1Dêrop stjoerde Jozua, de soan fan Nûn, út Sjittim wei temûk twa manlju út as spionnen en hy sei: Gean hinne, nim it lân en Jericho goed op. Doe gongen se fuort en kamen yn it hûs fan in publike frou, dy’t Rachab hiet, en hja sliepten dêr. 2Doe waard oan ’e kening fan Jericho trochdien: Sjoch, der binne hjir fannacht manlju fan ’e Israeliten kommen om it lân te ferkennen. 3Doe stjoerde de kening fan Jericho guon nei Rachab om te sizzen: Leverje de mannen út dy’t by jo kommen en by jo yn ’e hûs rekke binne, want it is har doel om it hiele lân te ferkennen. 4De frou lykwols hie de mannen meinommen en se ferside brocht. Doe sei se: Wis, der binne manlju by my kommen, mar ik wist net wêr’t se weikamen. 5Tsjin it poartesluten, doe’t it tsjuster waard, binne dy mannen ôfstutsen. Wêr’t se hinnegien binne, wit ik net. Gean se gau achternei, dan kinne jim har te pakken krije. 6Hja hie se lykwols boppe op it dak brocht en ûnder ’e flaaksskeaven dy’t se op it dak útlein hie, ferskûle. 7De manlju jagen har achternei de kant út nei de Jordaan, oan ’e oerstekplakken ta. Sagau’t de ferfolgers derút gien wienen, waard de poarte tichtdien.
8Ear’t de spionnen har nei sliepen joegen, gong Rachab nei boppen, nei har ta op it dak, 9en sei tsjin harren: Ik wit dat de Heare jimme it lân jûn hat, want de skrik foar jimme sit der goed by ús yn, ja alle ynwenners fan ’t lân binne deabenaud foar jimme. 10Want wy hawwe heard, hoe’t de Heare it wetter fan ’e Reidsee foar jimme eagen opdroegje litten hat, doe’t jimme út Egypte teagen, en wat jimme dien hawwe oan ’e beide Amorityske keningen oare kant de Jordaan, oan Sichon en Og, dy’t jim ûnder de ban brocht hawwe. 11Doe’t wy it hearden, sakke de moed ús yn ’e skuon en om jimme doar hast gjinien mear te sykheljen, want de Heare jimme God, Hy is God boppe yn ’e himel en ûnder op ’e ierde. 12No dan, swar my by de Heare, dat lykas ik jim in geunst bewiisd haw, jimme ek myn famylje geunst bewize sille. Jou my in wis teken, 13dat jimme ús heit en mem en myn bruorren en susters en al har folk sparje sille en ús sa rêde fan ’e dea. 14Doe seinen de manlju tsjin har: As jimme net oer ús saak prate, dan steane wy der mei ús libben foar yn, dat wy, wannear’t de Heare ús dit lân jout, jo geunst en trou bewize sille. 15Dêrop liet se harren oan in koarde troch it finster sakje. Har hûs wie nammentlik yn ’e muorre ynboud, dat hja wenne yn ’e muorre. 16Hja sei tsjin harren: Gean nei it berchlân, dan treffe de ferfolgers jimme net. Bliuw dêr dan trije dagen ferside, oant de ferfolgers weromkommen binne, en dêrnei kinne jimme jim gong gean. 17De manlju seinen tsjin har: Wy sille frij wêze fan ’e eed oan jo, dy’t jo ús swarre litten hawwe, 18as jo, bywannear’t wy yn it lân kommen binne, dizze koarde fan reade tried net fêstbûn hawwe oan ’t finster dêr’t jo ús troch sakje litten hawwe. En jimme heit en mem, jo bruorren en jimme heite hiele húshâlding moatte jo by jo yn ’e hûs helje. 19Al wa’t út jo hûs wei nei bûten ta giet, docht dat op eigen noed, en dan geane wy frij-út. Mar elk dy’t by jo yn ’e hûs wêze sil, is op ús noed, as der in hân nei him útstutsen wurdt. 20Ferriede jo lykwols ús saak, dan sille wy frij wêze fan ’e eed oan jo, dy’t jo ús swarre litten hawwe. 21Hja sei: Sa’t jimme it sein hawwe, is it goed. Doe liet se har gean en se stieken ôf. Hja bûn de reade koarde oan it finster.
22Hja setten ôf en kamen yn it berchlân oan. Dêr bleauwen se trije dagen, oant de ferfolgers werom wienen. De ferfolgers hienen de hiele wei ôfsocht, mar gjinien fûn. 23Doe gongen de beide manlju werom; hja kamen by de bergen del, stieken oer en kamen by Jozua, de soan fan Nûn. Hja fertelden him alles wat se meimakke hienen. 24Hja seinen tsjin Jozua: Wier, de Heare hat ús dat hiele lân yn ’e macht jûn: de ynwenners fan it lân binne ek al deabenaud foar ús.