It oandiel fan ’e Leviten
1Doe kamen de famyljehaden fan ’e Leviten by pryster Eleäzar, by Jozua, de soan fan Nûn, en by de famyljehaden fan ’e Israelityske stammen, 2yn Sjilo, dat yn it lân Kanaän leit. Hja seinen tsjin harren: troch de tsjinst fan Mozes hat de Heare hjitten ús stêden te jaan om dêr te wenjen mei it weidlân dêromhinne foar ús fee. 3Doe joegen de Israeliten neffens it befel fan de Heare oan ’e Leviten de neikommende stêden mei it weidlân:
4Der waard lotte foar de famyljes fan ’e Kehatiten. De bern fan Aäron, de pryster ûnder ’e Leviten, krigen troch lotsjen út ’e stammen fan Juda, Simeön en Benjamin trettjin stêden. 5De oare Kehatiten krigen troch lotsjen út ’e famyljes fan ’e stammen fan Efraïm, Dan en de heale stam fan Manasse tsien stêden. 6De Gersjoniten krigen troch lotsjen út ’e famyljes fan ’e stammen fan Issaskar, Azer en Naftaly en fan ’e heale stam fan Manasse yn Bazan trettjin stêden. 7De famyljes fan ’e Mearariten krigen út ’e stammen fan Rûben, Gad en Sebûlon tolve stêden. 8Sa hawwe de Israeliten dy stêden mei it weidlân troch it lot oan ’e Leviten tawiisd, lykas de Heare troch Mozes hjitten hie.
De stêden fan ’e Kehatiten
9Ut ’e stammen fan ’e Judeeërs en de Simeöniten joegen se neikommende stêden dy’t se by namme neamden: 10Se wienen foar de Aäroniten, út ’e famyljes fan ’e Kehatiten, dy’t ta de Leviten behearden, mei’t har lot it earst foel. 11Hja joegen har de stêd fan Arba, de heit fan Anok, dat is Hebron op it berchlân fan Juda mei it weidlân dêromhinne. 12It boulân fan ’e stêd lykwols mei de doarpen hienen se Kaleb, de soan fan Jefûnne, yn eigendom jûn. 13Mar oan ’e bern fan Aäron, de pryster, joegen se de frijstêd foar de deaslaggers, Hebron, mei it weidlân, fierder Libna mei it weidlân, 14Jattir mei it weidlân, Esjtemoä mei it weidlân, 15Cholon mei it weidlân, Debir, mei it weidlân, 16Ajin mei it weidlân, Jûtta mei it weidlân en Bet-Sjêmesj mei it weidlân. Njoggen stêden út dy twa stammen. 17Ut ’e stam Benjamin: Gibeön mei it weidlân, Gebe mei it weidlân, 18Anatot mei it weidlân en Almon mei it weidlân, fjouwer stêden. 19It tal stêden mei it weidlân fan ’e Aäroniten, de prysters, mei-inoar wienen trettjin.
20De famyljes fan ’e Kehatiten dy’t Leviten wienen, dat binne de oare Kehatiten, lotten stêden út ’e stam fan Efraïm. 21Oan har joegen se de frijstêd foar de deaslaggers, Sichem, mei it weidlân, op it berchlân fan Efraïm; fierder Gêzer mei it weidlân. 22Kibsajim mei it weidlân en Bet-Choaron mei it weidlân; fjouwer stêden. 23Fierder út ’e stam Dan: Elteké mei it weidlân, Gibbeton mei it weidlân, 24Ajjalon mei it weidlân en Gat-Rimmon mei it weidlân; fjouwer stêden. 25Ut ’e heale stam fan Manasse Taänak mei it weidlân en Gat-Rimmon mei it weidlân; twa stêden. 26Mei-inoar tsien stêden mei it weidlân foar de famyljes fan ’e oare Kehatiten.
De stêden fan ’e Gersjoniten
27De Gersjoniten, dy’t ta de famyljes fan ’e Leviten hearden, krigen út ’e heale stam fan Manasse de frijstêd foar de deaslaggers Golan yn Bazan mei it weidlân en Beësjtera mei it weidlân; twa stêden. 28Fierder út ’e stam Issaskar Kisjon mei it weidlân, Dobrat mei it weidlân, 29Jarmût mei it weidlân en En-Gannim mei it weidlân; fjouwer stêden. 30Ut ’e stam Azer Misjal mei it weidlân, Abdon mei it weidlân, 31Chelkat mei it weidlân en Rechob mei it weidlân; fjouwer stêden. 32Ut ’e stam Naftaly de frijstêd foar de deaslaggers Kêdesj yn Galiléa mei it weidlân; fierder Chammot-Dor mei it weidlân en Karten mei it weidlân; trije stêden. 33It tal stêden mei it weidlân fan ’e Gersjoniten neffens har famyljes mei-inoar trettjin.
De stêden fan ’e Mearariten
34De famyljes fan ’e Mearariten, de oare Leviten, krigen út ’e stam Sebûlon
Jokneäm mei it weidlân, Karta mei it weidlân, 35Dimna mei it weidlân en Nahalal mei it weidlân; fjouwer stêden. 36Ut ’e stam Rûben: Bêser mei it weidlân, Jasa mei it weidlân. 37Kedemot mei it weidlân en Mefaät mei it weidlân; fjouwer stêden. 38Ut ’e stam Gad de frijstêd foar de deaslaggers Ramot yn Gileäd mei it weidlân, Machanajim mei it weidlân, 39Chesbon mei it weidlân en Jazer mei it weidlân. Mei-inoar fjouwer stêden. 40Al dy stêden wienen foar de oare famyljes fan ’e Leviten, dy fan Merary. Dy har lot bestie út tolve stêden. 41It tal stêden mei it weidlân fan ’e Leviten, midden yn ’e gerjochtichheid fan ’e Israeliten wienen mei-inoar acht en fjirtich. 42Al dy stêden wienen stik foar stik mei it weidlân dêromhinne. Sa wie it mei al dy stêden.
Beslút
43Sa joech de Heare oan Israel it hiele lân, dat Er mei in eed oan har foarfaars tasein hie. Hja hawwe it yn besit nommen en har dêr nei wenjen set. 44De Heare joech har oan alle kanten rêst, alhiel sa’t Er har foarfaars mei in eed tasein hie. Gjinien fan al har fijannen koe it tsjin har hâlde: al har fijannen hat de Heare har yn ’e macht jûn. 45Alle goede beloften fan de Heare oan it folk fan Israel, is gjin wurd fan ferfallen. It is allegearre neikommen.