Jozua 20
De frijstêden
1De Heare sei tsjin Jozua: 2Sis tsjin ’e Israeliten: Sykje de frijstêden út, dêr’t Ik it mei jimme troch de tsjinst fan Mozes oer hân haw. 3Dan kin de deaslagger dêrhinne útnaaie, dy’t by ûngelok, sûnder opsetsin ien deaslein hat. Sa hawwe jimme in taflecht foar de bloedwreker. 4As hy nei ien fan dy stêden útnaaid is, dan moat er by de yngong fan ’e stêdspoarte stean bliuwe en syn saak iepen en bleat oan ’e âldsten fan dy stêd foarlizze. Dan moatte se him by har yn ’e stêd opnimme en him in plak jaan, dat er by har wenje kin. 5As dan de bloedwreker achter him oansit, meie se de deaslagger net oan him oerleverje, want hy hat net mei opsetsin syn neiste deade; hy hie foartiid neat op him tsjin. 6Hy moat dan yn dy stêd bliuwe, oant er foar de gemeente foar it rjocht stien hat, en dêrnei oant de dea fan ’e hegepryster dy’t der yn dy dagen is. Dan earst mei de deaslagger nei syn stêd dêr’t er út weiflechte is, en nei syn hûs weromgean.
7Doe wijden hja Kêdesj yn Galiléa, yn it berchlân fan Naftaly, Sichem yn it berchlân fan Efraïm en Kirjat-Arba – dat is Hebron – yn it berchlân fan Juda. 8Oan ’e oare kant de Jordaan, east fan Jericho, ornearren se dêrfoar Bêser yn ’e woestyn op ’e heechflakte, út ’e stam Rûben, Ramot yn Gileäd út ’e stam Gad en Golan yn Bazan út ’e stam Manasse. 9Dat wienen de stêden dy’t foar de Israeliten en foar de frjemdlingen dy’t ûnder har tahâlden, fêststeld binne. Dêr kin no elk mar hinne útnaaie dy’t by ûngelok ien deaslein hat. Sa’n ien hoecht dan net troch de hân fan ’e bloedwreker te stjerren, ear’t er foar de gemeente stien hat.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap