In man wiist de wei nei de treast
1Ik bin de man, dy’t gewaar wurden bin wat leed is
troch de stôk fan Gods grime.
2Hy hat my meinommen en dreaun
yn it tsjuster en net yn it ljocht;
3Tsjin my allinne kearde Hy
al mar de hân, dei-út dei-yn.
4Hy hat myn fleis en fel terane litten
en al myn bonken brutsen.
5Oan alle kanten hat Er om my opsteapele
bitterheid en fertriet.
6Hy hat my in went jûn yn it tsjuster,
dêr’t minsken tahâlde, dy’t allang wei binne.
7Hy hat my opsletten, ik kin gjin kant mear út,
en mei swiere koperen keattings hat Er my fêstset.
8Hoe’t ik ek skreaude en rôp,
Hy woe fan myn bidden neat witte.
9Hy hat myn wei mei stiennen ôfsletten
en myn paden ûnbegeanber makke.
10Hy is foar my in bear, dy’t op my loert,
in liuw dy’t op ’e skûl sit.
11Hy liet my gjin útwei en hat my ferskuord
en my as in púnfal achterlitten.
12Hy hat de bôge spand
en brûkt my as doel foar syn pylk.
13Mei de pylken út syn koker
hat Er my troch de nieren sketten.
14Foar it hiele folk bin ik in spotslach wurden,
in skimp oanienwei.
15Hy hat my sêde mei bittere krûden
en dronken makke mei galle.
16Hy hat my op grintstiennen bite litten
en my yn it stof deltrape.
17Ik bin de frede kwyt
en wit net mear fan gelok.
18Ik haw sein: ‘Myn krêft is oan ’e ein
en myn hope op de Heare is fuort.
19Tink oan myn ellinde en geswalk,
oan ’e galle en it fergif.’
20As ik der op trochtink,
bûcht myn siel him yn my del.
21Mar dit stiet my by
en hjirop wol ik hoopje:
22It is noch net út mei de genede fan de Heare
en syn barmhertigens is noch net oan ’e ein;
23dy binne beide elke moarn wer nij
en jo trou, o God, is grut.
24Ik sil sizze: ‘De Heare is alles wat ik haw,
dêrom sil ik op Him hoopje.’
25Goed is de Heare foar wa’t nei Him útsjocht,
foar elk dy’t Him siket.
26It is goed geduldich te wachtsjen
op ’e help fan de Heare.
27It is ek goed foar in man
dat er it jok yn ’e jonge jierren draacht.
28Lit him stil allinnich sitten gean
as God it him oplein hat;
29lit him de mûle yn it stof triuwe,
wa-wit is der noch hope;
30lit him it wang keare nei dy’t him slacht
en folút de smaad ferneare.
31Want net foar altyd ferstjit
de Hear de minske.
32Hy mei dan immen sear dwaan, Hy hat ek wer begrutsjen
yn syn grutte goedgeunstichheid.
33Want it is net fan herten
dat Er de minske pleaget en sear docht.
34Dat se alle gefangenen op ierde
mei fuotten traapje,
35dat se in man syn rjochten ûntnimme
foar it antlit fan de Heechste,
36dat se in minske ferûngelykje by syn pleitsaak –
soe de Hear dat net sjen?
37Wa kin sprekke en it bart,
as de Hear seit fan ‘nee’?
38Komme kwea en goed net beide
út de mûle fan de Heechste?
39Wat klaget dan in minske dy’t libbet,
in minske dy’t sûnde docht?
40Lit ús ús handel en wandel neigean en hifkje
en nei de Heare weromkeare.
41Lit ús it hert en net de hannen,
nei God yn ’e himel heevje.
42Wy hawwe sûndich en tsjinwillich west
en dat hawwe Jo ús net ferjûn.
43Jo hawwe Jo mei grime klaaid en ús achterneisitten
en Jo hawwe ús deade sûnder te sparjen.
44Jo hawwe Jo yn wolken klaaid
en Jo wienen net te berikken foar it gebed.
45Jo hawwe ús behannele as drek en ôffal
yn it fermidden fan ’e folken.
46Al ús fijannen hawwe
de mûle tsjin ús opskuord.
47Skrik en strûp wienen ús part
mei fernieling en ûndergong.
48Ik skriem my de eagen oan wetter
om ’e púnfal fan myn earme folk.
49Myn eagen binne wiet, myn triennen binne net te kearen;
it hâldt net op,
50oant de Hear út ’e himel
delsjocht en it oanskôget.
51De eagen dogge my sear
fan al it skriemen om myn stêd.
52Dy’t my sûnder reden fijannich wienen,
hawwe al mar op my jage as op in fûgel.
53Se hawwe my libben yn ’e kûle smiten
en dy mei in stien tichtgoaid.
54It wetter spielde my oer de holle
en ik tocht: ‘Ik bin ferlern.’
55Mar ik rôp jo namme oan, Heare,
ûnder út dy kûle wei.
56Jo hawwe myn stim heard. Hâld de earen net ticht,
as ik om help rop.
57Jo binne tichteby kommen, doe’t ik rôp.
Jo seinen: ‘Wês net bang!’
58Jo gongen foar my yn ’e pleit, Hear,
Jo hawwe foar myn libben ynstien.
59Jo seagen, hokfoar ûnrjocht my oandien waard
en Jo hawwe my rjocht dien.
60Jo seagen al har wraaksuchtigens
en al har oanslaggen tsjin my.
61Jo hawwe har smaadzjen heard, Heare,
en al wat se tsjin my fan doel wienen,
62dat flústerjen en achterbaks mompeljen fan myn tsjinstanners,
dei oan dei.
63Oft se sitte of steane,
se dogge oars net as op my skimpe.
64Betelje har werom, Heare, nei wat se fertsjinje
en nei wat har hannen dien hawwe.
65Lit har fiele hoe hurd jo hert wêze kin
en lit jo flok oer har komme.
66Ferfolgje se yn jo grime en roegje se út,
ûnder jo himel wei, Heare!