De dei fan Gods grime
1O wat hat de Hear yn syn grime
dochter Sion mei in donkere wolk bedutsen.
Hy hat de gloarje fan Israel delsmiten
út ’e himel wei op ’e ierde,
en net mear oan syn fuotbank tocht
de deis fan syn grime.
2Sûnder meilijen hat de Hear ferdylge
alle wenplakken fan Jakob,
Hy hat yn syn lilkens delbrutsen
de festingen fan dochter Juda,
en tsjin ’e grûn smiten en ûntwijd
it keninkryk en syn hearskers.
3Yn syn gleone grime hat Er ôfkappe
de hiele hoarn fan Israels macht.
Doe’t de fijân kaam
hat Er de hannen fan Israel ôflutsen.
Hy hat op Jakob syn grime loslitten
as fjoer dat nei alle kanten fertart.
4As in fijân hat Er syn bôge spand
mei de pylk klear yn ’e hân;
as in tsjinstanner hat Er deade
dêr’t Er earst syn wille oan hie;
yn ’e tinten fan dochter Sion
hat Er syn lilkens útgetten as fjoer.
5De Hear is Israel in fijân wurden
en Hy hat it fernield,
al syn skoandere paleizen hat Er fernield
en syn festingen delhelle
en dochter Juda hat Er al mar
kleie en krite litten.
6Hy hat syn eigen wente ôfbrutsen as in túnmuorre
en it plak fan syn iepenbiering hat Er fernield.
De Heare hat yn Sion in ein makke
oan ’e feestdagen en de sabbat;
yn syn hetsige grime hat Er ferwurpen
de kening en de pryster.
7Fertrape hat de Heare syn alter
en syn hillichdom hat Er ûntwijd,
Hy hat de muorren fan har paleizen
de fijân yn hannen jûn.
Yn it hûs fan de Heare ha se har tjirge
as wie ’t in feestdei.
8De Heare hie it beslút nommen
om de muorre fan dochter Sion te fernielen;
Hy hat der de mjitte fan nommen,
syn hân skromme net om har te slopen;
it bolwurk en de muorre liet Er treurje
en beide lizze se plat.
9Har poarten binne yn ’e grûn sonken,
har skoattels hat Er fernield en tebrutsen,
har kening en har hearskers sitte yn ’e heidenlannen
en der is gjin wetsûnderrjocht mear;
ek har profeten krije gjin
iepenbiering fan de Heare.
10De âldsten fan dochter Sion
sitte swijend oer de grûn,
stof hawwe se op ’e holle
en de rousek om ’e lea;
de jongfammen fan Jeruzalem
bûge de holle nei de grûn.
11Ik haw my de eagen oan wetter skriemd,
myn yngewant is alhiel oerstjoer,
myn galle haw ik útspuid oer de grûn
om de delklap fan myn earm folk,
no’t de bern en de tatebern fersmachtsje
yn ’e strjitten fan ’e stêd.
12Hja roppe oan har mem:
‘Wêr is myn brea en wyn?’
wylst guon deastutsen wurde
yn ’e strjitten fan ’e stêd
en oaren al stjerre
op memme skurte.
13Wa sil ik njonken dy sette en mei wa dy fergelykje,
o dochter Jeruzalem?
Wa sil ik mei dy gelykstelle om dy te treasten,
jongfaam, dochter Sion?
Want dyn wûne gappet as de see,
wa kin dij hielje?
14De fizioenen dy’t de profeten foar dy seagen,
wienen leagen en bedroch;
hja hawwe dyn skuld net bleatlein,
om sa in kear oan dyn lot te jaan,
nee, hja seagen foar dij fizioenen
fol leagen en mislieding.
15Al wa’t de wei lâns komme,
klappe om dy yn ’e hannen;
se skodzje ferachtlik mei de holle
om dochter Jeruzalem:
‘Is dat no de stêd, dy’t se de moaiste neamden,
in lust foar de hiele wrâld?’
16Se skuorden de mûle oer dy iepen,
dyn fijannen allegearre,
se gniisden en knarsten mei de tosken:
‘Wy hawwe har ferdylge!
Dizze dei hienen wy op wachte!
Wy hawwe ús sin! Wy mochten it belibje!’
17De Hear hat dien wat Er fan doel wie,
syn Wurd is Er neikommen,
dat Er fan âldsher sprutsen hie.
Hy briek del sûnder te sparjen,
Hy liet de fijân oer ús triomfearje
en hat syn macht oanwinne litten.
18Rop mei dyn hiele hert oan de Hear,
o muorre fan dochter Jeruzalem,
lit dyn triennen rinne as in beek
by nacht en by dei.
Gun dysels gjin rêst,
lit dyn each der net mei ophâlde!
19Kom oerein en rop lûd yn ’e nacht,
by it begjin fan elke wacht.
Stoart dyn hert út as wetter
foar it antlit fan de Hear.
Stek dyn hannen omheech nei Him
om it libben fan dyn berntsjes,
dy’t fan honger omkomme
op alle hoeken fan ’e strjitten.
20Sjoch, Heare, en slach der acht op
wa’t Jo dit oandien hawwe.
Moatte froulju de frucht fan har eigen skurte ite,
de bern dy’t se sûn te wrâld brocht hawwe?
Moatte yn it hillichdom fan de Hear
pryster en profeet fermoarde wurde?
21Jonge knapen en âlde mannen
lizze bûtendoar op ’e grûn,
syn jongfammen en jongfeinten
binne fallen troch it swurd.
Jo hawwe deade op ’e dei fan jo grime,
Jo hawwe slachte en net sparre.
22Jo hawwe myn fijân fan alle kanten oproppen
as wie it foar in feestdei.
Der wie op ’e dei fan Gods grime
net ien dy’t it ûntrûn of dy’t ûntkaam.
De bern dy’t ik berne en grutbrocht hie,
hat myn fijân allegear fan kant makke.