jellen langer meitsje? 26No, as jimme dan it minste net iens kinne, wat dogge jim dan oer it oare yn noed te sitten?
27Sjoch ris nei de leeljes, hoe’t se waakse; se spinne net en se weve net. Mar Ik sis jimme: Sels Salomo mei al syn pracht wie sa moai net yn ’e klean as ien fan dyen. 28As God no sa klaait, wat hjoed op ’t fjild groeit en moarn yn ’e oven smiten wurdt, hoefolste mear sil Er it jimme dwaan, lytsleauwigen.
29Dêrom moatte jimme ek net altiten yn ’e skrep wêze om itende en drinkende te bliuwen. Sit dêr net te slim oer yn. 30Want dat binne allegearre dingen, dêr’t de minsken fan ’e wrâld sa foar yn ’e skrep binne. Jimme Heit wit, dat jimme dêr ferlet fan hawwe. 31Nee, set jim sin op syn keninkryk en al dat oare krije jimme derop ta.
32Wês net bang, myn lytse keppel, want jimme Heit hat jim it keninkryk tatocht.
33Ferkeapje wat jimme hawwe, en jou mei leafde. Meitsje jimsels pongen dy’t net slite, in himelske skat dy’t net belunet, dêr’t gjin dief by komme kin en dy’t gjin mot fernielt. 34Want dêr’t jimme skat is, dêr sil jimme hert wêze.
Feinten dy’t wekker bliuwe
35Hâld de riem om ’e mul en de lampen op. 36Doch as de lju dy’t op har hear wachtsje, oant er fan ’e brulloft werom komt, om him der op slach yn te litten, as er komt en op ’e doar kloppet.
37Gelokkich binne feinten dy’t de hear, as er komt, wekker fynt. Ja, Ik sis jimme: Hy sil de mulriem omdwaan, har om ’e tafel skikke litte en der sels by lâns gean om harren te betsjinjen. 38As er dy mannen sa treft, ek al wurdt it midden yn ’e nacht dat er thúskomt, of noch letter, dan binne se gelokkich.
39Tink hjir mar om: as de hear witten hie, hoe let de dief komme soe, dan hied er net yn syn hûs ynbrekke litten. 40Jimme moatte ek ree stean, want op in oere dat jim Him net ferwachtsje, komt de Minskesoan.
41Doe sei Petrus: Hear, doele Jo mei dy gelikenis allinne op ús of op elkenien? 42De Hear sei: Wa is no de fertroude en ferstannige hûsbehearder dy’t de hear oer de boaden stelle sil, en dy’t harren op oere en tiid it iten tapart? 43Gelokkich is dy feint dy’t de hear by syn thúskommen dêrmei dwaande fynt. 44Ja, Ik sis jimme, hy sil him it behear jaan oer alles wat er hat.
45Mar as sa’n ien by himsels seit: Mynhear is net sa hastich mei kommen; en as er dan de feinten en fammen begjint te slaan, yt en drinkt en himsels dronken boarnt, 46dan kin dy feint syn hear wolris thúskomme op in dei dat er him net ferwachtet en op in stuit dat er der gjin betinken op hat. Syn hear sil him dan midstwa houwe en him it lot diele litte fan ’e trouweleazen.
47De feint dy’t goed wist, hoe’t syn hear it hawwe woe en dochs neat nei dy syn sin taret en dien hat, sil omraak ôfrânsele wurde. 48Mar hy dy’t sûnder it te witten dingen docht, dêr’t er bruien foar fertsjinnet, sil mar in licht wân krije. Elkenien dy’t folle krige hat, sil folle fan ferge wurde: wat mear immen tabetroud is, nammerste mear sil fan him easke wurde.
Jezus de oarsaak fan skeel
49Ik bin kommen om fjoer op ’e ierde te smiten en wat woe Ik graach, dat it al oplôge wie! 50Mar Ik moat in doop ûndergean en dat benearet My slim. Wie it mar foarby!
51Tochten jimme, dat Ik kommen wie om frede op ’e ierde te bringen? Nee, sis Ik jimme, gjin frede, mar twaspjalt. 52Fan no ôf oan sille fiif út ien húshâlding tsjininoar stean, trije tsjin twa en twa tsjin trije, 53heit tsjin soan, soan tsjin heit, mem tsjin dochter, dochter tsjin mem, skoanmem tsjin skoandochter en skoandochter tsjin skoanmem.
De tekens fan ’e tiid ferstean
54Fierder sei Er noch tsjin it folk: As jimme in wolk opkommen sjogge yn it westen, sizze jimme fuort: It giet op in reinen, en dan komt it ek sa. 55En as jimme fernimme, dat de wyn út it suden komt, dan sizze jimme: It wurdt gleonhjit, en dan komt it ek sa. 56Komeedzjespylders dat jim binne! Wat der op ierde en oan ’e loft te sjen is, dêr kinne jim wol wiis út wurde. Wêrom dan net út wat dizze tiid te sjen jout?
Akkoartsje mei de tsjinpartij
57Wêrom fine jimsels net út, wat rjocht is? 58As jo mei de tsjinpartij nei de hege hearen rinne, besykje dan om ûnderweis noch fan him ôf te kommen. Oars koed er jo wolris foar de rjochter slepe. De rjochter sil jo yn hannen jaan fan ’e polysje en de polysje smyt jo yn it tichthús. 59Ik sis jo: Dêr komme jo foarfêst net wer út, ear’t jo de lêste sint betelle hawwe.