It oare lân wurdt te Sjilo ferparte
1De hiele gemeente fan ’e Israeliten kaam byinoar te Sjilo. Dêr setten se de tinte fan ’e moeting op, nei’t it lân dat foar har lei ûnderwurpen wie. 2Der wienen lykwols ûnder de Israeliten noch sân stammen oer, dy’t har erfdiel noch net krige hienen. 3Doe sei Jozua: Hoe lang sille jimme it noch sloere litte en gjin avansaasje meitsje mei it lân yn besit te nimmen dat de Heare, jimme foarfaars God, jimme jûn hat? 4Nim trije manlju út elke stam, dan sil ik dy útstjoere. Hja moatte har dan klearmeitsje en bereizgje it lân, om it te beskriuwen mei it each op har erfdiel. Dêrnei moatte se by my weromkomme. 5Hja moatte it ûnderinoar yn sân parten ferdiele. Juda hâldt syn gebiet yn it suden en Joazefs hûs sines yn it noarden. 6Mar jimme moatte it lân yn sân parten beskriuwe en de útslach hjir by my bringe, dan sil ik hjirre lotsje foar de eagen fan de Heare, ús God. 7Mar de Leviten hawwe gjin part yn jim fermidden, want it prysterskip fan de Heare is har erfdiel. En Gad, Rûben en de heale stam fan Manasse oan ’e eastkant fan ’e Jordaan hawwe har erfdiel al krige fan Mozes, de tsjinstfeint fan de Heare. 8Doe makken dy mannen har klear en hja gongen fuort. By de ôfreis droech Jozua har op, it lân te beskriuwen. Gean hinne, sei er, en bereizgje it lân en beskriuw it. Kom dan by my werom, dan sil ik hjir yn Sjilo foar jim lotsje, foar de eagen fan de Heare. 9Doe setten dy manlju ôf en gongen it lân troch. Hja stelden it neffens de stêden yn sân parten te boek. Dêrop kamen se werom by Jozua yn it kamp te Sjilo. 10Doe lotte Jozua foar har te Sjilo foar de eagen fan de Heare en Jozua ferparte it lân ûnder de Israeliten, elke stam syn part.
It oandiel fan Benjamin
11De famyljes fan ’e stam fan ’e Benjaminiten krigen troch it lot in gebiet tawiisd, dat tusken dat fan Juda en dat fan Joazef yn leit. 12Har grins rint oan ’e noardkant fan ’e Jordaan ôf en dan omheech nei de berchrêch noard fan Jericho, dan nei it westen omheech yn it berchlân, en rint út yn ’e woestyn fan Bet-Awen. 13Dan rint de grins dêrwei fierder nei Lûz yn it suden, dat is Bet-El, en dan del nei Atrot-Addar oer it berchlân dat súd fan Leech-Bet-Choaron leit. 14Dan makket de grins in bocht en bûcht by de westkant lâns nei it suden fan it berchlân dat súd foar Bet-Choaron oer leit nei Kirjat-Baäl, dat is Kirjat-Jeärim, in stêd fan ’e Judeeërs; dat is de westkant. 15De súdkant begjint by de râne fan Kirjat-Jeärim. Dan rint de grins út it westen wei en giet dan troch nei de wetterboarnen fan Neftoäch. 16Dan rint de grins del nei de râne fan it berchlân dat foar de delling fan Ben-Hinnom oer leit, dat benoarden de lichte fan ’e Refaïten leit, súd fan ’e berchrêch fan ’e Jebûsiten en rint dan del nei de boarne Rogel, 17en makket in bocht nei it noarden, rint fan En-Sjêmesj út en giet dan troch nei Gelilot, dat foar de berchpas fan Adûmmim leit en rint dan del nei de stien fan Bohan, de soan fan Rûben. 18Dan rint de grins troch nei de berchrêch foar Araba oer it noarden yn en rint del nei Araba. 19Fierder rint de grins troch nei de berchrêch fan Bet-Chogla it noarden yn, en rint út yn ’e ynham oan ’e noardkant fan ’e Sâltsee nei de útmûning fan ’e Jordaan yn it suden; dat is de súdgrins. 20De Jordaan makket de grins út oan ’e eastkant. Dat is it erfdiel fan ’e famyljes fan ’e Benjaminiten, mei alle grinzen dêr omhinne.
21De stêden fan ’e famyljes út ’e stam fan ’e Benjaminiten binne: Jericho, Bet-Chogla, Emek-Kesis, 22Bet-Araba, Semarajim, Bet-El, 23Awwim, Para, Ofra, 24Kefar-Haämony, Ofny en Geba; tolve stêden mei har doarpen. 25Gibeön, Rama, Beëarot, 26Mispa, Kefira, Mosa, 27Rêkem, Jirpeël, Tarala, 28Sela, Elef, Jebûs (dat is Jeruzalem), Gibeät, Kirjat; fjirtjin stêden mei har doarpen. Dat is it erfdiel fan ’e famyljes fan ’e Benjaminiten.