De kweaminsken geane mâl te wurk
1Wêrom hat de Almachtige gjin fêste rekkendagen?
Wêrom meitsje dy’t Him kenne, net mei, dat Er rjochtdei hâldt?
2Der binne guon dy’t de ôffreding weiskuorre,
se stelle de keppel fee en weidzje dy dan sels.
3De ezel fan ’e weesbern slepe se fuort,
de ko fan ’e widdo nimme se yn ûnderpân.
4Se triuwe de earme fan ’e wei, dat de lytse lju yn it lân
kinne mar meitsje dat se fuortkomme, allegearre.
5En dan moatte se har mar rêde,
krekt as wylde ezels yn ’e woestyn, dy’t fan ’e roof libje.
Ut ’e steppe moatte se brea helje foar de bern.
6Op it fjild fergearje se foer foar it fee
en it druvehôf fan ’e útpûlker geane se nei op ’e lêste frucht.
7Neaken en bleat bringe se de nacht troch,
in tekken tsjin ’e kjeld is der net.
8Fan ’e stjalprein yn ’e bergen wurde se dweiltrochwiet,
ûnbeskut klampe se har fêst oan ’e rots.
9Mar dy goddeleazen skuorre it weeske fan it memmeboarst
en wat in earmelijer oan hat, wurdt noch as ûnderpân nommen.
10Sokken kinne mar neaken en bleat omrinne,
mei de honger yn ’e hals moatte se skeaven tôgje.
11Tusken de muorren moatte se oalje parsje
en druven traapje yn ’e bak en der sels toarst by lije.
12Oeral yn ’e stêd roppe minsken yn deadsneed,
it libben dat faai stiet, ropt om help,
mar God slacht sa’n dusoarder gjin acht.
13Der binne guon, dy kinne it ljocht net ferneare,
se wolle net witte fan Gods wegen en net bliuwe op syn paden.
14De moardner bygelyks is der moarns betiid al ôf:
de earmelijers moatte dea!
As in dief nimt er nachts syn trekken waar.
15De troubrekker wachtet de jûnsskimer ôf;
hy tinkt: gjin each moat my sjen. In momkape docht er oer it gesicht.
16De dief brekt by tsjuster by de huzen yn,
oerdeis fertoant er him net, hy is skou foar it ljocht.
17Foar al sok folk is ommers de moarn as de neare nacht,
de neare nacht sels, dêr binne se oan wend.
By har útein komt lykwols it oardiel
18Hurd driuwt sa’n ien fuort oer it wetter,
ferflokt is syn erfdiel op ierde,
hy is net langer op reis nei de druvehôven.
19Sinnebrân op toarre grûn nimt yn in omsjoch it sniewetter wei;
krektsa docht it deaderyk mei de lju dy’t sûndigje.
20Syn eigen mem ferjit him, de wjirms geane oan him te gast,
net ien tinkt mear oan him: ûndogenskens wurdt ôfbrutsen as in beam.
21Want de ûnfruchtbere frou, dy’t gjin bern hat, ûnthellet er alles,
gjin inkelde widdo docht er goed.
22Hy reaget machtige lju troch syn krêft oan ’e kant;
mar as er him oerein jout, is er dochs net wis fan syn libben.
23God jout him in feilich stee, dêr’t er hâld hat,
mar Hy hâldt sokke lju yn ’e rekken.
24Se sitte in skoftsje heechoan, mar ynienen binne se fuort.
Se wurde hielendal omteard en ferskronfelje,
se hingje der slop by as in nôt-ier.
25Is it sa net? Wa doar it my ligen hjitte?
Wa seit dat der neat fan oan is, wat ik sis?