Jozua opfolger fan Mozes
1It wie nei de dea fan Mozes, de feint fan de Heare, dat de Heare tsjin Jozua, de soan fan Nûn, Mozes syn help, sei: 2Myn feint Mozes is stoarn. No dan, meitsje dy klear en gean oer de Jordaan hjirre, do en dit hiele folk, nei it lân dat Ik har, de Israeliten, jaan sil. 3Elk plak, dêr’t jimme de fuotten op sette sille, sil Ik jimme jaan, lykas Ik tsjin Mozes sein haw. 4Fan ’e woestyn en de Libanon dêrjinsen oan ’e grutte rivier de Eufraat ta, it hiele lân fan ’e Hetiten, en oan ’e grutte see yn ’t westen ta, sil jimme grûngebiet wêze. 5Gjinien sil it tsjin dy hâlde kinne, salang ast libbest. Lykas Ik mei Mozes west haw, sil Ik ek mei dy wêze. Ik lit dy net allinne en Ik gean noait by dy wei. 6Wês sterk en moedich, want do silst dit folk it lân ervje litte, dêr’t Ik har foarfaars fan sward haw, dat Ik it har jaan soe. 7Allinne: wês sterk en manmoedich, datsto de hiele wet, dy’t myn feint Mozes dy opdroegen hat, op ’en trousten neikomst. Wyk dêr net fan ôf, noch nei rjochts noch nei links, dat it dy goed gean mei oeral dêrst hinnegiest. 8Dyn oandacht foar it boek fan ’e wet mei net ferslopje, mar do moatst dêr nacht en dei mei dwaande wêze, om sa, tige krekt, nei te kommen wat dêryn beskreaun stiet, want dan sil it dy goed gean op al dyn wegen en silst ta dyn doel komme. 9Ik haw dy ommers hjitten: Wês sterk en manmoedich. Wês net benaud en net mismoedich, want de Heare dyn God is mei dy, oeral dêrst hinnegiest.
It klearmeitsjen om oer de Jordaan
10Doe joech Jozua de foarmannen fan it folk opdracht en sei: 11Gean it legerkamp troch en hjit it folk: Meitsje jimme iten klear, want noch trije dagen en dan stekke jimme de Jordaan hjirre oer om it lân te nimmen dat de Heare jimme God jim yn besit jout. 12Tsjin ’e Rûbeniten, de Gaditen en de heale stam fan Manasse sei Jozua lykwols: 13Tink oan wat Mozes, de feint fan de Heare, jimme opdroegen hat, doe’t er sei: De Heare jimme God jout jim rêst en sil jim dit lân jaan. 14Jim froulju, bern en fee meie yn it lân bliuwe dat Mozes jimme oan ’e oare kant de Jordaan jûn hat. Sels moatte jimme lykwols, al jim striidbere manlju, foar jim bruorren út oerstekke om har te helpen, 15salang oant de Heare jimme bruorren rêst jûn hat lykas jimme, en ek hja it lân yn besit nommen hawwe, dat de Heare jimme God, harren jout. Dan kinne jimme nei jim eigen lân weromgean en it yn besit nimme, it lân dat Mozes, de feint fan de Heare, jimme jûn hat oan ’e eastkant de Jordaan.
16Doe antwurden hja Jozua: Alles wat jo ús opdroegen hawwe, sille wy dwaan en oeral dêr’t jo ús hinnestjoere, geane wy hinne. 17Sa’t wy altyd nei Mozes harke hawwe, sille wy ek nei jo harkje. Mocht de Heare, jo God mar mei jo wêze, lykas Hy mei Mozes west hat. 18Elkenien dy’t tsjin jo befel yngiet en net nei jo wurden harket, yn alles wat jo ús hjitte, sil deade wurde. Wês jo mar sterk en moedich.