Jimme meie wol oppasse!
1En Job gong fierder mei sprekken:
2Sa wier as God libbet, dy’t my it rjocht ûntkeart,
de Almachtige, dy’t myn siele sa bitter makket,
3salang ’t der noch in bytsje siken yn my binne
en Gods azem yn myn noas is,
4salang sil der my uterstee gjin ûnrjocht oer de lippen komme
en de tonge my gjin falskens opjaan.
5Gjin sprake fan, dat ik jimme gelyk jaan soe,
oant de lêste sike sil ik úthâlde dat ik suver bin.
6Dat ik gelyk haw, dat hâld ik fêst en ik lit myn ein net slûpe,
gjin dei dêr’t ik my ynwindich foar skamje moat.
7Mei it myn fijân fergean as in goddeleaze,
en myn tsjinstanner as in ferkearden-ien.
8Want wat hat ien te ferwachtsjen, dy’t fan God neat witte wol,
as God him ôfsnijt, as Hy him it libben ôfnimt?
9Sil God syn skriemen hearre as er yn ’e lytse loege sit?
10Kin er syn wille fine yn de Almachtige,
kin er God aloan mar oanroppe?
11Ik sil jim bybringe hoe’t God docht.
It doel fan de Almachtige hâld ik my net oer stil.
12Jim hawwe it ommers allegearre mei eigen eagen sjoen,
mar hoe kinne jimme jim dan sa healwiis fersinne?
13Dit hat God foar mei de goddeleaze,
dit lit de Almachtige takomme oan wa’t in oar fertrapet:
14as er in heap bern krijt, dan leit it swurd foar har ree,
syn neiteam hat noait sêd iten;
15dy’t it der ôfrêde, reitsje nei in slimme dea yn it grêf
en har widdowen sille der gjin trien om litte.
16-17Al hat er jild by de rûs,
in suveren-ien sil it ferpartsje;
al hat er in berch klean oantúgd,
in rjochtfeardigen-ien sil der him mei klaaie.
18It hûs dat er bout is net mear as it húltsje fan in larve,
in foech hutte, sa’t in wachter himsels makket.
19Ryk leit er him del, mar it is foar it lêst.
Hy slacht de eagen op: der is neat mear.
20De skrik krijt him te pakken as in wetterfloed,
yn ’e nacht skuort in stoarmwyn him mei.
21De eastewyn tilt him op, fuort is er.
Dy reaget him út it stee
22en stoart op him del en sparret him net,
al hoe’t er wrakselt om oan it geweld te ûntkommen.
23De lju wriuwe har yn ’e hannen, dat it him sà fergiet,
en yn syn wenplak fluitsje se him út.