Job: Wat witte jimme it wer sekuer
1Doe naam Job it wurd. Hy sei:
2Wat hast wer in baas help west foar in swakken-ien,
wat hast de sloppe earm stipe!
3Wat hast in rie jûn oan ien dy’t it rjochte begryp miste,
wat hast my in soad ynsjoch bybrocht!
4Wat wiest op ’e tekst! Fan wa hiest dat?
Wa syn geast utere him troch dij?
Wat kinne wy in bytsje fan God ferstean
5De skimen skrilje foar Him,
djipper as it wetter en wat dêryn wennet.
6Iepen en bleat leit it deaderyk foar Him
en der is gjin tekken oer de ôfgrûn hinne.
7Hy spant it noarden út oer in wylde oarde
en hinget de ierde op oan dêr’t neat is.
8Hy bebynt it wetter yn syn wolken
sûnder dat de wolkelaach skuort.
9De moanneskiif slút Er ôf
troch syn wolk dêroerhinne te sprieden.
10Hy lûkt in grins yn ’e rûnte om it wetter hinne,
oan ’e kym, dêr’t ljocht en tsjuster inoar reitsje.
11De stilen fan ’e himel skodzje
en besauwe har, as Hy oan it beskrobjen is.
12Troch syn krêft swypket Er de see op
en ferslacht troch syn fernimstigens it seemeunster, Rahab.
13Troch syn azem wurdt de himel helder,
syn hân trochboarret de fuortslûpende slange.
14Sjoch, dit binne noch mar lytse stikjes fan syn gongen,
it is mar in flústerjen dat wy hearre –
wa sil Him dan ferstean by it tongerjen yn syn folle macht?