1It wie gâns in tiid neidat de Heare Israel rêst jûn hie fan al syn fijannen om him hinne. Jozua wie âld en tige op jierren kommen. 2Doe rôp Jozua hiele Israel, syn âldsten, haden, rjochters en opsjenners op en sei tsjin har: Ik bin âld en tige op jierren. 3No hawwe jimme alles sjoen, wat de Heare, jimme God, oan al dizze folken foar jim eagen dien hat. De Heare, jimme God, sels hat foar jimme striden. 4Sjoch, ik haw dizze oerbleaune folken troch it lot oan jimme stammen yn besit jûn mei alle folken dy’t ik útroege haw, fan ’e Jordaan ôf oan ’e Grutte See yn it westen ta. 5De Heare, jimme God, sels sil har foar jim út jeie en har út jim eagen ferdriuwe. Dan sille jimme har lân yn besit nimme, lykas de Heare, jimme God, jimme ûnthjitten hat. 6Bliuw tige stânfêst yn it bewarjen en neikommen fan alles wat yn it wetboek fan Mozes beskreaun stiet. Wyk dêr rjochts noch links fan ôf. 7Lit jim net yn mei dy folken, dy’t by jimme oerbleaun binne. Neam de namme fan har goaden net en swar dêr net by; tsjinje har net en bûch jim net foar har del. 8Mar hâld jim fêst oan de Heare, jimme God, lykas jim oant hjoed-de-dei ta dien hawwe. 9De Heare hat grutte en sterke folken foar jimme ferdreaun en jimme – gjinien hat it oant hjoed-de-dei ta tsjin jim hâlde kinnen. 10Ien man fan jimme sil tûzen achternei sitte, want de Heare jim God sels sil foar jim stride, lykas Hy jim ûnthjitten hat. 11Stean dan tige noed foar jim libben, troch de Heare, jim God, leaf te hawwen. 12Want as jim it bestean soenen en wyk ôf, as jim mei wat fan ’e folken by jimme oerbleaun is, befreone wurde soenen, as jim yninoar omtrouwe soenen, mei har omgean en hja mei jimme, 13dan moatte jim goed witte, dat de Heare jim God net trochgean sil mei dy folken foar jim te ferdriuwen. Dan sille se in net en falstrik foar jim wêze, swipeslaggen tsjin jim siden en toarnen yn jim eagen oant jim weiwurde út dit goede lân dat de Heare, jim God, jim jûn hat. 14Sjoch, ik gean no strak de wei fan alle skepsel. Mar jimme ha mei jim hiele hert en jim hiele siel ûnderfûn, dat der net ien wurd fan alle goede wurden dy’t de Heare, jimme God, oer jim sprutsen hat, ferfallen is. Hja binne allegearre neikommen; net ien wurd dêrfan is ferfallen. 15Mar, sa’t al it goede oer jim kommen is, dat de Heare, jimme God, jim ûnthjitten hat, sa sil dyselde Heare ek it kweade oer jim komme litte, oant Hy jim ferdylge hat fan dizze goede grûn dy’t de Heare, jim God, jim jûn hat. 16As jim it ferbûn fan de Heare, jim God, dat Hy jim opdroegen hat, ferbrekke, as jim hinne geane en tsjinje oare goaden en bûch jim dêr foar del, dan sil de grime fan de Heare tsjin jim losbrâne en Hy sil jim mei gauwens weiwurde litte út dit goede lân dat Er jim jûn hat.