Ofskie fan Jozua fan ’e stammen oare kant de Jordaan
1Doe rôp Jozua de Rûbeniten, de Gaditen en de heale stam fan Manasse 2en hy sei tsjin har: Jim binne alles neikommen, dat Mozes, de tsjinstfeint fan de Heare, jimme opdroegen hat. Jim hawwe.ek nei my harke yn alles wat ik jimme opdroegen haw. 3Jimme hawwe dizze hiele lange tiid oant hjoed-de-dei ta, jim bruorren net sitte litten, mar jim hawwe jim trou hâlden oan it gebod fan de Heare, jimme God. 4No’t lykwols de Heare, jim God, jim bruorren rêst jûn hat, lykas Hy har ûnthjitten hie, no kinne jim weromgean nei jim tinten yn it lân dat jimmes is. Mozes, de tsjinstfeint fan de Heare, hat it jimme jûn oare kant de Jordaan. 5Allinne, pas tige op, dat jim de geboaden fan ’e wet dy’t Mozes, de tsjinstfeint fan de Heare, jim hjitten hat, neikomme: dat jimme de Heare jim God leafhawwe en yn al syn wegen geane, syn geboaden dogge en jim oan Him fêsthâlde en Him tsjinje mei jim hiele hert en jim hiele siele.
6Doe segene Jozua har en liet har gean, en hja gongen nei har tinten. 7Oan ’e iene helte fan ’e stam Manasse hie Mozes in oandiel jûn yn Bazan en oan ’e oare heite joech Jozua in part by har bruorren oan ’e westkant de Jordaan. Ek hat Jozua, doe’t er har nei har tinten gean liet en har segene, 8noch tsjin har sein: Gean mei grutte rykdom werom nei jim tinten, mei gâns fee, mei sulver, goud, koper en izer en mei in macht klean. Diel de bút fan jim fijannen mei jim bruorren.
It alter oan ’e eastkant de Jordaan
9Doe gongen de Rûbeniten, de Gaditen en de heale stam fan Manasse werom, by de oare Israeliten wei, út Sjilo yn it lân Kanaän om op reis te gean nei it lân Gileäd, har eigen lân, dat hja yn eigendom krige hienen op befel fan de Heare troch de tsjinst fan Mozes. 10Doe’t se yn ’e Jordaankrite oankommen wienen, yn it lân Kanaän, bouden de Rûbeniten, de Gaditen en de heale stam fan Manasse dêr in alter. It wie in alter fan grutte ôfmjittings. 11En de Israeliten hearden it praat: Sjoch, de Rûbeniten, de Gaditen en de heale stam fan Manasse hawwe in alter boud foar it lân Kanaän oer yn ’e Jordaankrite, oan ’e oare kant as dêr’t de Israeliten binne.
12Doe’t de Israeliten dat hearden, kaam de hiele gemeente fan ’e Israeliten byinoar te Sjilo om mei in leger op har los te gean. 13En de Israeliten stjoerden pryster Pinechas, de soan fan Eleäzar, nei de Rûbeniten, de Gaditen en de heale stam fan Manasse 14en mei him tsien foarmannen, allegearre foarmannen fan in famylje út alle stammen fan Israel. Elk wie foarman fan eigen famylje ûnder de geslachten fan Israel. 15Doe’t se oankamen by de Rûbeniten, de Gaditen en de heale stam fan Manasse yn it lân Gileäd, seinen se tsjin har: 16De hiele gemeente fan de Heare seit: Wat is dit foar in sûnde dy’t jim dien hawwe tsjin ’e God fan Israel, dat jim jim no al fan de Heare ôfkeare, mei foar jimsels in alter te bouwen en no al sa tsjin de Heare yn te gean? 17Kin it faaks mei de skuld fan Peör net ta, dêr’t wy ús oant hjoed ta noch net fan suvere hawwe, en dy’t in pleach foar de gemeente fan de Heare wurden is? 18Jim ha jim hjoed fan de Heare ôfkeard. Mar dan komt it sa: Hjoed geane jim tsjin de Heare yn en moarn wurdt Hy tige grammoedich op ’e hiele gemeente fan Israel. 19As lykwols it lân dat jim yn eigendom ha, ûnrein is, gean dan oer nei it eigen lân fan de Heare, dêr’t de Heare syn wente hat en set jim ûnder ús nei wenjen. Mar gean net tsjin de Heare yn en doch dat ek net tsjin ús, mei jimme in alter te bouwen njonken it alter fan de Heare, ús God. 20Hoe wie it mei Achan, de soan fan Sêrach, doe’t hy him fergrypte oan it guod dêr’t de ban op lei? Doe is ommers de grime oer de hiele gemeente fan Israel kommen en hy wie net de iennichste dy’t yn syn sûnde omkaam.
Wêrom’t dat alter boud waard
21Doe antwurden de Rûbeniten, de Gaditen en de heale stam fan Manasse de famyljehaden fan Israel: 22De allerheechste God, de Heare, de allerheechste God, de Heare, dy wit it en Israel mei it ek wol witte: As it út dwersens en yn opstân tsjin de Heare wie, sparje ús dan hjoed mar net. 23As wy ús in alter boud hawwe soenen om ús fan de Heare ôf te kearen en as wy dêr dan brân- of moaloffers op offerje en dêr tankoffers op bringe soenen, dan sil de Heare sels wol fanwegen komme. 24Wier, wy hawwe dit mei oerlis en út soarch dien, want wy seinen: letter soenen jimme bern ris tsjin ús bern sizze kinne: Wat hawwe jimme mei de Heare, de God fan Israel, te meitsjen? 25De Heare hat ommers de Jordaan as grins steld tusken ús en jimme, Rûbeniten en Gaditen, dat jimme hawwe gjin oandiel oan de Heare. Sa soenen jimme bern ús bern derta bringe kinne dat se gjin ûntsach mear hawwe soenen foar de Heare. 26Doe seinen wy: lit ús wat dwaan: ús in alter bouwe, net foar brânoffers of fleisoffers, 27mar as in bewiis tusken ús en jimme en tusken ús neiteam dat wy ús oan ’e tsjinst fan de Heare hâlde sille foar syn eagen, mei de brânoffers, fleisoffers en tankoffers. Sa kinne jimme bern letter net tsjin ús bern sizze: jim hawwe gjin oandiel oan de Heare. 28Wy tochten: as se dat letter al ris tsjin ús of ús neiteam sizze, dan sizze wy: Sjoch nei it alter fan de Heare, dat ús foarfaars makke hawwe net foar brânoffers of fleisoffers, mar as in bewiis tusken ús en jimme. 29Wy tinke der yn ’e fierste fierte net oan om dwers te wêzen tsjin de Heare en Him no de rêch ta te kearen mei in alter foar brânoffer, moaloffer of fleisoffer te bouwen njonken it alter fan de Heare, ús God, dat foar syn antlit yn syn wente stiet.
Hja wurde it iens oer de bou fan dat alter
30Doe’t pryster Pinechas, de foargongers fan ’e gemeente en de famyljehaden fan ’e Israeliten dy’t by him wienen, de Rûbeniten, de Gaditen en de Manassiten oanharke hienen, wienen se tefreden. 31Doe sei pryster Pinechas, de soan fan Eleäzar, tsjin ’e Rûbeniten, de Gaditen en de Manassiten: Hjoed witte wy, dat de Heare yn ús fermidden is, mei’t jimme dizze sûnde tsjin de Heare net dien hawwe. Dêrtroch hawwe jim de Israeliten út ’e hân fan de Heare rêden.
32Doe kamen pryster Pinechas, de soan fan Eleäzar, en de foargongers wer by de Rûbeniten en Gaditen út it lân fan Gileäd wei yn it lân Kanaän by de Israeliten en brochten har ferslach út. 33De Israeliten wienen dêr tefreden mei, hja prizen God en praten der net mear oer om mei in leger op har los te gean om it lân dêr’t de Rûbeniten en Gaditen wennen, te ferrinnewearjen. 34De Rûbeniten en Gaditen neame it alter: It is ûnder ús in bewiis dat de Heare ús God is.